Ekspresjonisme

It ekspresjonisme (fan Latyn: expressio, útdrukking) is in streaming yn de Jeropeeske keunst en literatuer fan de 20e iuw, dy't him foaral oppenearre yn de jierren 1905 oant 1940.

It ûntstie yn Dútslân as in reaksje op positivisme en oare keunstbewegings, sa as naturalisme en ympresjonisme. Yn it Ekspresjonisme besiket de keunstner syn fielen, syn ûnderfinings, út te drukken. Dizze subjektiviteit lit de waarnimmer in mear of mindere ferfoarming fan de fysike wurklikheid sjen.

Wichtich is dat de gevoelswaarde, it ûnderbewuste, dy't de keunstner meimakket nei oanlieding fan it ûnderwerp de boppetoan hat. Dit yn tsjinstelling ta it ympresjonisme dêr't it stâl jaan fan de wurklikheid, sa't de keunstner dy sjocht en fielt, foarop stiet. Sa ferfaget yn it ekspresjonisme de bining mei de sinnen waarnimbere wurklikheid faak, somtiden rekket dy hielendal fuort. Sa krije tal fan nije (keunst)foarmen harren kâns. It ekspresjonisme ken mar ien wet: der binne gjin wetten, en wetten meie net oplein wurde.

Letter is ekspresjonisme in sammelnamme wurden foar skilderúteringen dy't oan dy kritearia foldogge, los fan de streaming dêr't se fierder ta hearre kinne.

Ekspresjonisme as styl is foaral bekend yn de skilderkeunst, mar is ek in styl yn de muzyk, literatuer, arsjitektuer, toaniel en yn de film.

It abstrakt ekspresjonisme heart ek ta it ekspresjonisme.

Ekspresjonisme
Paula Modersohn-Becker
Ekspresjonisme
Egon Schiele, selsportret

Skilderkeunst

Skiednis

It ekspresjonisme sette útein yn Dútslân, foaral yn keunstnersrûnten sa as Die Brücke, Der Blaue Reiter, Die Neue Sachlichkeit en it Bauhaus. Yn 1911 brûkte Herwarth Walden foar it earst de term 'ekspresjonisme' yn syn polemysk tydskrift "Der Sturm". Ek yn dy snourje ûntstie yn Frankryk it fauvisme, in fergelikbere streaming. It ekspresjonisme hie har bloeitiid yn it earste fearn fan de 20e iuw.

Yn de skilderkeunst wurdt meastentiids fan de wurklikheid ôfwike, bygelyks troch kleurgebrûk. Kleuren wurde brûkt om de klam te lizzen op it fielen fan de keunstner. Faak wurde ek natuerlike figueren ferfoarme, ek wer om de útdrukkingskrêft te fergrutsjen.

It perspektyf wurdt ek mei sin net korrekt tapast. Oare akademyske foarm- en byldtaal wurdt mei sin mijd, sa as it tapassen fan in gulden sneed. Friedrich Nietzsche wie de geastlik tarieder fan it ekspresjonisme.

Yn "Die Geburt der Tragödie" jout Nietzsche útlis fan syn teory fan in absolúte twaspjalt yn de estetyske beleving; hy makket ûnderskied tusken in apollinysk en in dionysysk aspekt, in wrâld fan de geast, oarder en gepolijst en ien fan de berûzing, gaos, útsinnigens. It apollinyske fertsjintwurdiget "rasjoneel konsipiearre" ideaal, wylst it dionysyske stie foar de "einliken artistike konsepsje", fuortkommend út it ûnbewittene fan de minske. De parallel mei de Grykske goadewrâld joech ek de ferhâlding tusken dizze útersten oan, twa goadensoannen, net te ferienigjen en net te skieden. Neffens Nietzsche binne beide eleminten mear of minder yn in keunstwurk fertsjintwurdige.

Yn 1948 kamen in oantal fauvisten en ekspresjonisten by inoar yn de Kobra groep, omdat se gelikense tinzen oer keunst hienen. Dizze op it eekspresjonistyske fuortbreidzjende streaming is ferantwurdlik foar it oplibjen fan de moderne keunst yn fral Nederlân, mar ek Belgje en Denemark.

Kobra-keunstners binne ûnder oaren:Karel Appel, Corneille, Jan Nieuwenhuys, Christian Dotremont, Pierre Alechinski, Carl-Henning Pedersen, Asger Jorn, Constant Nieuwenhuys, Anton Rooskens en Henry Heerup.

In goed foarbyld fan hjoeddeisk ekspresjonisme binne de Nije Wylden, in Dútske keunststreaming fan nei 1945, dy't de konfrontaasje siket mei it traumatysk oarlochsferline fan Dútslân.

Ek yn eardere en lettere perioades is lykwols ekspresjonistysk wurk makke. It ekspresjonisme as styl om jin te uterjen bestiet oan it begjin fan de 21e iuw noch hieltyd. Ek yn tiden fier foar de bloeitiid binne skilders te finen dy't in soarte fan ekspresjonistyske styl brûkten (sjoch galery: El Greco).

