Rotstergaast

Rotstergaast, earder ek Lytse Gaast, is in doarp yn it súdeasten fan 'e gemeente De Fryske Marren.

Rotstergaast
Rotstergaast
Polityk
Provinsje Rotstergaast Fryslân
Gemeente Rotstergaast De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 175 (1 jannewaris 2023)
Oar
Postkoade 8462
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' N 5° 53' E
Kaart
Rotstergaast (Fryslân)
Rotstergaast
Lokaasje Rotstergaast yn Fryslân
Kaart
Rotstergaast
Lokaasje Rotstergaast (grien) yn 'e eardere gemeente Skarsterlân.

It doarp hat 175 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Skiednis

It doarp ûntstie fanút it doarp Rottum, dêr't útein set waard mei it oanmeitsjen fan it gebiet. Yn 1315 waard Rotstergaast fermeld as Rutnergast, yn 1350 as Gast en yn 1664 as Rotster Gaest. Yn 'e namme ferwiist gaast nei "hichte" en ferwiist Rotster nei Rottum. Yn 'e midsiuwen waard it Rutnergast neamd. Tusken Rotstergaast en Nijskoat lei Heechhout.

Rotstergaast 
Herfoarme kapel, no doarpshûs

Yn 1315 hie Rotstergaast twa kapellen, ien dêrfan waard parochytsjerke dy't oan Jehannes Baptist wijd wie. Dy tsjerke waard yn 'e 18e iuw ôfbrutsen en ferfongen troch in klokkestoel. Nei de sloop fan 'e tsjerke waard Rotstergaast in buorskip of in útbuorren fan Rottum. It westlike diel hiet eartiids Westergaast, soms ek Lytse Gaast. De ynwenners libben foar in part fan 'e fiskerij en binne letter fral boeren woarn. Lang om let waard Rotstergaast wer offisjeel in doarp en nei in skoft waard ek Snakkerbuorren by Rotstergaast foege, dat yn 'e rin fan 'e tiid as in buorskip ûntstie tusken Rottum en Rotstergaast.

Yn 1928 krige it doarp in lytse kapel, dy't hjoed-de-dei as doarpshûs brûkt wurdt.

Oant 1934 wie Rotstergaast in doarp yn 'e gemeente Skoatterlân. Dêrnei hearde it doarp yn 'e gemeente Haskerlân. By de weryndieling fan 1984 gie it doarp nei de nije gemeente Skarsterlân en sûnt de opheffing fan Skarsterlân leit de gemeente yn 2014 yn De Fryske Marren.

It doarp hat gjin skoalle mear, de bern geane yn Sint Jansgea nei skoalle. Yn 'e âlde skoalle fan Rotstergaast hat noch in skoft keunstner Allard Elout († 2016) wenne. Earder waard dit agraryske gebiet bewenne troch fiskers dy't De Tsjonger befearen.

Natoer

Yn it noardwestlike diel fan it doarpsgebiet lizze de skarlannen yn 'e Grutte Sint-Jânsgeasterfeanpolder. Oan 'e westlike râne fan dat gebiet leit it natoergebiet Easterskar. Yn it Easterskar is de fûgelhut 'de Skiere Goes'. Oan 'e Tsjonger lizze de Rotstergaaster Wâlen. Der binne by Rotstergaast ek twa lytse eilantsjes yn 'e Tsjonger.

Mienskip

Rotstergaast 
Stjelp 'Nieuw Jagtlust'

It doarpshûs fan it doarp is ûnderbrocht yn de eardere tsjerke.

Befolking

1954 1959 1964 1969 1973 2004 2022
125 270 275 262 230 215 180

Strjitten

  • Biskopswei - neamd nei pleats De Biskop.
  • Gaasterwei - foarmet de ferbining mei De Pôle yn Rotsterhaule.
  • Skoatterwei - de dyk nei Aldskoat en Nijskoat.
  • Snakkerbuorren - de buorskip Rotstergaast waard yn 1852 sa neamd troch master M.F. Koksma. Soe betsjutte kinne dat der in soad snakt of praten waard.
  • Tsjerkepaad - paad nei it tsjerkje fan Aldskoat mei in draai oer de Engelenfeart mei klaphikjes.

Oars

Oan 'e ein fan 'e Skoatterdyk yn 'e súdeastlike punt fan it doarpsgebiet is in oerset foar fytsers oer de Tsjonger.

Sjoch ek

Publikaasje(s)

  • Stichting Werkgroep Historie Sintjohannesga: Doarp oan 'e Tsjonger.


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Rotstergaast 
De Fryske Marren
Rotstergaast 
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
wizigje

Tags:

Rotstergaast SkiednisRotstergaast NatoerRotstergaast MienskipRotstergaast StrjittenRotstergaast OarsRotstergaast Sjoch ekRotstergaast Publikaasje(s)RotstergaastDe Fryske Marren

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

JapanThomas JeffersonFelipe MassaLuna SilverMarilyn Crystal1754Grutte Priis Formule 1 fan Japan 2014GokkenThe SimpsonsSkriuwerList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânGysbert JapiksGryksk1672Clara MorganeEjakulaasje1700 f.Kr.List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenningDe Sionsberch7 febrewarisFryslân BoppeKristendomPearsNeakenensCarles PuigdemontHans BakkerKemptenMichael JordanGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2017Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2015WalrusSúdsineeske SeeSpaanske grypGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2011GrikelânNoard-IerlânFeriene KeninkrykFlearBretanjeGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2014Pierre-Simon Laplace2201Rachel Weisz9 oktober1955Roomsk-Katolike Tsjerke1741Hanns EislerKwissipedyYndustrialisaasje21 febrewarisTwadde WrâldkriichNederlânsk-Ynje3401 f.Kr.Orale seksBaalbekSloveenjeGrutte Priis Formule 1 fan Kanada 2014Gert SchutteAustraalje (lân)Napoleon III fan FrankrykAmarins GevekeTechnologyAubrey KateLoppersum (Grinslân)UpstalbeamTwiljochtGroepseksDachau (Landkreis)Wrâlderfgoedlist1938🡆 More