Heuvel

In heuvel as hichte is in ferhef yn it lân, dat hegernôch is om ûnderskaat te wurden fan in gloaiïng, mar leger as in berch.

Formeel is de grins tusken heuvels en bergen fêststeld by in top dy't 200 m boppe syn om-en-by útstekt; dêrboppe is it in berch, dêrûnder in heuvel.

Heuvel
Heuvels.

Yn Nederlân, dat gjin echte bergen hat, wurde heuvels al hiel gau bergen neamd, lykas de Faalserberch of de Sint-Pitersberch, dat eins gewoan heuvels binne. De bekendste heuvels fan Nederlân binne sitewearre yn Súd-Limburch, mar ek yn Gelderlân (de Hege Feluwe), Utert (de Uterter Heuvelrêch) en Oerisel (de Sallânske Heuvelrêch) komme se foar. De sânheuvels oan 'e Hollânske kust en op 'e Waadeilannen en de Siuwske Eilannen wurde dunen neamd en oer it algemien net as echte heuvels beskôge, hoewol't se dat strikt nommen wol binne.

Heuvels kinne ûntstean troch útspieling fan heechlein lân troch rivieren, lykas yn Súd-Limburch, troch it skeinen fan wat oarspronklik plat lân wie, sa't yn 'e iistiid de gletsjers dien hawwe yn Gelderlân, Utert en Oerisel, of troch sânferstowings, lykas yn 'e dunen (en likegoed yn woastinen). Fierders binne der ek noch troch minsken oanleine heuvels, lykas grêfheuvels.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Berchtme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Rhylee Richards1790Fryske gemeentenSeksuele penetraasjeAngelica BellaDomtsjerke fan GrossetoHludaneJeropaKatedraal fan PadûaJade MarcelaWytsingenMuzykMilitêr transportfleantúchSneonOlst-WijheTatrawrotmûsSkaal fan RichterWikidataInes RidereHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiHeinrich HimmlerDemokrasyCarmen HayesMaría del Carmen CarricartSeefdrukWesterske wrâldArtefakt (archeology)Afrikaanske pappegaaidoWestland WyvernRia RodrigezSeksboartersguodAugustus Oktavianus1564NeakenensKya Tropic1859Maksiminus TraksKrúswurdpuzelKatedraal fan UdinePakistanMenno BandstraKleanGielsnaffelleppelbekMegan VaughnSkamhier20 aprilMickey MouseMoskouGregoriaanske kalinderVoodoo (pornografysk akteur)Alain DeloinJ. MacJade KushFaasjeMarika FruscioMegan SalinasKoördinearre WrâldtiidDreves UitterdijkBeierske wrotmûsPearsEarmoedeLexi DiamondNicole BexleyLimoerhalskankerFideospultsje🡆 More