Landkreis Osnabrück

De Landkreis Osnabrück is in lânkring yn it súdwesten fan it Dútske bûnslân Nedersaksen.

De kringfrije stêd Osnabrück leit oan de westlike kant fan de lânkring en makket sels gjin diel út fan de lânkring.

Regio Hannover
Landkreis Osnabrück
flagge wapen
Landkreis Osnabrück Landkreis Osnabrück
polityk
soarte gebiet lânkring
lân Landkreis Osnabrück Dútslân
bûnslân Landkreis Osnabrück Nedersaksen
tal gemeenten 34
kenteken OS, BSB, MEL, WTL
Kreisschlüssel 03 4 59
sifers
ynwennertal 359.471 (2020)
oerflak 2.121,63 km²
befolkingstichtens 169 / km²
oar
stifting 1972
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 52°23′ N 8°3′ E
webside side lânkring Osnabrück

Skiednis

Oant 1803 foarme de lânkring tegearre mei de stêd Osnabrück it Heechstift Osnabrück. Nei de sekularisaasje kaam it gebiet yn in koart skoftke tiid yn hannen fan ferskillende lannen: nei 1803 hearde it by it karfoarstedom Breunswyk-Luneburch, fan 1806 oant 1810 wie it Prusysk, dêrnei wie it oant 1815 ûnderdiel fan it Frânske Keizerryk en nei 1815 hearde it wer by it Keninkryk Hannover.

Mei't Hannover yn 1867 yn Prusyske hannen oergyng, gyng ek it eardere heechstift oer op Prusen.

De hjoeddeiske lânkring Osnabrück ûnstie yn 1972 troch in weryndieling fan de eardere lânkringen Osnabrück, Melle, Wittlage en Bersenbrück.

Geografy

It noardlike diel fan de lânkring heart ta de Noarddútske Leechflakte en leit net heger as 50 meter boppe seenivo. Troch it súdlike diel rinte it Teutoburger Wald en it Wiehenberchtme fan it westen nei it easten. Yn it Teutoburger Wâld leit by Bad Iburg it heechste punt fan de lânkring, de Dörenberg mei in hichte fan 331,2 meter boppe seenivo. Fan súd nei noard wurdt de lânkring trochsnien troch de Hase, wylst yn it easten de Hunte streamt. Alle twa rivieren hawwe harren boarne yn de lânkring Osnabrück.

Tegearre mei de kringfrije stêd Osnabrück foarmet de lânkring de Regio Osnabrücker Lân.

Stêden en gemeenten

Landkreis Osnabrück 
Yndieling lânkring Osnabrück

De lânkring Osnabrück bestiet út 17 ienheidsgemeenten en 4 samtgemeinden.

Ienheidsgemeenten

  1. Bad Essen
  2. Bad Iburg
  3. Bad Laer
  4. Bad Rothenfelde
  5. Belm
  6. Bissendorf
  7. Bohmte
  8. Bramsche
  9. Dissen am Teutoburger Wald
  1. Georgsmarienhütte
  2. Glandorf
  3. Hagen am Teutoburger Wald
  4. Hasbergen
  5. Hilter am Teutoburger Wald
  6. Melle
  7. Ostercappeln
  8. Wallenhorst

Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende lidgemeenten

  • = sit fan it bestjoer fan 'e samtgemeinde
  • 1. Samtgemeinde Artland
  1. Badbergen
  2. Menslage
  3. Nortrup
  4. Quakenbrück *
  • 2. Samtgemeinde Bersenbrück
  1. Alfhausen
  2. Ankum
  3. Bersenbrück *
  4. Eggermühlen
  5. Gehrde
  6. Kettenkamp
  7. Rieste
  • 3. Samtgemeinde Fürstenau
  1. Berge
  2. Bippen
  3. Furstenau *
  • 4. Samtgemeinde Neuenkirchen
  1. Merzen
  2. Neuenkirchen *
  3. Voltlage
 
Nedersaksen
Landkreis Osnabrück 
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Landkreis Osnabrück SkiednisLandkreis Osnabrück GeografyLandkreis Osnabrück Stêden en gemeentenLandkreis OsnabrückDielsteatDútslânKreisfreie StadtLandkreisNedersaksenOsnabrück

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

De Tocht fan de ArgonautenAleksejevski-kleasterNils BlommérKeppelingBibliobusMiljuschka WitzenhausenWesterske wrâldBritney SpringGeert GratamaFrysktalige WikipedyVideo Art HollandTehmeena AfzalAnita GyöngySofia RoseSweedskAnne FrankKuorbalSaskatchewanAero Contractors (Nigearia)17 novimberMediaWikiScatlers kroandoAliza RuskMegan SalinasFeriene Keninkryk22 augustusRuslânISO 3166BelgjeKwakKanadaWethâlderSkiftFiktoaria fan it Feriene KeninkrykMaya BijouJaylene RioHumusJohan DerksenReade gleeTallinnHawaïFranke SloothaakWillem de VriesIt Muzyk Giet troch de BuorrenComité flamand de FranceBauke MollemaBlankenbergeParlemintTsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste DagenAquaZoo FrieslandAfrikaTony van der MeulenYnternetTennisOffisjele taalSûdanDofûgelsDûbele puntTuistoProto-Yndo-JeropeeskNederlânskFryskFranklin D. RooseveltEchte hûneftigenWeenske oester11 febrewarisArmeenskCowgirlhâlding🡆 More