Yndyske Arsjipel

De Yndyske Arsjipel is in arsjipel fan grutte en lytse eilannen dy't tusken it skiereilân Malakka, yn Súdeast-Aazje en Austraalje lizze.

Yndyske Arsjipel
De Yndyske Arsjipel

By de Yndyske Arsjipel wurde de Grutte Sûnda-eilannen, de Lytse Sûnda-eilannen, de Molukken en de eilannen fan de Filipinen rekkene. Nij-Guinea leit op it kontinintale plat fan Austraalje en wurdt gewoanwei net ta de Yndyske Arsjipel rekkene.

De Yndyske Arsjipel foarmet mei Austraalje de grins tusken de Yndyske en de Grutte Oseaan. De westlike begrinzging fan de arsjipel is Sumatra. Yn it suden wurdt de arsjipel begrinzge troch Java en de lytse Sûnda-eilannen; yn it easten troch de Molukken en de noard-eastlike grins binne de Filipinen.

It lânoerflak fan de arsjipel is goed 2 miljoen km² en hat in befolking fan sa'n 300 miljoen. Borneo is it grutste eilân, mar op Java wenje de measte minsken.

Geologysk is it gebiet nijsgierrich: dêr leit ien fan de meast aktive fulkanyske gebieten op ierde. De heechste fulkaan is de Kinabalu op Noard-Borneo mei 4095 meter. It klimaat fan de arsjipel is fanwege de lizzing by de evener tropysk; yn it westen falt in soad rein, it easten is wat drûger.

De fauna yn it westlike part is besibbe oan dy fan Súdeast-Aazje, mei soarten sa as tigers, bearen en apen. Eastlik fan de Wallaceline komme Australyske soarten mear foar, wylst apen dêr hast net mear foarkomme.

Grutte dielen fan de Yndyske Arsjipel hearden eartiids ta Nederlânsk-Ynje. Yn it Maleisk wurdt de Yndyske Arsjipel ek wol oantsjut as Nusantara ('eilannen tusken twa wrâlden yn').

Sjoch ek

Tags:

ArsjipelAustraalje (wrâlddiel)Malakka (skiereilân)SkiereilânSúdeast-Aazje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

UnderwiisEliaKatWolverineCassidy BanksTennisHûn1839SteatOezbeken2014FacebookPlestik1980Ricki RaxxxJeropaGeorges SimenonDownblouseSarah YoungHelen DuvalHaadsideSana FeyLetterDo-eftigenMegan VaughnYves BaillatMoriah MillsSlach om BerlynFrankrykSêfte pornografy15e iuwHistoaryskYby PotlatchCarmel MooreCharles Robinson (yllustrator)Fuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952Adam en EvaWikipedyWolkekliuwerRoemeenskGina GersonJacht (aktiviteit)2009Miljuschka WitzenhausenLofthaven SkipholMina LuxxUnbreakable (film)Kya TropicOarlochsmisdieIngelskWesterlauwerske Friezen7 febrewarisHertpuzelChesty PullerKanieldoBlier3 desimberHoutGaya PatalSasha BeartOmnibus (boek)Muntsjesyl19511769Geert van TuinenMaserati XXX🡆 More