Wiskunde

Wiskunde wurdt yn it algemien definiearre as de stúdzje fan patroanen fan struktueren, feroaring en romte; ynformeel soe sein wurde kinne dat it de stúdzje fan getallen en nûmers is.

Yn de formalistyske opfetting is it ûndersyk fan aksiomatysk definiearre abstrakte struktueren fêstlein yn logyske en matematyske notaasjes.

Wiskunde
Wiskunde

Yn de measte talen (Ingelsk: mathematics; Dútsk: Mathematik; Frânsk: mathématiques) is it wurd foar wiskunde ôflaat fan it Grykske wurd μάθημα (mathèma), dat wittenskip, kennis of leare betsjut. It Nederlânske wurd wiskunde is troch Simon Stevin yn de 17e iuw as wisconst (kuenst fan it gewisse of it sekere) oan dizze wittenskip ferbûn.

In protte ûnderwerpen fan stúdzje yn de wiskunde fine harren oarsprong yn oare eksakte wittenskippen as de natuerkunde en de astronomy. Wiskundigen bestudearje ek matematyske struktueren en ûnderwerpen om estetyske redenen of om in mear algemiene oplossing te finen foar besibbe fraachstikken op ferskate dielmêden. Der wurdt hjirby ûnderskied makke tusken de teoretyske en de tapaste wiskunde. Yn de teoretyske wiskunde bestudearje guon wiskundigen de wiskunde foar de aardichheid, wêrby't de wiskunde min of mear as keunstfoarm beskôge wurdt.

Tags:

GetalNûmer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

IngelskSasha BeartPablo PicassoMarianna MadiaAustraalje (lân)Slach om BerlynEliaNyomi Marcela1769NeakenmodelFeriene Keninkryk3 febrewarisBrazzersMicrosoft22 novimberManedoTiidsôneJierPûn sterlingRepublykYby Potlatch2014LetterJoyce OliveiraSkamte (anatomy)Grutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2001BommesmiterRosa CaraccioloSan DiegoSavana GingerMadagaskarEeldeInga RidereCowgirlhâldingOrale seksPenisMemMary DresselhuysMinskeOseaanSjongfûgelsHinWurdlEkwadorTer AardPlestikFryslânPaulina SeikolaFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952SwurdTechnologyNoardseeHeipealhâldingMaserati XXXWurdfrisselBeierenFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)PornoakteurMia LiRôfdierLongûntstekkingKroandowenJimmy WalesWurdspulDoekle TerpstraLatynJoy KissRae Lil BlackSkaai (taksonomy)BulgarijeUpskirt🡆 More