Houliksreis

In houliksreis, tsjintwurdich ek wol oantsjut mei de Ingelske term honeymoon, is in fakânsje dy't troch in nij breidspear koart nei de brulloft holden wurdt.

As it fanwegen omstannichheden, lykas drokte op it wurk, swierwêzen fan 'e froulike partner of brekme oan jild, net mooglik is om 'e reis koart nei de brulloft te hâlden, kin dy ek letter plakfine. Men sprekt dan wol fan in 'ferlette houliksreis'. De houliksreis as langere fakânsje kaam yn 'e Westerske wrâld pas yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw yn gebrûk. Hoewol't houliksreizen tsjintwurdich faak assosjearre wurde mei in frij lúkse fakânsje, is der gjin fêst ôfbeakene ramt dêr't sokke reizen oan foldwaan moatte.

Houliksreis
Cancún, yn Meksiko, is in populêre bestimming foar houliksreizen, benammen ûnder Amerikanen.

Mooglik is de houliksreis as ferskynsel ûntstien út 'e knyntsjedagen (Nederlânsk: wittebroodsweken) fan it troude pear, de earste wiken nei de trouwerij, wêryn't de beide partners yn it ferline better, en foar it earst ek lichaamlik, mei-inoar yn 'e kunde komme koene. Ek it Ingelske honeymoon (letterlik: "hunichmoanne") ferwiist nei dy perioade. Tsjintwurdich is soks net mear oan 'e oarder, mei't de measte breidspearen al foar de sluting fan it houlik gearwenne of alteast seksuële omgong hân hawwe. It kin ek wêze dat de houliksreis in oerbliuwsel is út 'e tiid dat breiden noch rôve wurde koene, doe't it dêrom oanriedber wie om jin nei de brulloft in hoartsje út 'e fuotten te meitsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

Tags:

BreidspearBrulloftFakânsjeFrouIngelskJildSwierwêzenTweintichste iuw

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Jenna Jameson95Israel30 maartHarry TrumanFongersKunnilingusFeriene SteatenInga Ridere1982PakistanHSpaanskWim de BieSúdhollânske EilannenWolfAteneStar WarsFryskReimsGKoalstof15 septimber1995LittenseradielFierljeppenFryslânPornoakteurIslamityske kalinderAnale seksList fan grutste stêden yn DútslânHurde pornografyLaosDrakensberchtmeMarcel HirscherNoard-KoreäAchillesTillefoan8Orlando (Floarida)Thomas MannMozilla FirefoxStripperLong Shot (film út 2019)MylEtiopyske kalinderSkriuwerWolgaDifyzjeEmdenMontrealRynHarelbekeAbby Lee BrazilJuliaanske kalinderCatharina Rebecca WoesthovenFossylHeather Lee188416e iuwDrankbestridingLitouskIerlânYndiaaske kalinderWâldDútskGeslachtsidentiteitKeunstNij-Kaledoanje🡆 More