Landkreis Hildesheim

De Landkreis Hildesheim is in lânkring yn it suden fan de Dútske dielsteat Nedersaksen.

Landkreis Hildesheim
Landkreis Hildesheim
flagge wapen
Landkreis Hildesheim Landkreis Hildesheim
polityk
soarte gebiet lânkring
lân Landkreis Hildesheim Dútslân
bûnslân Landkreis Hildesheim Nedersaksen
haadplak Hildesheim
tal gemeenten 20
kenteken HI, ALF
Kreisschlüssel 03 2 54
sifers
ynwennertal 275.464 (2020)
oerflak 1.206,03 km²
befolkingstichtens 228 / km²
oar
stifting 1977
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 52°6′ N 23°0′ E
webside side lânkring Hildesheim

Geografy

De lânkring grinzget mei de klok mei begjinnend yn it noardwesten oan de Regio Hannover, oan de lânkring Peine, oan de kringfrije stêd Salzgitter, oan de eksklave Baddeckenstedt fan de lânkring Wolfenbüttel en oan de lânkringen Goslar, Northeim, Holzminden en Hameln-Pyrmont.

Wylst de noardlike helte fan de lânkring in stedsker karakter hat, is it suden oerdutsen mei bosk. Fanút it suden streamt de Leine troch de lânkring en troch de stêden Alfeld en Gronau ferlit de rivier yn it noardwesten de lânkring. De boarne fan it rivierke de Innerste leit yn de lânkring Goslar en mûnet nei't it troch Hildesheim streamt yn de Leine. Tusken de Leine en de Innerste lizze it heuveleftige Hildesheimer Wald en de Sieben Berge.

Skiednis

It prusyske regear ferdielde yn 1885 de provinsje Hannover yn distrikten. Yn it gebiet fan de hjoeddeiske de lânkring waarden fjouwer distrikten ynsteld: Hildesheim, Alfeld, Gronau en Marienburg. Yn 1932 waard Alfeld gearfoege mei Gronau, sadat der noch trije distrikten oerbleaune. Yn 1946 fûn der yn de nije dielsteat Nedersaksen in weryndieling plak: de stêd Hildesheim waard in selstannich distrikt en de rest fan it âlde distrikt Hildesheim waard mei Marienburg gearfoege yn it distrikt Hildesheim-Marienburg. Foar Alfeld bleaune de grinzen doe itselde.

Yn 1974 ferlear Hildesheim de status fan in selstannich distrikt. Hildesheim waard ûnderdiel fan it distrikt Hildesheim-Marienburg, dat de namme Hildeshiem krige. Yn 1977 waarden Hildesheim en Alfeld gearfoege.

Gemeenten

Landkreis Hildesheim 
Towns and municipalities in Landkreis Hildesheim
Frije gemeenten Samtgemeinde
  1. Alfeld, stêd
  2. Algermissen
  3. Bad Salzdetfurth, stêd
  4. Bockenem, stêd
  5. Diekholzen
  6. Elze, stêd
  7. Freden
  8. Giesen
  9. Harsum
  10. Hildesheim, haadstêd
  11. Holle
  12. Lamspringe
  13. Nordstemmen
  14. Sarstedt, stêd
  15. Schellerten
  16. Sibbesse
  17. Söhlde
  • 1. Leinebergland
  1. Duingen
  2. Eime
  3. Gronau (sit samtgemeinde)

Keppeling om utens

 
Nedersaksen
Landkreis Hildesheim 
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

Tags:

Landkreis Hildesheim GeografyLandkreis Hildesheim SkiednisLandkreis Hildesheim GemeentenLandkreis Hildesheim Keppeling om utensLandkreis HildesheimDielsteatDútslânLandkreisNedersaksen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Brazilian waxHôfdowenPûn sterlingHelen DuvalJapansk3 febrewarisOsmaanske RykSkilderij2001Sherlock HolmesAld SelskipAlbertus Samuel Carpentier AltingWesterlauwerske FriezenGeslachtsmienskipMarten Luther24 julyFilipinenHurde pornografyTwitterBurgumBesibskipMartin Luther King9 oktoberFryske gemeentenInes RidereFriesDownload1977Ljouwert (stêd)GazastripeYslânManedo1945Gemme fan BurmaniaTwadde WrâldkriichPreeti en Priya YoungJade KushErotykItalyske talenMasturbaasjeWurdfrissel4 aprilOentsjerkOanslachEjakulaasjeMisjonarishâldingAlexa FlexyTony van der MeulenFerspriedingsgebietSalvador AllendeGina GersonÛndersoarteMya NicholeRachel AzianiNasjonaal parkGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2008Truus PostmaCarles PuigdemontNovial2000Marika Fruscio8 desimberDyami MillarsonJureka del MarBang BrosClara TrinityMårten Eskil WingeBenediktus XVIAborted🡆 More