Walrus

De walrus (Odobenus rosmarus) is in robbe soarte dy't yn de kâlde seeën fan it noardlik healrûn foarkomt.

De walrus heart ta de oarder fan de rôfbisten (Carnivora) en is de iennichste noch libjende soarte yn de famylje fan de walrussen (Odobenidae)

walrus
Walrus
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje walrussen (Odobenidae)
skaai echte walrussen (Odobenus)
soarte
Odobenus rosmarus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet
Walrus

Skaaimerken

In opfallende skaaimerk fan de walrus binne de lange slachtosken. Beide seksen hawwe se, mar by it mantsje binne se meastal langer, rjochter en steviger. Oer it algemien wurde de slachtosken sa 'n fyftich sintimeter lang.

In oar opfallend skaaimerk binne de snorhierren dy't as in boarstel fan de boppelippe nei ûnderen hingje. De kop fan 'e walrus is frij lyts, foaral yn ferhâlding ta it lichem. Ek de eagen en de earen binne net sa grut.

De walrus heart ta de grutste leden út de oarder fan de rôfbisten; inkeld de seeoaljefanten wurde grutter. In folwoeksen walrus weaget tusken de sânhûndert en de twatûzen kilogram. De mantsjes (bollen) binne meastal folle grutter as de wyfkes (kij). De bollen wurde 280 oant 360 sm lang, yn trochsneed 320 sm, en de kij 230 oant 310 sm, trochsneed 270 sm. In bolle weaget faak mear as in ton, gemiddeld sa 'n 1270 kilogram, en in ko yn trochsneed 850 kg. De walrus hat in skouderhichte fan trochsneed ien meter.

Fuort nei de berte hat in walrus in griisbrune kleur, dy't nei in wike of twa helder readbrún wurdt. Yn 'e rin fan 'e jierren wurde se hieltyd ljochter om úteinlik gielich brún te wurden. Oan de kleur is dus de âlderdom fan in walrus te skatten. In sûn, folwoeksen bist hat in kanielbrune kleur, âldere mantsjes kinne sels hast wyt fan kleur wêze. By hegere temperatueren rekket de hûd fersêde mei bloed, wêrtroch't de bisten in readige kleur krije.

In jonge walrus hat noch gjin slachtosken, mar al wol in folslein gebit. Nei't de beide slachtosken (de beide boppeste hoektosken) begjinne te groeien, ferlieze se al gau harren snijtosken en ek de oare tosken geane ferlern. Lykas de (wierskynlik besibbe) earrobben hawwe walrussen tige beweechlike flippers wêrtroch 't se oan lân beweechliker binne as bygelyks in seehûn. De penisbonke fan de bollen is mei in lingte fan mear as 60 sintimeter it langste yn it hiele bisteryk, sawol yn absolute lingte as ek yn ferhâlding ta de lichemsgrutte.

Libbensgebiet

Meastal ferkeare walrussen op it driuwiis yn de poalsee. Yn 'e hjerst en winter lûke se it suden yn om it pakiis te mijen. Se ferlitte it poalgebiet, op in inkeld aventoerlik eksimplaar nei, lykwols hast nea. Winterdeis hâlde se harren foaral op lâns de rânen fan it pakys of yn gebieten mei permanint iepen wetter. Simmerdeis ferbliuwe se benammen oan de kust fan it fêstelân en op lytse eilantsjes. Walrussen binne selden fierder as fyftjin kilometer fan de kust ferwidere.

Fryslân

Fan de Atlantyske walrus wurde soms waarnimmingen dien yn Fryske wetters. Yn 'e hjerst fan 2021 befûn har wikenlang in solitêr froulik eksimplaar yn de Waadsee, dêr't sy ûnder oare de sânplaat Simenssân njonken Skiermûntseach, yn de haven fan Harns en op Skylge sjoen waard. Tocht wurdt dat de soarte faker ús kusten besiket, mar meastal oan de waarnimmingen ûntkomt.

Undersoarten

Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden yn fjouwer fan inoar skieden populaasjes:

  • Atlantyske walrus (Odobenus rosmarus rosmarus) - De westlike populaasje komt foar fan de Hudsonbaai oant de westkust fan Grienlân. De eastlike populaasje libbet tusken de eastkust fan Grienlân en Spitsbergen.
  • Pasifyske walrus (Odobenus rosmarus divergens) - Hâldt winterdeis yn de Beringsee ta. Simmerdeis lûke se troch de Beringstrjitte noard nei de Tsjoektsjesee. De Pasifyske walrus wurdt meastal grutter as de Atlantyske walrus.
  • Sibearyske walrus (Odobenus rosmarus laptevi) Komt foar oan de noardkust fan Sibearië.

Libbenswize

De walrus is in sosjaal deibist, dat in grut part fan syn libben yn it wetter trochbringt. Dêr fine se ek har belangrykste iten: twakleppige skulpbisten.

Iten

Walrus 
De moksel is it wichtichste iten fan de walrus.

Walrussen sykje it iten yn it wetter wêrby't se oant hûndert meter djip en tritich minuten dûke kinne. It measte iten sykje se lykwols op in djipte tusken de tsien en de fyftich meter, wêrby't se sa'n tsien minuten ûnder wetter bliuwe. Se fange soms fisk, mar har bestiet benammen út twakleppigen as moksels, en ek oare boaiembisten sûnder wringen lykas slakken, kreefteftigen en stikelhûdigen as seekomkommers. Walrussen ite oant fiifenfjirtich kilogram oan iten op in dei.

