Protagonist

In protagonist (fan it Aldgrykske πρωταγωνιστής, protagonistēs, dat letterlik spiler fan 'e earste rol betsjut) is in term út 'e narratology wêrmei't ferwiisd wurdt nei de haadrolspiler yn in fiksjewurk (roman, novelle, koart ferhaal, epos, toanielstik, musical, opera, balletfoarstelling, film, tillefyzjesearje, ensfh.).

Faak wurdt dizze term dêrom beskôge as synonym mei 'held' (of 'heldinne'). De protagonist is dejinge waans ferrjochtings troch de lêzer of it publyk it neist folge wurdt. Dêrby kin it ek om mear as ien personaazje gean; sa komt faak in protagonistepear fan in man en in frou foar, dy't dan yn 'e regel in romantyske relaasje mei-inoar hawwe of krije.

De protagonist wurdt tsjinwurke of kin yn it ferhaal alteast ôfset wurde tsjin ien of mear antagonisten, dy't faak 'smjunten' neamd wurde. Sokke antagonisten soargje (bewust of ûnbewust) foar obstakels en beletsels dy't de protagonist oerwinne moat om syn/har doel te berikken. Fan oarsprong is de antagonist yn it Aldgrykske toaniel bedoeld om foar konfliktsitewaasjes te soargjen, dy't de krêften en swakten fan it karakter fan 'e protagonist bleatlizze.

In protagonist heart yn it sintrum fan in ferhaal te stean, en drege besluten te nimmen en de gefolgen fan dy besluten te ûnderfinen. Hy of sy heart it ferhaal yn beweging te hâlden. Der besteane lykwols fariaasjes yn it gebrûk fan protagonisten. As in ferhaal bygelyks in subplot befettet, of as it giet om in ferhaal dat út ferskate ferhaallinen bestiet, dan kin faak yn elts fan dy ferhaallinen in personaazje oanwiisd wurde dy't foldocht oan 'e karakteristiken fan in protagonist.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

AldgrykskBalletEposFiksjeFilmFrouKoart ferhaalMan (sekse)MusicalNarratologyNovelleOpera (muzyk)RomanRomantyk (leafde)SynonymTillefyzjesearjeToanielstik

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Coralie Trinh Thi24 desimberJean-Louis TrintignantJon VoightNegevEva WiessingYvette BovaMassachusettsYnternetVictoria CakesLeafdeDe facto29 maartFilipynske pappegaaidoRoomsk-Katolike TsjerkeMozilla FirefoxKosmetikaPy (wiskunde)Cassandra Wilde1996Pierre WoodmanFeriene Arabyske EmiratenSybren fan RoptaStockholmEster (skiekunde)SkrillerList fan ferdivedaasjeparken yn Nederlân19 aprilKartaachske RykKompjûterkloftFal fan it Westromeinske RykSalma HayekIrakPornoakteurWeenske oesterMichelle TuckerNijverdalSinne-enerzjyRidelGNU/FDLWurkhûsFlechtleaze fûgel30 novimberJim MorrisonYndustriële RevolúsjeGesinSalomonseilannenTouFideospultsjeTiid1927Barcelona3 aprilBostonLinda TerpstraRocco Siffredi1945Noard-IerlânDead Horse RunningYby PotlatchFeneesje (stêd)Lannen en territoariaArsjitektCharlie ChaplinArabyskHammetjePûn sterling1954🡆 More