Microsoft

Microsoft Corporation is in Amerikaanske kompjûtersoftwareprodusint fêstige yn Redmond (Washington).

It bedriuw is benammen bekend om de bestjoeringssystemen MS-DOS, Windows en kantoarsoftware lykas Microsoft Office. It bedriuw ferkeapet ek toetsebuorden, kompjûtermuzen en ferskate kompjûterspullen. Fan de kompjûterspullen is de Age of Empires rige bekend. Microsoft ûntwikkelet ek spullen foar syn eigen spulkompjûter: de Xbox en foar de opfolger fan de Xbox, de Xbox360.

Microsoft
Microsoft-opliedingssintrum

Programma's

Dit binne de meast wichtige programma's dy't microsoft útjûn hat:

  • MS-DOS
  • Microsoft Dynamics
  • Microsoft Encarta
  • Microsoft Flight Simulator
  • Windows Live Messenger
  • Windows Live OneCare
  • Windows Live Mail Desktop (e-mail)
  • Microsoft Musical Instruments
  • Microsoft Office
    • Microsoft Access
    • Microsoft Excel
    • Microsoft Outlook
    • Microsoft PowerPoint
    • Microsoft Visio
    • Microsoft Word
    • Microsoft FrontPage
    • Microsoft Groove
    • Microsoft OneNote
    • Microsoft Infopath
    • Microsoft Publisher
    • Microsoft Project
  • Microsoft Sharepoint Portal Server
  • Microsoft SQL Server
  • SQL Reporting Services
  • Visual Studio
  • VirtualPC
  • Microsoft Windows
    • Microsoft Internet Explorer
    • Microsoft Outlook Express
    • Windows Media Player
    • Windows Sharepoint Services
  • Microsoft Works
  • Xenix

Skiednis

Yn 1975 waard it bedriuw oprjochte troch Bill Gates en Paul Allen. It earste produkt wie in BASIX-interpreter foar ferskillende kompjûters lykas de MITS Altair 8800, Commodore VIC-20 en Commodore 64. Microsoft ûntjoech him hiel fluch nei't se fan IBM in opdracht krigen om in bestjoeringssysteem te skriuwen foar de IBM-PC yn 1980. Microsoft hie sels gjin bestjoeringssysteem en kocht dêrom de QDOS foar $50.000,- fan in lyksoartich bedriuw. QDOS waard omtsjoene ta MS-DOS en mei lisinsje oan IBM jûn.

Yn 1981 begûn Microsoft mei it meitsjen fan in grafysk brûkersdiske foar MS-DOS mei de namme Interface Manager dat letter Microsoft Windows neamd wurde soe. Yn 1985 waard Windows 1.0 buorkundich makke. Jierren letter makken IBM en Microsoft in nei bestjoerinssysteem ûnder de namme OS/2. IBM en Microsoft krigen spul mei elkoar en woenen net mear fierder oparbeidzje. Microsoft wurke fierder oan de ûntjouwing fan Windows en IBM makke OS/2 Warp. Microsoft hie yn de konkurrinsjestriid mei IBM mear sukses omdat Windows 3.0 en 3.1 flugger wienen en mear WYSIWYG-applikaasjes lykas Word besikber hie. Microsoft krige syn monopoly mei it útbringen fan Windows 95 en de Microsoft Office pakketten.

Meiwurkers en omset

Histoaryske ûntjouwing
Jier Meiwurkers Omset
yn mln. $
1980 40 8
1981 125 16
1982 200 32
1983 383 69
1984 608 125
1985 910 140
1986 1.200 197
1987 2.000 300
1988 2.800 590
1989 3.900 804
1990 5.200 1.186
1991 11.700 1.847
1992 15.300 2.777
1993 16.500 3.786
1994 20.900 4.714
1995 17.800 6.075
1996 20.561 9.050
1997 22.232 11.936
1998 27.055 15.262
1999 31.575 19.747
2000 39.170 22.956
2001 48.030 25.296
2002 50.621 28.365
2003 54.468 32.187
2004 57.086 36.835
2005 61.000 39.778
2006 71.172 44.280
2007 78.565 51.120
2008 91.259 60.420
2009 92.736 58.440

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Microsoft ProgrammasMicrosoft SkiednisMicrosoft Meiwurkers en omsetMicrosoftFeriene Steaten fan AmearikaKompjûterspulMS-DOSMicrosoft OfficeMicrosoft WindowsRedmond (Washington)SoftwareToetseboerd

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Leonid BrezjnevNederlânTsjoevasjiëKaratsjaj-TsjerkessiëLofthaven Londen HeathrowNeakenfotografyBoerjatiëMidslânskSûger (plant)FerkrêftingSinaDominion NijfûnlânAfganistanLiuwe H. WestraKurt GödelKommunistysk ManifestSanta Ana (Kalifornje)IrakPepiniden1814FryslânList fan planetoïden 24001-2500024 maartKollegiale tsjerke (Neuchâtel)PoëzyList fan planetoïden 17001-180002000-er jierrenTony BeetsThe New York TimesShae SummersNoardwâlde (Grinslân)1957List fan planetoïden 1001-2000Artefakt (archeology)14e iuw18 junyFryslânDOKYvette BovaSingapoerLudwig van BeethovenAppingedamSpoar fan Grins nei DelfsylOmanSpienFerstanlike beheiningDon't Stop Me NowKarelië (dielrepublyk)Solovetski-kleasterKeizerlike Japanske MarineNHL Stenden Hogeschool923James A. MichenerSkearmês fan OckhamFrysktalige WikipedyÛntslach5 desimberSebastopolList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânMarkus Tullius SiseroRjochtsaakISBNHenny Tuinhout-de LeeuwMegan SalinasGeslacht (sekse)Marije CornelissenHeather LeeBob DylanRosa CaraccioloJuliaanske kalinderIvy SherwoodSinnestelsel10e iuwNoelle Easton🡆 More