Yn Fryslân

Yn Fryslân hat it ekspresjonisme let neifolging fûn, nei 1945, mar hat dêrnei ek lang trochset. In wichtige fertsjintwurdiger wie Gerrit Benner. Understeande Fryske keunstners heare mear by de neo-ekspresjonisten.

Skaaimerken

De grûnskaaimerken fan it ekspresjonisme binne dionysysk, skelle kleuren, kuerige bylden, rûchwei skilderje, plat flak, gjin perspektyf tapast; der wurdt mear skildere fanút it gefoel (it bern) dan fanút it ferstân (de folwoeksene, mar net sûnder doel). De skilders fan Die Brücke woene om dy reden perfoarst gjin oplieding oan in keunst akademy folgje. De Blaue Reiter hie wol keunstûnderrjocht hân, mar de regels steuren sy har net oan. It makke wol dat sy harren wurk teoretysk better ûnderbouwe koenen as de lju fan Die Brücke.

Ekspresjonistyske keunstskilders

De wichtichste ekspresjonistyske keunstskilders:

  • Dútslân: Heinrich Campendonk, Emil Nolde, Franz Marc, Ernst Barlach, Wilhelm Lehmbruck, Karl Schmidt-Rottluff, Ernst Ludwig Kirchner, Erich Heckel, Otto Mueller, August Macke, Max Beckmann, Fritz Bleyl en Paula Modersohn-Becker
  • Eastenryk: Egon Schiele, Oskar Kokoschka
  • Itaalje: Amedeo Modiglani
  • Ruslân: Wassily Kandinsky, Alexej von Jawlensky
  • Nederlân: Charles Eyck, Willem Hofhuizen, Hendrik Chabot, Jaap Min, Jan Sluyters, Rudi Bierman, Jan Wiegers en Hendrik Werkman.
  • Fryslân: Gerrit Benner, Klaas Koopmans, Freark van der Wal, Frans Walon, Jan Frearks van der Bij, Jan Roos?, Cor Reisma?, Jan Hendrik de Jong (figueratyf ekspr.), Eddy Sikma
  • Belgje: it bekende Flaamske ekspresjonisme wurdt frak brocht troch de 2e keunstnersgroep fan de Latemske Skoallen, yn de 1e helte fan de 20e iuw, mei Constant Permeke, Gustaaf De Smet, Albert Servaes en Frits Van den Berghe. Ek in James Ensor, Floris Jespers, Felix de Boeck en Albert Droesbeke wurde ta de ekspresjonisten rekkene.
  • Noarwegen: Edvard Munch
  • Ingelân/Ierlân: Francis Bacon
  • Switserlân: Paul Klee

Ekspresjonistyske arsjitektuer

Foarbylden

Ekspresjonisme 
Bremen: Böttcherstrasse: ekspresjonisme yn boukeunst
  • Sydney Opera House yn Sydney
  • Große Schauspielhaus mei in 'drupstienplafond' yn de seal yn Berlyn (Hans Poelzig)
  • Einsteintoer yn Potsdam (Erich Mendelsohn).
  • De Böttcherstraße yn it sintrum fan Bremen. Hjir is de mitseltechnyk yn reade bakstien it útdrukkingsmiddel. It strjitsje krige yn de perioade 1922-1931 as gehiel in nije bebouwing.

In oan it Ekspresjonisme besibbe streaming yn Nederlân is de Amsterdamske Skoalle.

Arsjitekten

Wichtige arsjitekten fan it ekspresjonisme binne ûnder oaren:

  • Günter Behnisch
  • Peter Behrens
  • Fritz Hoger
  • Michel de Klerk
  • Piet Kramer
  • Erich Mendelsohn
  • Giovanni Michelucci
  • Hans Poelzig
  • Eero Saarinen
  • Bruno Taut
  • Jørn Utzon

It ekspresjonisme yn de Nederlânsktalige literatuer

Wat foar de skilderkeunst jildt, jildt ek foar denliteratuer. Yn it gedicht 'Vlam' fan Hendrik Marsman wurdt net sasear yn yndruk fan eat beskreaun, mar in gefoel útdrukt mei help fan allerhanne bylden. By de skilderkeunst wurdt sprutsen oer 'deformaasjes', dit is it gebrûk fan 'ferkearde' kleuren en foarmen. It literêr lykweardige is it oantaasten fan it klasike fers. It klassike fers is in gedicht mei rym, metrum, fêste strofebou en noch folle mear regels. De saneamde frije ferzen fan it ekspresjonisme hawwe dizze skaaimerken net, of alteast minder. Boppedat wurdt de normale sinsopbou ferfongen troch ûnfolsleine en ûngramatikale sinnen en ferdwine haadletters en ynterpunksje. Ek fynt men (nije) wurdgearstallings as 'grien tsjuster', 'fiolette skimer' en 'blau gelok' (sitaten fan Marsman). Dat alles tsjinnet om de emoasje of tins sa streekrjocht at it kin te uterjen, sûnder opkeart te wurden troch it tradisjonele taalgebrûk. It ekspresjonisme yn de Nederlânske literatuer sette him ôf tsjin de Tachtigers en wie (fral yn Flaanderen) in ôfsetten tsjin it tydskrift Van Nu en Straks. De ekspresjonistyske skriuwers hikkelen ommers de yndividualistyske boargerlike kultuer dy't neffens harren yn dy fermiddens nei foaren helle waard. Dé wichtichste persoan foar it ekspresjonisme yn de Nederlânsktalige literatuer is Paul van Ostaijen. Mei syn Music-hall út 1916 liede er in nije tiid yn yn de Nederlânske literatuer. Hjir klinkt de oprop ta in universele ferbûnens tusken alle minsken. It wichtichste tydskrift dat foar dizze nije literatuer stie, hjitte, Ruimte (1920-1921).

