Landkreis Göttingen

De Landkreis Göttingen is de meast súdlike lânkring fan it Dútske bûnslân Nedersaksen.

De grinzen fan de hjoeddeiske lânkring Göttingen ûnstiene op 1 novimber 2016, doe't de besteande lânkring mei Osterode am Harz útwreide waard.

Landkreis Göttingen
Landkreis Göttingen
flagge wapen
Landkreis Göttingen Landkreis Göttingen
polityk
soarte gebiet lânkring
lân Landkreis Göttingen Dútslân
bûnslân Landkreis Göttingen Nedersaksen
haadplak Göttingen
tal gemeenten 39
kenteken GÖ, DUD, HMÜ, OHA
Kreisschlüssel 03 1 59
sifers
ynwennertal 323.900 (2020)
oerflak 1.753,41 km²
befolkingstichtens 185 / km²
oar
stifting 1973
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 51°30′ N 9°56′ E
webside side lânkring Göttingen

Geografy

De lânkring grinzget mei de klok mei (begjinnend fanút it noarden) oan de lânkringen Northeim en Goslar (Nedersaksen), oan de lânkringen Nordhausen en Eichsfeld (Thüringen) en oan de Werra-Meißner-Kreis, oan de lânkring Kassel, oan de kreisfreie stêd Kassel en oan de eksklave Kragenhof (Hessen).

It westlike diel fan de lânkring heart noch by it Weserberchlân, wylst it easten fan de lânkring in part fan de Harz foarmet. De heechste bergen fan de lânkring lizzen yn de Harz mei toppen oant 860 meter boppe seenivo. De rivier de Leine rint troch de sintrale haadstêd Göttingen. Yn Münden yn it suden fan de lânkring rinne de Werra en de Fulda tegearre. Fanôf dat punt hjit de rivier de Weser, dy't fierderop de westlike grins fan de lânkring foarmet.

Hast de helte (45%) fan de lânkring bestiet út bosk. Yn de lânkring lizze sân bekende grotten: de Himmelreichhöhle eastlik fan Walkenried, de Lichtensteinhöhle by Osterode, de Jettenhöhle yn it natoergebiet Gipskarstlandschaft Hainholz westlik fan Düna, de Marthahöhle yn itselde natoergebiet by Düna, de Steinkirche Scharzfeld by Scharzfeld, de foar toeristen iepene Iberger Tropfsteinhöhle by Bad Grund en Einhornhöhle by Scharzfeld.

Gemeenten

Landkreis Göttingen 
Gemeenten yn de lânkring Göttingen
Ienheidsgemeenten
  • Adelebsen, flekke
  • Bad Grund (Harz) (bestjoerssit yn Windhausen)
  • Bad Lauterberg im Harz, stêd
  • Bad Sachsa, stêd
  • Bovenden, flekke
  • Duderstadt, stêd, selstannige gemeente
  • Friedland (bestjoerssit yn Groß Schneen)
  • Gleichen (bestjoerssit yn Reinhausen)
  • Göttingen, haadstêd
  • Hann. Münden, stêd, selsstannige gemeente
  • Herzberg am Harz, stêd
  • Osterode am Harz, stêd
  • Rosdorf
  • Staufenberg
  • Walkenried
Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende gemeenten

Samtgemeinde Dransfeld

  • Bühren
  • Dransfeld, stêd *
  • Jühnde
  • Niemetal (bestjoerssit yn Varlosen)
  • Scheden

Samtgemeinde Gieboldehausen

  • Bilshausen
  • Bodensee
  • Gieboldehausen, flekke *
  • Krebeck
  • Obernfeld
  • Rhumspringe
  • Rollshausen
  • Rüdershausen
  • Wollbrandshausen
  • Wollershausen

Samtgemeinde Hattorf am Harz

  • Elbingerode
  • Hattorf am Harz *
  • Hörden am Harz
  • Wulften am Harz

Samtgemeinde Radolfshausen

  • Ebergötzen *
  • Landolfshausen
  • Seeburg
  • Seulingen
  • Waake
Gemeentefrij gebiet (ûnbewenne)
  • Harz (Landkreis Göttingen) (267,37 km²)
 
Nedersaksen
Landkreis Göttingen 
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

Tags:

DielsteatDútslânLandkreisNedersaksen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TsjechjeGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2014843Johan DerksenKempten2400 f.Kr.MilfpornografyWrâldkampioenskip fuotbal 19741001Stripper1301Gregoriaanske kalinderSander WarmerdamKambodja3300 f.Kr.IngelskList fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenningFirus (biology)Rachel WeiszAmerikaanske presidintsferkiezings (2020)Krystal SwiftGrutte Priis Formule 1 fan Kanada 2014KwissipedyFrouFazantSinaAntillenJiertiidHarmony WonderWrâlderfgoedlist8011700Kongres fan Wenen1601 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2010IngelânMalawyList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lân30 juny1628Grutte Priis Formule 1 fan Singapoer 20141500 f.Kr.Transfiguraasjekatedraal (Nizjni Novgorod)Shae SummersFuotbalJulia TcherneiGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2019Fagina1496RuslânSaya SongEpifanytsjerke (Solikamsk)Kamui Kobayashi1 junyPaul KustersJudas Iskariot8e milenniumGrutte Priis Formule 1 fan Yndia 2012Waylon Jennings401Job Cohen7 febrewarisVienna Black1901 f.Kr.18361790St Paul's Cathedral (Londen)1787Fellatio3700 f.Kr.J.R. Carrington🡆 More