Robert Koch

Heinrich Hermann Robert Koch (Clausthal, 11 desimber 1843 – Baden-Baden, 27 maaie 1910) wie in Dútsk medikus.

Robert Koch
Robert Koch
Robert Koch
Koch syn hantekening

Libben

Koch waard berne yn de hûshâlding fan Hermann Koch (mynbouyngenieur) en Mathilde Koch-Biewend; der wiene trettjin bern. Yn syn jonkheid samle er mineralen, ynsekten en koarstmoassen. Hy sette út ein mei de stúdzje medisinen yn 1862 oan de universiteit fan Göttingen.

Hy waard ferneamd troch it ûntdekken fan de oarsaak fan myltfjoer (Bacillus anthracis) yn 1877, tuberkuloaze (Mycobacterium tuberculosis) yn 1882 en golera (Vibrio cholerae) yn 1883 en ek troch it formulearjen fan de Kochs postulaten.

Nei Koch's súkses rûn de kwaliteit fan sy ûndersyk tebek (dêr wie it fiasko fan syn tuberkuloaze genêsmiddel "tuberkuline" dat net blykte te wurkjen), hoewol't syn learlingen de feroarsakers fan diftery, bûktyfus, longûntstekking, gonorrhoe, serebrospinale harsenfluesûntstekking, lepra, bûdepest, tetanus, en syfilis fûnen, ûnder oaren troch syn metoaden ta te passen.

Robert Koch stoar op 27 maaie 1910 troch in hertoanfal yn Baden-Baden, yn de âldens fan 66 jier.

Foar it ûntdekken fan de baktearje dy't tuberkuloaze feroarsaket krige er yn 1905 de Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde. Yn 1906 waard er opnaam yn de eksklúsive Oarder "Pour le Mérite".

Koch syn postulaten

De Kochpostulaten binne:

  1. It mikroörganisme moat oerdiedich oanwêzich wêze yn organismen dý't fan de sykte te lijen hawwe, mar soene net fûn wurde moatte yn sûne bisten.
  2. It mikroörganisme moat isolearre wurde út in siik organisme en kweekt wurde yn in suvere kultuer.
  3. It kweekte mikroörganisme moat sykte feroarsaakje at it yn in sûn organisme brocht wurdt.
  4. It mikroörganisme moat op 'en nij isolearre wurde út it inte, ferstoarne, eksperimintele gastorganisme en identifisearre wurde as de gelikense fan it oarspronklike siikmeitsjende middel.

Bibliografy

  • Methoaden foar it bestudearjen fan siikmeitsjende organismen (1880)

Tags:

11 desimber1843191027 maaieBaden-BadenDútslân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Heather LeeDanyel Cheeks20082023FriezenKeallepoatJureka del MarGokkenAustraalje (lân)Neakenens1790PornoakteurPornofilmTiffany Towers (pornografysk aktrise)Katee OwenSalomonseilannenEastenrykList fan Frysktalige tydskriftenLuma CariocaMasturbaasjeSuffolkLeppeltsje-leppeltsjeDomtsjerke fan OrvietoSandy MilzServjeNew York Stock ExchangeMilitêr1933Martijn Theodoor HoutsmaDigital Sin2012ISO 3166-1Jasmine AlohaGrou (plak)Vanessa SkyFrysk Ynternasjonaal KontaktAnno GalamaSilyMahina ZaltanaAfrikaanske leppelbekJean-Yves LecastelRosa CaraccioloArwen GoldLytse leppelbekRaffarinadeKrisjnaEjakulaasjeDomeinnammeSûkerbôleDomtsjerke fan MessinaMay ThaiPavel DoerovDemokrasyAdolf HitlerAuteursrjochtJenna BrooksMoanne (tiid)Julianna VegaWyt-RuslânFrankrykSint-Frederikustsjerke (Steggerda)Phoenix (Arizona)LondenJ. MacSeksuele penetraasjeAubrey KateJob CohenSûpengrottenbrijJenny Poussin🡆 More