Romantyk

De Romantyk wie in rjochting yn 'e Europeeske keunst, muzyk en literatuer mei gefoel en ferbylding op 'e foargrûn (ein achttjinde-, begjin njoggentjinde iuw).

    Romantyk Dizze side giet oer de Romantykstreaming yn 'e keunst. Foar it gefoel, sjoch: romantyk (leafde).

Dêrneist gong it benammen om de leafde en it langstme nei it ferline; nei mearkes, sêgen en âlde folksferhalen.

It wie diels in reäksje op de Yndustriële Revolúsje, en ek rebûlje tsjin de aristokratyske sosjale en politike noarms fan de Ferljochting en in reäksje op de wittenskiplike rasjonalisaasje fan de natuer.

De Romatyk hie teffens in grutte ynfloed op de skiedskriuwing, it ûnderwiis en de natuerwittenskippen. Ek op de polityk hie it frijwat effekt; op it hichtepunt fan de Romantyk waard dy faak assosjearre mei liberalisme en radikalisme. Op de lange doer hat it effekt op de groei fan it nasjonalisme faaks it meast wichtich west.

De Romantyk yn de muzyk oppenearret him ûnder oare yn it wurk fan de operaskriuwer Richard Wagner. Oare ferneamde romantisy binne ûnder oaren Johann Wolfgang von Goethe, Johann Gottlieb Fichte, Caspar David Friedrich, John Keats, Johann Gottfried von Herder, Arthur Schopenhauer, Samuel Taylor Coleridge, Jean-Jacques Rousseau, William Wordsworth, William Turner, Friedrich Wilhelm Schelling, Guido Gezelle en Percy Bysshe Shelley. Yn Nederlân wurde letterkundigen as Rhijnvis Feith, Willem Bilderdijk, Multatuli en ek in politikus as Johan Rudolph Thorbecke ta de romantisy rekkene.

De meast ferneamde skriuwers út de Fryske Romantyk binne de bruorren Halbertsma, bakkerssoannen út Grou.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

18e iuw19e iuwJeropaKeunstLiteratuerMearkeMuzykSêge

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

OareheltePeymastate (Ternaard)PeriheliumVeronica BrazilTwitterKoalstofAlyssa MilanoDútsk163211 septimberOrale seksTechnologyFûgelsGlânsibisSeptember ReignSimone HorváthWylde einStasjon VriezenveenBibelMarijn KuipersKryptogramJohnny Depp22 aprilFilipinenReade wrotmûsNeakenensVanessa PrideTwadde WrâldkriichNederlânLatynSpoar fan Mariënberg nei AlmeloMaya BijouPearsSensual JaneMeindert HobbemaJisterFroulike ejakulaasjeSint-Petersburch1888KanielkoppappegaaidoEasterseeJohan DerksenBarbara DollHelp1871KazachstanYggdrasilKontraktSkiednis fan FryslânUrkAldemardumDanyel CheeksLos AngelesGrutte PierPersia MonirAudree JaymesFrânsk-GuyanaKrystal SwiftLogan LongArmeenjeGoatenYndoneezjeSúd-KoreäMinnie BeetsOeriselMediaWikiGalysjeReade ibisHûneftigen2012It BûthúsbankjeAngelica Bella2 septimberThird Degree FilmsAlfabet🡆 More