P.N.
Elrod (folút: Patricia Nead Elrod; yn Teksas, 1954) is in Amerikaansk skriuwster dy't romans en koarte ferhalen op har namme stean hat fan 'e literêre sjenres fantasy, horror, romantyk, misdiefiksje en histoaryske fiksje. Se hat har lykwols benammen talein op it subsjenre fan 'e urban fantasy, mei romansearjes as de Vampire Files en Jonathan Barrett, Gentleman Vampire. Elrod hat ek wurke as redaktrise. Utjouwerijen as Ace, DAW en St. Martin's Griffin hawwe ferskate blomlêzings mei koarte ferhalen fan oare auteurs útjûn dy't sy gearstald hie.
P.N. Elrod | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Patricia Nead Elrod | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1954 | |
berteplak | ? (Teksas) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, horror, romantyk, misdiefiksje, histoaryske romans | |
bekendste wurk(en) | Vampire Files Jonathan Barrett, Gentleman Vampire | |
jierren aktyf | 1990 – no | |
offisjele webside | ||
www.vampwriter.com |
P.N. Elrod waard yn 1954 berne yn 'e Amerikaanske steat Teksas. Hja sette har karriêre as auteur útein by TSR mei it skriuwen fan modules foar kaartspullen, boerdspullen en live action role-playing games. Yn 1990 publisearre se har earste roman, Bloodlist, dat ek it earste diel wie fan 'e romansearje Vampire Files. Dy rige spilet yn it Chicago fan 'e 1930-er jierren, dêr't privee-detektive Jack Fleming, syn partner Charles Escott en syn faam Bobbi Smythe misdriuwen behannelje. De earste saak dy't Jack oplosse moat (yn Bloodlist) is syn eigen moard. Op Bloodlist folgen oant 2009 alve ferfolchromans, plus de novelle The Devil You Know, dy't Elrod yn eigen behear yn in beheinde, synjearre oplaach útbrocht by har útjouwerij Vampwriter Books (yn Fort Worth, oprjochte yn 2009).
Yn 1993 ferskynde fierders Red Death, it earste diel fan in oare romansearje fan 'e hân fan Elrod: Jonathan Barrett, Gentleman Vampire. Dat is in rige histoaryske urban fantasyboeken, dy't spylje tsjin 'e eftergrûn fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. It twadde diel, Death and the Maiden, kaam yn 1994 út, in jier letter folge troch Death Masque. It lêste diel fan 'e tetralogy, Dance of Death, waard publisearre yn 1996. BenBella Books joech de hiele searje yn 2004 op 'e nij út, oanfolle mei nij materiaal dat net yn 'e oarspronklike útjeften opnommen wie. De draai dy't Elrod oan it ferhaal fan Jonathan Barrett, Gentleman Vampire jout, is dat Barret en syn famylje de hiele oarloch troch oan 'e kant fan 'e Britten steane, wat in (foar Amerikanen) frij unyk perspektyf op 'e histoaryske perioade fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch biedt.
Tusken 1997 en 2004 skreau Elrod ek de trije romans fan 'e rige Lord Richard, Vampire, yn 'e mande mei akteur Nigel Bennett. Dy boeken waarden útjûn troch Baen Books. Hoewol't dizze trilogy net yn itselde universum spilet as de Vampire Files en Jonathan Barrett, Gentleman Vampire (dy't deselde wrâld diele), is ek yn Lord Richard, Vampire de protagonist in goedmienende fampier dy't it opnimme moat tsjin fampieren mei minder goede bedoelings. De haadpersoan, Lord Richard, is wol omskreaun as "James Bond mei lange hoektosken".
Yn 'e op himsels steande roman Quincey Morris, Vampire, út 2001, linkte Elrod har eigen wrâld fan 'e Vampire Files en Jonathan Barrett, Gentleman Vampire oan 'e wrâld dy't Bram Stoker skoep mei syn ferneamde roman Dracula, út 1897. Oan 'e ein fan dat boek gie it personaazje Quincey Morris dea by de lêste konfrontaasje mei greve Dracula; yn Elrod har boek ûntwekket er wer út 'e dea as fampier (hoewol net as in boasaardige fampier lykas de greve). Yn 2015 ferskynde fan Elrod fierders The Hanged Man, it earste diel fan 'e trilogy On Her Majesty's Phychic Service, dy't ta it subsjenre fan 'e steampunk heart.
