Regio Hannover

De Regio Hannover (Dútsk: Region Hannover) is in Kommunalverband besonderer Art yn it Dútske bûnslân Nedersaksen.

It distrikt hat in unike status yn it distriktenstelsel fan Nedersaksen. Underdiel fan de Regio Hannover foarmet de stêd Hannover, de haadstêd fan it bûnslân, dy't deselde foarrjochten hat as in stêd dy't gjin diel útmakket fan in lânkring. De Regio Hannover is wat ynwennertal oanbelanget folle grutter dan de oare lânkringen yn Nedersaksen. It bestjoer is it Regionsparlament, dat foarsitten wurdt troch de Regionspräsident. Alle fiif jier wurdt der in nij regioparlemint en in nije Regionspräsident keazen. De funksje fan in Regionspräsident is te fergelykjen mei in boargemaster yn in stêd of gemeente.

Regio Hannover
Regio Hannover
flagge wapen
Regio Hannover Regio Hannover
polityk
soarte gebiet lânkring
lân Regio Hannover Dútslân
bûnslân Regio Hannover Nedersaksen
haadplak Hannover
tal gemeenten 21
kenteken H
Kreisschlüssel 03 2 41
sifers
ynwennertal 1.155.330 (2020)
oerflak 2.290,86 km²
befolkingstichtens 504 / km²
oar
stifting 2001
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 52°25′ N 9°43′ E
webside side Regio Hannover

De Regio Hannover ûnstie op 1 novimber 2001, doe't de Kreisfreie Stadt Hannover en de lânkring Hannover gearfoege waarden.

Geografy

De Regio Hannover grinzget yn it westen oan de lânkringen Schaumburg en Nienburg, yn it noarden oan de lânkringen Heidekreis en Celle, yn it easten oan de lânkringen Gifhorn en Peine en oan Hildesheim en Hameln-Pyrmont yn it suden.

Neffens ynwennertal is Hannove de grutste stêd en wat oerflak oanbelanget is Neustadt am Rübenberge dat.

De Regio Hannover makket die út fan de Metropoalregio Hannover-Braunschweig-Göttingen.

De regio leit yn it oergongsgebiet tusken de Lüneburger Heide en middenberchtme. Yn it westen leit de Steinhuder Mar, de grutste mar fan Nedersaksen, yn it súdwesten it Calenberger Lân en de berchkaam Deister.

Stêden en gemeenten

Regio Hannover 
Gemeente yn de Regio Hannover

Alle stêden en gemeenten yn de Regio Hannover binne saneamde ienheidsgemeenten.

  1. Barsinghausen, stêd
  2. Burgdorf, stêd
  3. Burgwedel, stêd
  4. Garbsen, stêd
  5. Gehrden, stêd
  6. Hannover, haadstêd
  7. Hemmingen, stêd
  8. Isernhagen
  9. Laatzen, stêd
  10. Langenhagen, stêd
  1. Lehrte, stêd
  2. Neustadt am Rübenberge, stêd
  3. Pattensen, stêd
  4. Ronnenberg, stêd
  5. Seelze, stêd
  6. Sehnde, stêd
  7. Springe, stêd
  8. Uetze
  9. Wedemark
  10. Wennigsen (Deister)
  11. Wunstorf, stêd
 
Nedersaksen
Regio Hannover 
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

DielsteatDútskDútslânHannoverNedersaksen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

FebrewarisGrover ClevelandKommunismeKarma RosenbergCriss StrokesGrypskerkSint-Frederikustsjerke (Steggerda)NasalearringKomykWhitney TaylorCountry Music Association AwardRhylee Richards2020OrgasmeAnita GyöngyAubrey KateAfganistanSuze Boschma-BerkhoutKeningsleppelbekPresidint fan de Feriene SteatenEmiel StoffersGryptsjerkJada StevensRocky MountainsTatrawrotmûsMiranda WerkmanHunter Bryce2012HollânSkiednis fan FryslânAle S. van ZandbergenKunnilingusGregoriaanske kalinderAugust TaylorGokkenAVN AwardAfrikaanske leppelbekPersia MonirSeimunds pappegaaidoCherokee d'AssGielsnaffelleppelbekAlkoholismeLietNederlânMaksiminus TraksMuzyksjenreKânselierFaasjeWesterkertier (gemeente)NeakenensSyprusNew York Stock ExchangeMartijn Theodoor HoutsmaBetlehimAcademy of Country Music AwardJ.R. CarringtonHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiKatedraal fan OtrantoAugustus OktavianusAldskouCarmen HayesKatedraal fan PadûaProvinsjes fan NederlânDe BoarnGeology🡆 More