Wilhelmshaven

De stêd 'Wilhelmshaven (Sealterfrysk Wülmshoawen) is in stêd yn Leechsaksen.

Hy leit yn it Aldenboarchske part fan Fryslân en de Jadeboezem. Hy waard yn 1937 mei in oare stêd, Rüstringen, ferienige. Doe hie de stêd mear as 100.000 ynwenners, hjoed net mear. Wilhelmshaven is in stêd mei sûnt de 19e iuw in grutte haven foar keaplju en de marine.

Wilhelmshaven Wilhelmshaven
Wilhelmshaven
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Wilhelmshaven Leechsaksen
Regio East-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 81.020 (2011)
Oerflak 106,91 km²
Befolkingsticht. 758 km²
Hichte 2 m. boppe seenivo
Oar
Stifting 1869
Postkoade 26351–26389
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 31' N, 8° 8' E
Offisjele webside
www.wilhelmshaven.de
Wilhelmshaven
Stêdsteater
Wilhelmshaven
Stêdhûs
Wilhelmshaven
Stêdspark

Skiednis

Yn 1853 waard tusken de steat Aldenboarch en de steat Prusen it Jadeferdrach tekene. De Prusen woenen oan de Noardsee jerne in kriichshaven bouwe en kochten dêrom fan Aldenboarch sa'n 1.000 pûnsmiet lân, dat oan de noardwestlike hoeke fan de Jadeboezem leit. It gebiet heart histoarysk by East-Fryslân. Yn 1869, by de stifting, joech kening Wilhelm fan Prusen de stêd de namme Wilhelmshaven.

It ferkochte lân hearde by de bisdommen Heppens en Nijeënde. Yn 1883 kochten de Prusen jitris 127 hektare derby. Troch de bou fan de kriichshaven woeksen de arbeidersmienskippen tige, dy't besuden de stêd lizze. Sa kaam it yn 1879 ta it stiftsjen fan it bisdom Bant en mei Heppens en Nijeënde ûntstie dêrút de Aldenboarchske stêd Rüstringen. In jiermannich libben de twa stêden, de ien ûnder Aldenboarchsk en de oare ûnder Prusysk bewâld, byïnoar en meiïnoar. Earst yn 1937 waarden de beide Jadestêden gearfoege en kamen ûnder Aldenboarchsk bewâld.

Wilhelmshaven wie nau ferbûn mei lot en ûnk fan de Dútske marine. Nei de Twadde Wrâldkriich yn 1945 stie de stêd foar de grutste en dreechste opjefte yn syn skiednis. Grutte wen- en havengebieten wienen yn 100 loftanfallen fierhinne sljochte en de werfbedriuwen wienen demontearre. Foar in soad arbeiders wie der gjin wurk. Wilhelmshaven wie de stêd mei de heechste wurkleazens yn Nedersaksen. Dat feroare stadich, doe't Dútslân Wilhelmshaven op 'e nij keas as marinestêd. De marinehelling koe wer boud wurde en ek de sivile yndustry woeks bêst.

Lokkernôch foar Wilhelmshvane wie der ferbining mei de Noardsee mei it djippe farwetter fan de Bûtenjade. Dêr koenen ek oaljetankers del en sa waard Wilhelmshaven de grutste Dútske oaljehaven. Raffinaderijen en grutte oaljetanks binne ferbûn troch oaljeliedings nei it Ruhrgebiet.

Twangarbeiderkamp "Schwarzer Weg"

Fan 1941 oant en mei 1944 wie de oan de "Schwarzer Weg" in finzenekamp foar kriichsfinzenen út de Sovjetuny. Begjin 1945 waard dat kamp omfoarme ta strafkamp foar politike finzenen út Nederlân. Yn de lêste moannen fan de Twadde Wrâldoarloch waarden hast 1000 Nederlanners, benammen Drinten, Friezen en Grinslanners, nei Wilhelmshaven deportearre. Se waarden oanwiisd troch de SD yn Assen, Ljouwert en Grins. It earste transport mei plysje-arrestanten kaam op 8 jannewaris 1945 út Grins. Se waarden ûnder ûnminsklike omstannichheden yn kamp "Schwarzer Weg" finzen holden en ta arbeidzjen twongen. Oan de "Mühlenweg" by nûmer 6 is in tinkstien ta oantinken oan it kamp.

Polityk

De Rie fan de stêd hat 42 sitten. Sa binne de sitten ferdield:

  • SPD - 17 sitten
  • CDU - 14 sitten
  • FDP - 5 sitten
  • Bündnis 90/De Grienen - 3 sitten
  • BASU – Bündnis für Bildung, Arbeit, Soziales und Umwelt - 2 Sitte
  • LAW – linke alternative wilhelmshaven - 2 Sitte
  • NPD - 1 Sit

Ferkear en transport

Auto

Trein

Skipfeart

  • De haven wie eartiids allinnich foar de marine. No farre der ek sivile skippen nei Wilhelmshaven. Wichtich projekt is de bou fan de JadeWeserPorts.

Bus

  • De ÖPNV rydt deisk op seis linen yn 'e stêd. Der binne ek ferbinings nei de omkriten, dy't regionaalbussen fan de Weser-Ems-Bus GmbH betsjinje.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Nedersaksen
Wilhelmshaven 
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

Tags:

Wilhelmshaven SkiednisWilhelmshaven Twangarbeiderkamp Schwarzer WegWilhelmshaven PolitykWilhelmshaven Ferkear en transportWilhelmshaven Keppeling om utensWilhelmshaven1937AldenboarchFryslânJadeboezemNedersaksenRüstringenSealterfrysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

20e iuwNoardwestgermaanske talenRunenWyfke BrânnettelEchte fazantfûgelsNicole OringSolovetski-kleasterJaylene RioIngelânTatjana ŠimićUnbemanne fleanmasineMTechnologyGeorgjeKneppelfreedKeninkryk Skotlân2024MediaWikiHolokaustStasjon AppingedamBoergondyske RykBestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021)CalgaryRenaultFerkundigingskatedraal (Kazan)Marijn KuipersKroaasjeList fan planetoïden 31001-32000KubaClara Trinity1960Ines Ridere5 junyBosnje26 maartList fan Romeinske steatshadenAlgemien direkteurLybjeDronrypStút (lichemsdiel)TailânEva KareraDiana, prinsesse fan WalesJudeä (Romeinske provinsje)Treblinka (konsintraasjekamp)AfantasyAmerikaanske dollarLavish Styles9 febrewarisKanonike evangeeljesIerskKomeetJierCreative CommonsFoarbeatsjerke (Tomsk)Australyske dollarWest YorkshireFulkaanProvinsjes en territoaria fan KanadaRoarikDaasjeFilmstudioImerkesjongerfûgelsPrins EdwardeilânAfganistanWet🡆 More