Fan in hiel oar kaliber, en hearrend ta it horrorsjenre ynstee fan fantasy, binne de mei it live action role-playing game Dungeons & Dragons ferbûne boeken fan Elrod, dy't yn it Ravenloft-universum spylje. De protagonist yn dy beide romans, I, Strahd: The Memoirs of a Vampire (1993) en I, Strahd: The War Against Azalin (1998), is in antyheld, de tsjustere en sinistere fampier greve Strahd von Zarovich. Foar dy beide boeken ûntfong Elrod ek rûnom lof fan mainstream-literatuerkritisy. Wer hiel oars is de op himsels steande roman The Adventures of Myhr, út 2003, dy't ta it komyske subsjenre fan 'e fantasyliteratuer heart. It titelpersonaazje is heal minske, heal kat en springt op magyske wize fan wrâld nei wrâld om it bliid boadskip fan pizza en Beatles-karaoke te fersprieden mei syn partner, in segrinige tsjoender mei in foarleafde foar techno-raves en obsene teksten ôfprinte op T-shirts.
Njonken romans hat Elrod ek tsientallen koarte ferhalen skreaun, dy't yndield wurde kinne by fantasy, romantyk, science fiction, misdiefiksje en horror. Yn novimber 2011 wûn se mei har koarte misdieferhaal Beach Girl de publykspriis fan it Ellery Queen's Mystery Magazine. Fierders waard se yn 2010 nominearre foar de oeuvrepriis op it mêd fan urban fantasy fan 'e Romantic Times Reviewers' Choice Awards, en yn april 2011 wûn se de Pioneer Achievement Award op it mêd fan fiksje oer fampieren fan 'e Romantic Times Reviewers' Choice Awards.
Behalven mei eigen wurk hat Elrod ek bekendheid krigen as redaktrise fan it wurk fan oare skriuwers. Sa hat se ferskate blomlêzings gearstald, benammen fan koarte ferhalen op it mêd fan urban fantasy. Yn 2006 ferskynde ûnder har redaksje by St. Martin's Griffin de blomlêzing My Big Fat Supernatural Wedding, dêr't ferhalen oer trouwerijen mei boppenatuerlike aspekten yn sammele wiene. Dêrmei helle se de bestsellerlist fan 'e krante USA Today, en wûn se de PEARL Award foar bêste blomlêzing. Yn 2008 folge My Big Fat Supernatural Honeymoon, in blomlêzing oer houliksreizen mei boppenatuerlike aspekten. Oare blomlêzings ûnder Elrod har redaksje wiene Strange Brew (2009), Dark and Stormy Knights (2010) en Hex Appeal (2012). Yn 2004 wie Elrod fierders tegearre mei Roxanne L. Conrad (better bekend ûnder har pseudonym Rachel Caine) de redaktrise fan it companionboek Stepping Through the Stargate: The Science, Archaeology and Military of Stargate SG-1, oer de wittenskip efter de tillefyzjesearje Stargate SG-1, mei artikels en oare bydragen fan wrâldferneamde wittenskippers, de Amerikaanske Loftmacht en akteurs út 'e searje.
jier | priis | resultaat | kategory | foar |
---|---|---|---|---|
1999 | Lord Ruthven Award | wûn | bêste roman | Chill in the Blood |
2006 | PEARL Award | wûn | bêste paranormale blomlêzing | My Big Fat Supernatural Wedding |
2007 | PEARL Award | earfolle fermelding | bêste paranormale blomlêzing | My Big Fat Supernatural Honeymoon |
2007 | PEARL Award | earfolle fermelding | bêste paranormale blomlêzing | Strange Brew |
2010 | Romantic Times Reviewers' Choice Award | nominearre | oevrepriis foar urban fantasy | n.f.t. |
2011 | Romantic Times Reviewers' Choice Award | wûn | Pioneer Achievement Award in Vampire Fiction | n.f.t. |
Ellery Queen's Mystery Magazine Readers' Choice Award | wûn | bêste koarte misdieferhaal | Beach Girl |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article P.N. Elrod, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.