Oare skriuwers dy't yn de geast fan it ekspresjonisme skrean hawwe: Marnix Gijsen, Wies Moens, Gaston Burssens, Karel van den Oever, Theo van Doesburg en Victor J. Brunclair.

Ekspresjonistyske filmkeunst

Benammen yn Dútslân binne yn de jierren 20 fan de 20e iuw ekspresjonistyske films makke. It bekendste foarbyld is "Das Cabinet des Dr. Caligari" (1920) fan Robert Wiene. Yn dizze film is gebrûk makke fan net-realistyske dekorstikken. Foaral it boartsjen mei linen en skaden joegen it ekspresjonistysk effekt. It dekor waard beynfloede troch de skilderkeunst fan dizze styl.

Skaaimerken

  • Stomme film - swart-wyt
  • Gebrûk fan fêste kamera's
  • Goatyske dekôrs
  • Low key beljochting, grutte skaden, ien ljochtboarne, somtiden sels op de film skildere skaden foar ekstra (surrealistysk} effekt
  • Gebrûk fan pankartes (it persoanaazje ferhellet yn de foarm fam dialogen)
  • Aksinten lizze troch ien ljochtpunt (spot), de rest tsjuster hâlde.
  • Fûgel- en kikkertperspektyf.
  • Mingeling fan realistyske- en surrealistyske bylden.

Regisseurs

De wichtichste regisseurs yn dit sjenre binne:

  • Robert Wiene
  • Friedrich Wilhelm Murnau
  • Fritz Lang
  • Georg Wilhelm Pabst

Muzyk

Yn de muzyk is Arnold Schönberg in foarbyld fan in ekspresjonistyske komponist. Syn muzyk is matematysk opboud út it idee fan de tolve-toanstechnyk. Dit hâldt yn dat alle tolve toanen fan de gromatyske toanljedder brûkt wêze moatte, foar't de toanen opnij brûkt wurde kinne. Der binne lykwols útsûnderings, yn de foarm fan patroanen. It earste patroan is it omkearen fan de earste kadins (de retrograde), it twadde it om en om ynvertearjen fan de foarste en efterste toan fan de kadins (de ynverse). De tredde is de ynverse retrograde.

Besibbe steamings

  • Fauvisme
  • Abstrakt-ekspresjonisme
  • Primitivisme
  • Postympresjonisme
  • Romantyk
  • Oriëntalisme
  • Neo-plastisisme
  • Neo-ekspresjonisme

Keppeling om utens

Tags:

Ekspresjonisme SkilderkeunstEkspresjonisme Ekspresjonistyske arsjitektuerEkspresjonisme It ekspresjonisme yn de Nederlânsktalige literatuerEkspresjonisme Ekspresjonistyske filmkeunstEkspresjonisme MuzykEkspresjonisme Besibbe steamingsEkspresjonisme Keppeling om utensEkspresjonisme1905194020e iuwDútslânLatynPositivismeYmpresjonisme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

15 desimberFilmmusicalJosy BlackLaura GemserDead LordHardenbergAllegory1564Theodor StormTiidGangbangHamasPuna-ibisSaya SongDenemarkKoolhoven F.K.58GeografySarah BanksAuke BoonemmerJezus (tradisjoneel-kristlik)Mûs (kompjûter)Marle (Olst-Wijhe)Anne FrankWrâldkampioenskip fuotbal 2006Lexi DiamondFûgelsPaleis HolyroodhouseShalina DevineTiemen GroenNôtmûsNicole BexleyIvy SherwoodGrut- en Lyts-BamastateNeakenfotografyDirck CamphuysenFacebookAbdûlazyz ibn SaûdAkkrumHTMLSekshâldingSoarteHaadsideToskaneMay ThaiElektromagnetismePeaske12 septimberKommunistysk ManifestHypotezeDútslânNeakenmodelKanielkoppappegaaidoStormy Daniels22 aprilAlpenmarmotShae SummersFrânsk-GuyanaMontevideoBoeing C-17 Globemaster III1999Sina1927Yndyske ArsjipelMaya BijouKartaachske RykArwen GoldRoekGalysjeBo SinnGlânsibisAldfrysk🡆 More