Pierre-Simon Laplace

Pierre-Simon Laplace (Beaumont-en-Auge, 23 maart 1749 – Parys, 5 maart 1827) wie in Frânsk wiskundige en astronoom, waans wurk fan grutte betsjutting west hat foar de ûntwikkeling fan de wiskundige astronomy en de statistyk.

Hy fette it wurk fan syn foargongers gear en wreide it fierder út nei syn fiifdielige Mécanique Céleste (Himelmeganika) (1799-1825). Dit baanbrekkende wurk ferfong de mear op mjitkunde basearre stúdzje fan de klassike meganika troch in mear analityske wiskundige basis, wêrtroch't in breder skala fan problemen bestudearre wurde koe. Yn de statistyk levere Laplace in wichtige bydrage oan de saneamde Bayesiaanske ynterpretaasje fan de wierskynlikheidsrekkening .

Pierre-Simon Laplace
Pierre-Simon Laplace

Yn de wiskunde formulearre hy de fergeliking fan Laplace en wie hy de útfiner fan de Laplace-transformaasje, dy't yn in soad dielgebieten binnen de wiskundige natuerkunde foarkomt en in soad praktyske tapassingen hat yn de sinjaalanalyze fan lineêre systemen. Laplace kin as ien fan de grûnlizzers fan de wiskundige natuerkunde sjoen wurde. De Laplaciaanske differinsjaaloperator, dy't in soad brûkt wurdt yn de tapaste wiskunde, is nei him neamd.

Hy werformulearre en ûntwikkele de sinnedizehypoteze oer de oarsprong fan it sinnestelsel en wie ien fan de earste wittenskippers dy't it bestean fan swarte gatten en it besef fan gravitasjonele ynstoarting oannommen.

Seker yn Frankryk, dêr't hy yn it ferline wol oantsjutten waard as in Frânske Newton of de Newton fan Frankryk, wurdt hy sjoen as ien fan de grutste wittenskippers fan alle tiden, mei in grutte natuerlike wiskundige jefte, grutter as syn tiidgenoaten.

Yn 1806 waard Laplace troch Napoleon ta greve fan it Earste Frânske Keizerryk beneamd. Nei de Bourbon Restauraasje waard hy yn 1817 promovearre ta markys.

Yn 1816 waard Laplace keazen as lid fan de Académie française. Hy is ien fan de 72 Frânsken waans nammen op de Eiffeltoer oanjûn binne.

Wurk

Laplace wie dwaande mei ûnder mear wierskynlikheidsrekkening, differinsjaalfergelikingen en de tapassing fan de wiskunde yn de astronomy en de natuerkunde.
Under syn wiskundige ûntdekkingen binne de Laplacetransformaasjes, de teory fan generearjende funksjes en it bewiis fan de Stelling fan De Moivre-Laplace yn de wierskynlikheidsrekkening. Laplace hat ek baanbrekkend wurk dien yn de 'hemelmeganika', dat hy publisearre hat yn Traité du Mécanique Céleste. Hy bewiisde de stabiliteit fan it sinnestelsel: de ferskate planeetbanen fertoane gjin ynstabiliteiten dy't ta ejeksje fan planeten út it sinnestelsel liede. Dit bewiis is lykwols net slutend blykt. Wyls is oantoand dat it sinnestelsel strikt nomd gaoatysk is en dat soksoarte útspraak net te bewizen is.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Tags:

1749182723 maart5 maartAstronomyAstronoomFrankrykParysStatistykWiskundige

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

GlasgowFinlânSkimmelsLingua francaPausLân5Wiskunde7Minsklike seksuele aktiviteitSwarte SeeFingerjenHaskerlânFeriene keninkrykKubaMisjonarishâldingCatharina Rebecca WoesthovenTelefyzjeprodusintLovette (pornografysk aktrise)LybjeKristenHôpital LariboisièrePresidintJuliaanske kalinder6KarakterisearringMiggeswam95LatynSean LawlessSint-Marten (lân)IngelskKlassikusSarah BernhardtJake SteedJapanskHarry TrumanMyteSekshâldingMaitiidThe King's Speech (film)Q2014Gaspard BauhinAustraalje (lân)LaosSúdhollânske EilannenRuslânJier212013Hagia Sofia (Istanbûl)HaadsideHielûnthâlding20e iuwNazy-DútslânRoemeenjeOflûken (seksualiteit)KurasauPhilip, hartoch fan EdinburghList fan lannen en territoaria1946GeslachtsmienskipTMicrosoftAlberto AscariKavalery2016SlowakijeUT-sekshâldingChina National Space AdministrationMargareta Drummond, keninginne fan Skotlân🡆 More