Wümme Rotenburg

De Landkreis Rotenburg an der Wümme (ôfkoarte: Rotenburg (Wümme)) is in lânkring yn it noardeasten fan it Dútske bûnslân Nedersaksen.

Haadstêd fan de lânkring is Rotenburg an der Wümme.

Landkreis Rotenburg (Wümme)
Wümme Rotenburg
flagge wapen
Wümme Rotenburg Wümme Rotenburg
polityk
soarte gebiet lânkring
lân Wümme Rotenburg Dútslân
bûnslân Wümme Rotenburg Nedersaksen
haadplak Rotenburg an der Wümme
tal gemeenten 57
kenteken ROW, BRV
Kreisschlüssel 03 3 57
sifers
ynwennertal 164.486 (2020)
oerflak 2.070,45 km²
befolkingstichtens 79 / km²
oar
stifting 1977
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 53°15′ N 9°19′ E
webside side lânkring Rotenburg (Wümme)

De lânkring ûntstie by in weryndieling yn 1977 troch de gearfoeging fan de lânkringen Bremervörde en Rotenburg (Wümme). De oarspronklike âlde lânkring Rotenburg (Wümme) hiet oant 1969 Rotenburg in Hannover, ôfkoart Rotenburg (Hann.).

De lânkring leit tusken Bremen, Bremerhaven en Hamburch. De lânkring grinzget yn it westen oan de lânkringen Verden, Osterholz en Cuxhaven, yn it noarden grinzget it oan de lânkring Stade, yn it easten oan Harburg en yn it easten en suden oan de Heidekreis.

Geografy

De rivier de Wümme streamt fan east nei west troch de lânkring. It sompige gebiet oan de beide kanten fan de rivier wurdt de Wümmeniederung (Wümmedelte) neamt.

Bestjoerlike yndieling

Yn 2005 waard yn Nedersaksen in herfoarming fan it bestjoer trochfierd. Dêrby ferfoel it ferskil tusken stêd en frije gemeenten, dy't tsjintwurdich ienheidsgemeenten neamd wurde. In ienheidsgemeente fiert alle gemeentlike taken selstannich út. In samtgemeinde dêrfoaroer is in gearwurkingsferbân en hat lidgemeenten. De samtgemeinde fiert foar dy lidgemeenten in tal mienskiplike taken út.

De lânkring Rotenburg an der Wümme bestiet út fiif ienheidsgemeenten en acht samtgemeinden.

Wümme Rotenburg 
Gemeentlike yndieling fan de lânkring Rotenburg

Ienheidsgemeenten:

  1. Bremervörde
  2. Gnarrenburg
  3. Rotenburg (Wümme)
  4. Scheeßel
  5. Visselhövede

Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende gemeenten:

  • 1. Samtgemeinde Bothel
  1. Bothel*
  2. Brockel
  3. Hemsbünde
  4. Hemslingen
  5. Kirchwalsede
  6. Westerwalsede
  • 2. Samtgemeinde Fintel
  1. Fintel
  2. Helvesiek
  3. Lauenbrück*
  4. Stemmen
  5. Vahlde
  • 3. Samtgemeinde Geestequelle
  1. Alfstedt
  2. Basdahl
  3. Ebersdorf
  4. Hipstedt
  5. Oerel*
  • 4. Samtgemeinde Selsingen
  1. Anderlingen
  2. Deinstedt
  3. Farven
  4. Ostereistedt
  5. Rhade
  6. Sandbostel
  7. Seedorf
  8. Selsingen*
  • 5. Samtgemeinde Sittensen
  1. Groß Meckelsen
  2. Hamersen
  3. Kalbe
  4. Klein Meckelsen
  5. Lengenbostel
  6. Sittensen*
  7. Tiste
  8. Vierden
  9. Wohnste
  • 6. Samtgemeinde Sottrum
  1. Ahausen
  2. Bötersen
  3. Hassendorf
  4. Hellwege
  5. Horstedt
  6. Reeßum
  7. Sottrum*
  • 7. Samtgemeinde Tarmstedt
  1. Breddorf
  2. Bülstedt
  3. Hepstedt
  4. Kirchtimke
  5. Tarmstedt*
  6. Vorwerk
  7. Westertimke
  8. Wilstedt
  • 8. Samtgemeinde Zeven
  1. Elsdorf
  2. Gyhum
  3. Heeslingen
  4. Zeven*

* Bestjoerlike sit fan de samtgemeinde

 
Nedersaksen
Wümme Rotenburg 
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

DielsteatDútslânLandkreisNedersaksen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ferstanlike beheiningMe Before You (film)Kommunistysk ManifestKoördinearre WrâldtiidSkiednisSpoar fan Grins nei DelfsylKeninkryk Skotlân2024TransportGrins (stêd)DaunettelSint-Bonifatiustsjerke (Ljouwert)ZFrânskDollarOblast OrenburgOpstanning fan Jezus36Sophie HilbrandSolovetski-kleasterSanskrytKristenPoëzyTwadde iuwTsjechjeClara TrinityNoardfryskList fan sterke tiidwurden yn it FryskWetterstofEjakulaasjeAddis AbebaRekkenmasineNoarwegenThe Call of the Wild (film út 2020)WeimarrepublykLocustellidaeNikolo-Korelski kleasterHolokaustISO 3166Johan Rudolph ThorbeckeSicario (film út 2015)Foarbeatsjerke (Tomsk)ImerkesjongerfûgelsWyfke BrânnettelWest YorkshireBline NettelTrio (seksualiteit)Mia LiNoardwâlde (Grinslân)AC/DCBaktearjeKabinet-Rutte IVLeonid BrezjnevDôve BroeierExodusISO 3166-1Twadde WrâldkriichMarokko6 febrewarisStasjon DelfsylPippi LanghoasSwierwêzenJ. Mac37IrakEchte fazantfûgels🡆 More