De stêd leit op de noardouwer fan it estuarium fan de Río de la Plata, dy't op dat plak 200 kilometer breed is (justjes besuden Buenos Aires, Argentynje). It oantal ynwenners berint sa'n 1,3 miljoen, benei de helte fan de totale befolking (3,3 miljoen ynw, 2004) fan it lân. De hiele metropoal (mei de departeminten Canelones en dielen fan San José) hat sa'n 1,8 miljoen ynwenners. Yn Oerûguay wurde kontreien dy't bûten dat gebiet lizze oantsjut as interior, 'binnenlân'.
Montevideo waard stifte yn 1726 troch Bruno Mauricio de Zabal', as in strategyske set yn it Spaansk-Portegeesk skeel oer de Rio Plata-regio en as tsjinhinger fan de Portegeeske koloanje by Colonia del Sacramento.
De stêd hat yn 1807 in skoftke ûnder Britsk bewâld stien en wie belutsen by de earste grutte seeslach yn de Twadde Wrâldkriich: de Slach fan de Rio Plata. It is ek it plak dêr't de Montevideo-konvinsje yn 1933 tekene waard, troch njoggentjin Amerikaanske naasjes. Yn 1930 waard it earste wrâldkampioenskip fuotbal yn Oerûguay holden. De iennige stêd dy't doe de stadions foar de wedstriden hie wie Montevideo.
Montevideo is it ekonomyske sintrum fan it lân. De stêd leit oan in baai, dy't in natuerlike haven foarmet, en op de haadrûte fan weitransport fan Buenos Aires nei Porto Alegre yn Brazylje. De stêd hat it haadkantoar fan de Mercosur en de Asociación Latinoamericana de Integración. Montevideo hat in ryk kultuereel (û.o. de tango en kandombe) en arsjitektoanysk erfgoed.
It libbensnivo yn Montevideo is heech, it heechste fan Latynsk-Amearika en beheart ta de 30 meast feilige stêden fan de wrâld.
De stad hat in waarm seeklimaat (Cfa neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen) mei in trochsneed jiertemperatuer fan 16,3 graden Celsius. Troch de súdlike wyn út Patagoanje wei (de Pampero) kin it der simmers fris en winterdeis koel oanfiele. Maksimum deitemperatuer yn de simmer leit trochstrings tusken de 30 en 40 graden en skommelje yn de winter tusken de 10 en 15 graden. Der falt likernôch 1000 mm delslach it jier.
Sport
Montevideo is de sporthaadstêd fan it lân. Fan de 16 klups yn de Primera División komme der 14 út de stêd. De grutste twa fuotbalklups binne Nacional en Peñarol, de grutte twa fan Oerûguay en twa fan de meast wichtige fuotbalklups yn Súd-Amearika, dy't meielkoar al 81 kear (fan de 103) it lânskampioenskip wûn hawwe.
Wiken yn Montevideo
Ciudad Vieja
Centro
Barrio Sur
Aguada
Villa Muñoz
Cordón
Palermo
Parque Rodó
Tres Cruces
La Comercial
Larrañaga
La Blanqueada
Parque Batlle, Villa Dolores
Pocitos
Punta Carretas
Unión
Buceo
Malvín
Malvín Norte
Parque Guaraní, Las Canteras
Punta Gorda
Carrasco
Carrasco Norte
Bañados de Carrasco
Flor de Maroñas
Maroñas, Parque Guaraní
Villa Española
Ituzaingó
Castro (of Pérez) Castellanos
Mercado Modelo, Bolivar
Brazo Oriental
Jacinto Vera
La Figurita
Reducto
Capurro, Bella Vista
Prado
Atahualpa
Aires Puros
Peñarol
Belvedere
La Teja
Tres Ombúes, Pueblo Victoria
Cerro
Casabó, Pajas Blancas
La Paloma, Tomkinson
Paso de la Arena
Nuevo París
Conciliación
Sayago
Peñarol, Lavalleja
Colón Centro y Noroeste
Lezica, Melilla
Colón Sudeste, Abayubá
Manga, Toledo Chico
Casavalle
Cerrito
Las Acacias
Jardines del Hipódromo
Piedras Blancas
Manga
Punta de Rieles, Bella Italia
Villa García, Manga Rural
Berne yn Montevideo
Alvaro Ardao (1960-2011), keunstner en dichter
José Gervasio Artigas - 19 juny1764, generaal en frijheidsstrider; stifter en befrijder fan Urûguay
José Fructuoso Rivera - 17 oktober1784, generaal en politikus, earste presidint fan Oerûguay
Comte de Lautréamont (1846-1870), Frânsk dichter
Juan Zorrilla de San Martín (1855-1931), dichter
José Batlle y Ordoñez - 21 maaie1856, earder presidint fan Oerûguay foar twa perioaden
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Montevideo fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Montevideo, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.