Wittmund is in distrikt (Landkreis) yn East-Fryslân in de Dútske dielsteat Nedersaksen.
It hat in oerflak fan 656,63 km² en in ynwennertal fan 57.898 (30 septimber 2004).
Wittmund leit yn it noarden fan Nedersaksen. It makket diel út fan de regio East-Fryslân, dêr't benammen it Harlingerlân ta de gemeente beheart. Dêrneist omfettet de gemeente twa Eastfryske Waadeilannen: Langereach en Spikereach.
Wittmund ûntstie as distrikt yn 1885, en waard yn 1977 mei Ammerlân en Fryslân gearfoege ta in nij, grutter distrikt Fryslân. Dy gong fan saken waard lykwols troch in rjochterlike útspraak tsjinkeard, mei as gefolch dat de trije oarspronklike distrikten yn 1980 weroprjochte waarden.
Yn 2005 is yn Nedersaksen in besjoerlike herfoarming trochfierd dêr't it ferskil tusken stêden en frije gemeenten by ferdwûn is, dy wurde no oantsjutten as Ienheidsgemeenten. Dêrneist wurkje de lytsere gemeenten gear as samtgemeinde. Wittmund hat 4 Ienheidsgemeenten en 2 Samtgemeinde, dy't mei-elkoar 15 gemeenten omfetsje.
Ienheidsgemeenten:
Samtgemeinde mei de dielnimmende gemeenten
1.Samtgemeinde Esens | 2.Samtgemeinde Holtriem
|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel Kreisfreie Städte |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Wittmund (distrikt), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.