Franz Marc

Franz Marc (München, 8 febrewaris 1880 – Braquis, ûnder Ferdun, 4 maart 1916) wie in Dútsk ekspresjonistysk keunstskilder, tekener en graveur.

Franz Marc
Franz Marc keunstner
Franz Marc (1910)
Franz Marc (1910)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Franz Marc Dútsk
berne 8 febrewaris 1880
berteplak München
stoarn 4 maart 1916 (36 jier)
stjerplak Braquis
etnisiteit Beiersk dútsk
wurkpaad
wurksum as keunstskilder, tekener, grafikus
streaming Ekspresjonisme
Franz Marc
Frans en Maria Marc yn 1911
Foto: Wassilly Kandinsky

Marc lei him foar alles ta op bisteportretten, wêrby't er no net drekt de úterlike ferskiningsfoarm, mar wol de ynderlike essinsje fan it bist besiket te begripen. Dêrby spile de troch him betochte kleuresymbolyk in grutte rol. Bygelyks blau stie by him foar it "it manlik prinsipe, steech en geastlik" en giel foar "it froulik prinsipe, sêft, fleurich en sinlikheid". Under ynvloed fan it kubisme ferienfâldige er de foarmen ek sterk. Dêrtroch hingje syn skilderijen hieltyd mear oer nei it abstrakte. Syk lêste wurk ferwiist dúdlik nei de wiere útdrukkingskrêft fan it abstrakte ekspresjonisme.

Biografysk gegevens

  • Berne op 8 febrewaris 1880 yn München.
  • Yn 1900 wurdt er learling oan de Münchenske Keunstakademy, nei't er ophâlden wie mei syn stúdzje filosofy en teology. Ek mei dy nije stúdzje stoppet er al gau, om't er ek dêrmei gjin nije ynspiraasje opdwaan kinme.
  • Tusken 1903 en 1907 wennet en wurket er yn Parys, dêr't er ûnder mear âlde masters bestudearret yn it Louvre.
  • Yn 1907 boasket er oan Marie Schnür. It houlik rint lykwols rillegau op 'e non.
  • Yn 1910 kriget er kunde oan de lyksinnige skilder August Macke, mei wa't er rillegau goefreon wurdt en in yntinsive briefwikseling oer harren keunst fiert. Macke bringt him yn as lid fan de Neue Künstlervereinigung München.
  • Yn 1911 kriget er kunde oan Wassily Kandinsky, mei wa't er in skoftke letter de Blaue Reiter oprjochtet en it tydskrift 'de Almanak' begjint. Hy troude fannijs mei Maria Franck.
  • Yn augustus 1914 wurdt er oarlochsfrijwilliger. Hy moast kamûflaazjedoeken skilderje. Hy rekke al gau desyllúsjonearre oer de oarloch.
  • Op 4 maart 1916 wurdt er op patrûlje rekke troch in granaat en stjert.

Wichtichste ynvloeden

Galery

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It artikel Franz Marc yn de Nederlânsktalige Wikipedy

Tags:

Franz Marc Biografysk gegevensFranz Marc Wichtichste ynvloedenFranz Marc GaleryFranz Marc Keppelings om utensFranz Marc188019164 maart8 febrewarisDútslânEkspresjonismeFerdunKeunstskilderMünchenTekener

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Nicole OringCowgirlhâldingGouden IuwWikipedySaratovSúdlike wetterrôtSeksuele opwiningLjouwert (stêd)26 febrewarisMagnetyske noardpoalAlyssa MilanoJohan DerksenGrutte PierMagrebsliepmûsDoutzen Kroes2009Rigtje BoelstraJulie SkyhighfjetnamSnoadfoanNatasha Storm15 aprilTony van der MeulenStormy DanielsGreefskip Bentheim (Landkreis)Rita FaltoyanoMonosacharideDaisy SummersFoarbeatsjerke oan de NerlStoarmtroeper (Star Wars)Pinsjoen31 maartReade ibisEarmoedeSeeShae SummersCherokee (pornografysk aktrise)SlashpuzelBaalbekList fan spoarlinen yn NederlânLuna SilverPakistanList fan Fryske famkesnammenMarijn KuipersVöllenDen Ham (Oerisel)22 aprilKoolhoven F.K.58Sint-PetersburchvkeyjVanessa Pride1977MoskwaTechnologyPeter BoszWytmaskeribisAustraalje (lân)Louisiana2006ArgentynjeElegant AngelList fan sterke tiidwurden yn it Frysk1932Freddie MercuryGNU/FDL31 oktoberWurkhûsVasco da GamaAldfrysk🡆 More