De lânkring Verden is in distrikt yn it sintrum fan it Dútske bûnslân Nedersaksen.
It bestjoerlike sintrum is Verden, tagelyk de grutste stêd fan de lânkring. De lânkring heart by de Metropoalregio Noardwest.
Landkreis Verden | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
haadplak | Verden |
grutste plak | Verden |
tal gemeenten | 11 |
kenteken | VER |
Kreisschlüssel | 03 3 61 |
sifers | |
ynwennertal | 137.133 (2019) |
oerflak | 787,97 km² |
befolkingstichtens | 174 / km² |
oar | |
stifting | 1932 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 52°58′ N 9°11′ E |
webside | side lânkring Verden |
De Aller, dy't fanút it easten de lânkring ynstreamt, mûnet yn de lânkring yn de Wezer. Yn it noarden rint de Wümme troch de lânkring. De westlike helte fan de lânkring kriget troch it oanbuorjende Bremen in drokker karakter.
De lânkring grinzget mei de klok mei fanút it noarden oan de lânkringen Osterholz, Rotenburg/Wümme, Heidekreis, Nienburg/Weser en Diepholz (allegear yn Nedersaksen) en oan de stêd en dielsteat Bremen.
Yn de lânkring lizze 11 beskerme natoergebieten. It grutste is de Fischerhuder Wümmeniederung mei in oerflak fan 772 hektare, de lytste is de Auequelle mei in oerflak fan mar 5 hektare.
De lânkring waard foarme út de twa amten Verden en Achim, stifte yn 1852 en 1859. Nei de anneksaasje fan it Keninkryk Hannover troch Prusen yn 1866, waarden de amten omfoarme ta in "Kreis" (kring). Gearfoeging fan de beide kringen fûn plak yn 1932. Yn 1939 moast de lânkring Verden by in weryndieling de twa gemeenten Hemelingen en Mahndorf oan Bremen ôfstean. Yn 1972 waard de eksklave Thedinghausen fan de yn 1974 ophefte lânkring Braunschweig by de lânkring Verden foege.
Histoarysk hearde it grutste part fan de lânkring ta it eardere ryksterritoarium Bremen-Verden. In soad ynstituten en organisaasjes oriïntearje harren ek hoeddedei noch oan de grinzen fan dat histoaryske gebiet.
Stêden | Gemeenten | Samtgemeinden fan Thedinghausen |
---|---|---|
|
|
1 sit fan de Samtgemeinde |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Verden fan Wiki Commons. |
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel Kreisfreie Städte |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Verden (Landkreis), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.