By it sykjen nei dit iten yn 'e modderige boaiem brûke se har snor, dêr't se it sân mei útkame. De snor is tige gefoelich en de walrus kin dêrmei in tige lytse stien fan in hiel lytse moksel ûnderskiede. De slachtosken wurde hjirby net brûkt. Moksels en slakken wurde kreake tusken de foarflippers of tusken de lippen. Under iten krije se ek in grutte hoemannichte sân en grint binnen.

Hoewol't lytse bisten dus de basis fan it iten foarmje skrikt in walrus net werom foar gruttere proai. Oare robbesoarten wurde soms troch in walrus fongen en opiten. Omdat walrussen gjin aktive jagers binne, komt dat lykwols net geregeldwei foar. Se ite somtiden ek fûgels.

Echte fijannen hat de walrus amper. In iisbear sil sa no en dan besykje in keppel op te skrikken om him te fergripen oan efter bliuwende swakke of jonge bisten, mar sil net gau in sûn folwoeksen bist oanfalle. Ek orka's gripe soms in walrus. Walrussen kinne bysûnder agressyf wêze tsjin iisbearen, mar ek tsjin wite dolfinen.

Sosjaal gedrach

Walrus 
Keppel walrussen by Cape Lisburne de Feriene Steaten

Sawat de helte fan har libben hâlde walrussen ta lâns de kust fan poalannen of oan de râne fan it pakiis, dêr 't se har sammelje yn grutte keppels, wêrby't de bisten faak hiel ticht opinoar lizze. In solitêre walrus is seldsum. Meastentiids giet it dan om in siik, ferdwaald of ferwûne bist.

Bûten de peartiid binne dizze keppels per geslacht skieden. Binnen in keppel bestiet in fêste rangoarder dy't bepaald wurdt troch grutte fan de slachtosken en lichems grutte. Foaral bollen kinne, sels bûten de peartiid, gefjochten oangean dy't meastal as oarsaak striid om in rêstplak hawwe. As driigje net genôch is dan wurdt de striid oangien wêrby't ek de slachtosken brûkt wurde, wat faak ta flinke wûnen liedt.

Yn de djoeitiid sammelje de walrussen har yn noch gruttere keppels dy't út tûzenen bisten bestean kinne. Kuststripen mei in lingte fan hûndert kilometer of mear wurde dan troch in inkelde koloanje beset. Jonge en swakkere bollen hawwe yn 'e konkurrinsjestriid gjin kâns en sammelje har oan 'e râne fan 'e groep. Foar elke tweintich kij is der in bul dy 't sterk genôch is om in harem foar himsels te feroverjen. Ek hjir komt it faak ta heftige gefjochten tusken bollen.

Fuortplanting

De djoeitiid falt yn jannewaris en febrewaris. It jûtsen bart nei alle gedachten yn it wetter. De walrus hat in ferlingde draachtiid: nei de befruchting wurdt de aaisel in skoft (likernôch sa'n 4 oant 5 moanne) sliepende holden (it ûntwikkelet him dan net fierder) foardat de eigentlike draachtiid begjint. 14 oant 16 moannen nei de pearing wurdt in jong berne, fan mids april oant mids juny.

Der wurdt hieltyd mar ien jong berne dat by de berte sawat in meter lang is en 60 kilogram swier. Hy kin fuortendaliks swimme. Twillingen binne seldsum, mar komme foar. As de mem swimme sil, hâldt it jong him fêst oan de nekke. Ek hâldt de mem it jong fêst tusken de foarpoaten.

Nei twa jier wurdt it jong ôfwend , mar it bliuwt noch ien oant trije jier by de mem. De wyfkes bliuwe meastentiids by de wyfkes, mantsjes slute har oan by oare jonge mantsjes.

Wyfkes binne meastal geslachtsryp at se fiif oant seis jier binne, de mantsjes mei njoggen jierop njoggenjier. Mantsjes sille harren meastentiids pas fuortplantsje as se 14 oant 16 jier âld binne.

In walrus kin fjirtich jier âld wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Walrus SkaaimerkenWalrus LibbensgebietWalrus UndersoartenWalrus LibbenswizeWalrusNoardlik healrûn

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Alexa FlexyInstitut polytechnique de ParisPearsNoelle EastonPinsjoenAshlynn LeighNeakenfotografyPeta JensenBo SinnReadboarstkroandoNList fan Nederlânske gemeentenKlaaifryskLychtensteinJacques MonaschTerritoarium HawaïHessel Vegelin fan Claerbergen (1655-1715)WetRoxy RayeYnvestearjenErika BellaPenisSkamhierRotterdamFellatioNeakenmodelISO 3166Cees DoumaList fan sterke tiidwurden yn it FryskSúdwesthoekskHier (begroeiïng)KraachdoPavel DoerovAbbekaatSkiednis fan de provinsje FryslânIngelskBombayAudree JaymesTynaarlo (gemeente)Austraalje (lân)ReedridenNeakenensNika NoireMuzykSúdlarenMargot BegemannMediaWikiTiffany Towers (pornografysk aktrise)Wyts JuwsmaVanessa SkyKlone (band)Johan Vegelin fan ClaerbergenMasturbaasjeAleksander de GrutteMarijn KuipersJoyce OliveiraPornofilmEdsger Wybe DijkstraOldehoveHaadsideIvan KramskojMisjonarishâldingJachtfleanmasineDjakartaFeriene SteatenGina GersonEchte apolloflintersNovialMinnie Beets🡆 More