Fossyl

Under fossilen wurde alle resten en spoaren fan planten en dieren dy't yn de boaiem fan de ierde konservearre binne begrepen.

Wol gauris wurdt der tocht dat fossilen altyd 'ferstienne' binne, mar dat hoecht net. It wurd fossyl is ôflaat fan it Latynske fossilis, dat "opdold" betsjut. De wittenskip dy't fossilen bestudearret hjit paleontology.

Fossyl
In boarkern mei in kokkelsoart út it Plioseen

Soarten fossilen

Fossyl 
De ûndertsjeak fan in Mammoet

Fossilen wurde faak yn ferbân brocht mei de bonken fan dinosauriërs of fan mammoeten en it is yndied sa dat de hurde parten fan in organisme de grutste kâns meitsje om konservearre te wurden. By wringedieren binne dat de bonken en benammen de tosken. De sêftere weefsels fan it organisme bliuwe allinnich yn bysûndere gefallen bewarre en binne sadwaande tige seldsum. De sêftere weefsels wurde allinne bewarre as se gau bedobbe reitsje ûnder in laach dy't se ôfskermet tsjin it rottingsproses of opfretten troch bisten. Mei allinne de hurde parten is it somtiids dreech op in goed byld te krijen fan it komplete organisme.

Der binne in oantal bysûndere foarmen fan fossilisaasje. Yn bygelyks barnstien wurde soms folseine ynsekten fûn dy't ynsletten binne omdat de hars dêr't de barnstien út ûntstien is in goede ôfsluting foarmet tsjin oksidaasje. Datselde jildt yn it grut ek foar tarputten. Yn de omkriten fan de Amerikaanske stêd Los Angeles binne de La Brea tarputten dêr in goed foarbyld fan. Fan de dieren dy't yn dy tarput fêst rekke binne, bleaune de bonken faak tige goed bewarre. Boppedat loeken de dieren dy't fêst kamen te sitten faak rôfdieren oan dy't ek wêr fêst rekken. Sadwaande waard yn it Pleistoseen in "bonketsjerkhôf" foarme.

Neist bonken wurde ek oare spoaren fan libben fûn, lykas printsels fan poaten.

Gidsfossilen

Fossilen meitsje it mooglik om de âldens fan ierdlagen te bepalen. Sokke fossilen wurde gidsfossilen neamd.

Foarbylden

Keppeling om utens

Tags:

Fossyl Soarten fossilenFossyl GidsfossilenFossyl FoarbyldenFossyl Keppeling om utensFossylDierenLatynPaleontologyPlanten

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Rafael NadalIngelânRopletters1852Smithsonian YnstitútKigaliNepalKaiserslauternFedaAtlantaKursyfTsjerke fan it Hillich Antlit fan Kristus de Ferlosser (Sotsjy)Arthur Conan DoyleSilverstone CircuitTwadde iuwLynsey de PaulTomsk (oblast)Thunderball (film)It Hearrenfean (gemeente)Santa Ana (Kalifornje)Turkish Airlines19 augustusKosta RikaNottinghamshireIsraelIerdeKairo8GladiatorEastblokBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1980Eddy MerckxIstanbûl1616KonservatismeAldenburchEinar HákonarsonThe Sons of Katie Elder (film)Meindert SchroorToyotaKatedraal fan RouenDirekteurKalkoenenBoccia op de Paralympyske SimmerspullenHamletSwahily (taal)WinteroarlochAmerikaanske LegerMaarten PennewaardEva JinekUntsliepeniskatedraal (Tûla)1328Rostov oan de DonBestjoerSpulBill GatesHTMLCambridgeTsjechjeNicolette SheaEmiel StoffersEjakulaasjeJulianna VegaMafalda (pornografysk aktrise)EastenrykBeirûtMisjonarishâldingBostonMinsklike seksuele aktiviteitMarksismeGenetyske technologyYouTubePraachPornografyKrystal Swift🡆 More