Göttingen

Göttingen (Nedersaksysk Chöttingen) is in âlde universiteitsstêd yn it súdeasten fan de Dútske dielsteat Nedersaksen.

Göttingen
Chöttingen
Merk yn Göttingen
Merk yn Göttingen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Distrikt Kreisfreie Stadt
Sifers
Ynwennertal 121.060 (2010)
Oerflak 117,26 km²
Befolkingsticht. 1.032 / km²
Hichte 150 m
Oar
Stifting 1150-1180
Koördinaten
Offisjele webside
Webside Goettingen

Ut de skiednis

Göttingen is ûntstien yn de 12e iuw en hat har namme krigen fan in doarpke dat yn 953 as Gutingi foarkomt. Yn de midsiuwen wie Göttingen in Hânzestêd. De bruorren Grimm wienen heechlearaar oan de ferneamde universiteit fan de stêd, dy't yn 1734 stifte waard.

Om 1900 hinne wie de Göttinger universiteit ít sintrum fan de teoretyske natuerkunde en wiskunde yn de wrâld. Tal fan ferneamde gelearden wiene der oan ferbûn of hawwe dêr studearre: Bernhard Riemann, Niels Bohr, David Hilbert, Max Planck, Leo Szilard, Robert Oppenheimer en noch in protte oaren fan namme. Doe't de nazi's yn 1933 de joaden ferbea om les te jaan of te studearjen, ferfarren in protte fan harren nei it bûtenlân. Dy 'braindrain' is de universiteit nea te boppe kaam.

Göttingen hat yn de Twadde Wrâldkriich net folle skea oproan. De binnenstêd hat no in soad winkels, kafees en bars. Dêrom wenje dêr in protte universiteitsstudinten dy't de stêd in jong oansjen jouwe. Yn 2003 wie 45% fan de binnenstêdsbefolking tusken de 18 en 30 jier âld.

Ekonomysk is Göttingen fan belang foar de produksje fan optyske- en presisyapparatuer; bygelyks de mikroskopydifyzje fan Carl Zeiss, Inc. sit dêr. De regio Göttingen advertearret mei it biedwurd "Measurement Valley". Yn 2003 wie it wurkleazenspersintaazje 12.6%.

It spoarstasjon oan de westkant fan de binnenstêd leit oan Dútslân syn wichtichste noard-súdspoar.

Göttingen hat twa profesjonele basketballteams; de manljus- en frouljusteams spylje yn de Basketball-Bundesliga. Sûnt it seizoen 2007/2008 dogge beide teams mei yn de 1e difyzje.

Dielen fan Göttingen

  • Deppoldshausen
  • Elliehausen
  • Esebeck
  • Geismar
  • Grone
  • Groß Ellershausen
  • Herberhausen
  • Hetjershausen
  • Holtensen
  • Innenstadt
  • Knutbühren
  • Nikolausberg
  • Nordstadt
  • Oststadt
  • Roringen
  • Südstadt
  • Weende
  • Weststadt

Berne yn Göttingen

  • Robert Bunsen (31 maart 1811)
  • Heinrich Ewald (16 novimber 1803)
  • Herbert Grönemeyer (12 april 1956)
  • Sandra Nasić (25 May 1976), sjongster fan de rockband Guano Apes
  • Bernhard Vogel (19 desimber 1932)
  • Hans-Jochen Vogel (3 febrewaris 1926)
  • Wolfgang Sartorius von Waltershausen (17 desimber 1809)


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Nedersaksen
Göttingen 
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

Tags:

Göttingen Ut de skiednisGöttingen Dielen fan Göttingen Berne yn GöttingenDielsteaten fan DútslânDútslânNedersaksenNedersaksysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Olst-WijheJohn de MolLuna CorazónDanyel CheeksMoslim1950-er jierrenPornhubLewis CarrollLibbenMuzyksjenreSint-Frederikustsjerke (Steggerda)Nashville (Tennessee)SyprusGamal Abdel NasserSûkerbôleMahina ZaltanaAngelina JolieMirka Antolović-TipurićKya TropicWilliam ShakespeareSêfte pornografyAuteursrjochtGrover ClevelandWhitney TaylorJeropaHarmony WonderISBNList fan Nederlânske gemeentenNasalearringKatedraal fan NotoLesotoEdelgasMiljardêrNicole BexleyNij-Guineä19e iuwKatedraal fan CataniaMarika FruscioSarah YoungSneonBilly GlideBlessuereMartijn Theodoor HoutsmaJenna BrooksPakistan1928Fryske FrijheidHellendoorn (gemeente)Orale seksNeakenensMalta2011Kylee StruttNasjonaal Park YellowstoneDuomo San Rufino1863IrakAdina JewelAmerican Music Award1933YnternetFilipinenRealitypornografyCJ MilesLatynHollânServjeNasjonaalsosjalismeFideospultsje🡆 More