Sondel

Sondel is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, east fan de bosken.

Sondel
Himrik fan Sondel
Provinsje Sondel Fryslân
Gemeente Sondel De Fryske Marren
Ynwenners (2021) 400 (2021)
Koördinaten 52°52'16.5"N 5°35'54.5"E
Netnûmer 0514
Postkoade 8565
Webstee sondel.nl

Oant 2014 lei it yn 'e gemeente Gaasterlân-Sleat. It doarp hat in lytse 400 ynwenners.

Oan de súdkant fan Sondel lizze de grutte landerijen dy't grinzje oan de seedyk dêr’t de Iselmar efter leit. West fan Sondel lizze de Gaasterlânske bosken, besuden leit it natoergebiet "de Leien".

Skiednis

Sondel 
Pleats Jacobus Boomsmastrjitte 5

It doarp Sondel is tusken 1200 en 1300 ûntstien en ûntlient syn namme oan in sânich plak by in boskje. Yn âlde geskriften wurdt it ek Sendel, Senderaland, Sindel, Syndel, Sonderaland, Sundel en Sûndel neamd. Yn 1429 hat der in fjildslach west by Sondel tusken Skieringers en Fetkeapers. Yn Sondel stie it ferneamde slot Beuckenswyk. Hjoed-de-dei stiet op it stee in pleats mei twa grutte wapenstiennen út de foarige iuwen.

Yn de Twadde Wrâldoarloch wie dêr in Dútsk barakkekamp mei ôflúster- en radarapparatuer en twa militêre stellingen.

Mienskip

It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang dy't har gearkomsten hat yn it doarpshûs. Sûnt 2004 is der in feestkommisje. Fjouwer kear yn 't jier ferskynt it boekje "Praat". De basisskoalle, dy't "Op 'e Terp" hjitte, is yn 2020 sletten. Der is in pjutteboarterplak, "Hummelterp".

Tsjerke

Sondel 
PKN-tsjerke De Haven

De Haven is de eardere herfoarme tsjerke fan Sondel. Sûnt 2007 is it ien fan de trije tsjerken fan de PKN-Aldemardum-Nijemardum-Sondel. De tsjerke datearret út de 19e iuw en ferfong in âlder tsjerkegebou. De skiednis fan de tsjerke giet werom op in foarse tsjerke út de 12e of 13e iuw, dy't oan de apostel Andréas wijd wie.

Ferienings

Sondel 
Pleats Beuckenswykstrjitte 8
  • Bilsjongers - koar
  • De Tsjasker - toulûken

Befolkingsferrin

Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2021
Ynwenners 382 488 466 284 249 390 400

Eveneminten

De Sondeler Bil is in middenstânsbeurs foar de Súdwesthoeke dy't om de twa jier yn Sondel holden wurdt.

Ferskaat

Iepenbier ferfier

Strjitten

Beamkamp, Beuckenswykstrjitte, Delbuersterwei, It Gaastdyk, J Boomsmastrjitte, Krúspaad, Noarderreed, Sondelerdyk, Sondelerleane, Swaaigat.

Berne yn Sondel

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sondel 
De Fryske Marren
Sondel 
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
wizigje

Tags:

Sondel SkiednisSondel MienskipSondel FerskaatSondel Iepenbier ferfierSondel StrjittenSondel Berne yn Sondel Sjoch ekSondelDe Fryske MarrenGaasterlân-Sleat

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

AkkrumAllegoryApheliumJisterHaadsideIerdoerflakKarel II fan IngelânOranjekoekeAuke BoonemmerMagnetyske noardpoalEbroInes RidereGnostisismeToskaneMartine LetterieWylpreagerfûgelsTwadde WrâldkriichFûgelsWikipedyHardenberg (gemeente)GeslachtsmienskipSekshâlding1429DútslânVöllenList fan spoarlinen yn NederlânJulianna VegaLos AngelesSjonger4 febrewarisMassachusettsDrugsOpen-source softwareSasha GreyYndyske Arsjipelr6h8nGymnastyk op de Olympyske Simmerspullen 1936Kartaachske RykGeldermalsenSithLisa AnnGolf fan Oman1632KryptogramGrykske mytologyCottagestyl1999RottekopVladimir Pûtin2 septimberHoratio NelsonJeropeeske Ekonomyske RomteTony van der Meulen1927HylperskDen Ham (Oerisel)ElektromagnetismeVanessa PrideInez WeskiList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânInga RidereMontevideoSlowaakskJimmy WalesRaffarinadeBeauty DiorEasterseeMarle (Olst-Wijhe)FerstoarRêchstringdierenSaturnus🡆 More