Ebro

De Ebro (yn it Spaansk) of Ebre (yn it Katalaansk) is de langste rivier fan Spanje.

De Ebro is om-ende-by 925 km lang en ûntspringt yn it Kantabrysk Berchtme yn it noarden fan Spanje. Dêrnei streamt de rivier nei it súdeasten ta en wrot him in wei tusken de Pyreneeën en it Ibearysk Râneberchtme. De Ebro streamt ûnder oaren Saragossa by lâns en mûnet út yn de Middellânske See by Tortosa.

Ebro
De Ebro op topografyske kaart fan Spanje
Ebro
De Ebro bij Burgos

De delta fan de Ebro ûnderskiedt him benammen troch ryskultuer, der wurdt in protte rys ferboud. In soad fan it oerflak dat net ynnommen wurdt foar de lânbou is op it heden beskerme natoergebiet. In protte wetterfûgels meitsje der gebrûk fan om te rêsten by de fûgeltrek (lykas de rôze flamingo).

De rivier wurdt amper brûkt foar binnenfeart, omdat it wetterpeil wakker ûngelyk is. Op sommige plakken is it wetter kanalisearre foar yrrigaasje. Grutte wetterkrêftsintrales yn de Ebro leverje goed de helte fan alle hydro-elektrisiteit fan Spanje.

Ut de skiednis

De Ebro wie oant de Twadde Punyske Oarloch yn de 3e iuw f.Kr. de grins tusken Romeinske en Kartaagske ynfloedssfearen.
De Slach oan de Ebro om Falensia te ûntsetten wie yn 1938 it lêste besykjen fan it republikeinsk regear, de nederlaach yn 'e boargeroarloch tsjin Franco noch te kearen.

Tags:

KatalaanskMiddellânske SeePyreneeënRivierSaragossa (stêd)SpaanskSpanje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

YnternetKlaarkampster MarGeslachtsmienskipLulu Chu1944September ReignIranLyts-Fryslân (Ommelannen)Cees JongsmaEala Frya FresenaTwadde WrâldkriichKaPoerdersrampKommando geanList fan Romeinske keizersFriedrich NietzscheEkshibisjonismeGewoane kjifstikelbaarchOmgong fan Itaalje 1959NederlânskPornofilmList fan planetoïden 58501-58600Video Art HollandAuteursrjochtTechnologyPaulina SeikolaMaya BijouTony van der MeulenKilesturtpappegaaidoAugust StrindbergAustraalje (lân)BiologyAileene DacostaGrutte Priis Formule 1 fan Ruslân 2019DialektMichael StefanoAngela PostmaHeather LeeAlblasserdamInga RidereWalkuere19 maaieWikidataFellatioSkermjen op de Paralympyske Simmerspullen 1976LimaStedssilhûetFlorespappegaaidoGreveslot DiezCassandra WildeSilkeborg (gemeente)Dykhurdfytsen op de Olympyske SimmerspullenHarry Truman1967NeakenensSpanje🡆 More