Vegelinsoard is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren noardeast fan De Jouwer oan it Hearrenfeanster Kanaal.
It doarp hat 385 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Vegelinsoard | ||
Súdkant fan Vegelinsoard mei komboerd | ||
Polityk | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 385 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Postkoade | 8467 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 0' NB, 5° 52' EL | |
Grevensmole | ||
Himrik fan Vegelinsoard (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân | ||
Kaart | ||
De namme Vegelinsoord is te werlieden nei de famylje Vegelin van Claerbergen, dy't yn dizze omkriten it grutte rol spile hat. Johan Vegelin fan Claerbergen (1690-1773) wie in bekende kaartemakker dy't de omkriten fan Vegelinsoard yn kaart brocht hat.
It doarp hjit pas sûnt 1955 sa, dêrfoar hiet it Stobbegat, en koart foar de nammeferoaring in skoftke Stobbegea. De namme is ûntliend oan in wetter mei dy namme.
Yn 1884 waard hjir in âld houten doopfont opgroeven. Yn 1955 binne der bewenningsspoaren út de Karolingyske tiid fûn. It besjen wurdich is de Grevensmole.
Yn 1924 waard in halte iepene yn Stobbegat (Vegelinsoard) oan it spoar Ljouwert-Swol.
Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984 foel it ûnder de gemeente Haskerlân.
It Pleatslik Belang Vegelinsoard organisearret ferskate eveneminten yn it doarp lykas it doarpsfeest. It doarpshûs hjit De Sethage. Elts jier yn novimber is Stobbepop en oant 2020 wie der yn jannwaris it festival Sniepoppe.
Tsjerklik is Vegelinsoard tegearre mei de doarpen Aldehaske en Haskerhoarne oansletten by de Protestantske gemeente Haskeroard.
It doarp hie oant en mei it skoaljier 2015/2016 ein eigen basisskoalle, De Stobbestjelp. Neitiids geane de meastebern fan it doarp nei De Jouwer of Aldehaske nei skoalle. De skoalle sels fusearre mei dy yn Haskerhoarne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vegelinsoard fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Vegelinsoard, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.