Harelbeke (West-Flaamsk: Oarelbeke) is in stêd yn it suden fan de Belgyske provinsje West-Flaanderen.
De stêd leit oan de rivier de Leie en grinzget fuort oan de stêd Kortrijk, dy't likernôch fiif kilometer fierder de stream op leit. De gemeente Harelbeke omfiemet ek de doarpen Bavikhove en Hulste, dy't alletwa oan de noardlike kant fan de Leie lizze. De stêd hat mear as 29.000 ynwenners (2022), sadat Harelbeke de op sân nei grutste is fan de 22 stêden yn West-Flaanderen. Ynwenners fan de stêd wurde 'Harelbekenaren' of 'Harelbekanen' (Oarelbekoanen) neamd.
Harelbeke | ||
Salvatortsjerke | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 29.095 (2022) | |
Oerflak | 29,4 km² | |
Befolkingsticht. | 990 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8530-8531 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 51' N 3° 18' E | |
Lokaasje Harelsbeke yn it arrondissemint Kortrijk yn 'e provinsje West-Flaanderen | ||
Offisjele webside | ||
harelbeke.be |
Sûnt 2019 brûkt de lokale oerheid by de marketing fan de stêd it West-Flaamske biedwurd Oarelbeke Weireldstad (Harelbeke Wrâldstêd).
Harelbeke is ûntstien op in droege sânrêch op de rjochteroever fan de Leie, dêr't it syn namme oan te tankjen hat (harula = sânrêch). De stêd kent in lange en rûzige skiednis en waard al bewenne yn de lette Romeinske tiid.
De earste fermelding fan Harelbeke giet op it jier 629 werom, dêr't it plak 'Harlebecca' neamd wurde. Oare nammen binne 'Harlebeke' (1027), 'Herlebecca' (1042), 'Harlebecca' (1078), 'Harlebeca' (1111), 'Haerelbeke' (1302).
Yn de Earste Wrâldkriich leveren weromlûkende Dútske troepen yn de Slach oan de Leie yn oktober 1918 striid mei Newfoundlânske en Skotske troepen. It Newfoundland Memorial betinkt de oerstek fan 'e Kanadeeske troepen.
Belgyske troepen besochten yn maaie 1940 it Dútske leger by de oerstek oer de Leie te kearen. Om strategyske redenen blaasde it Belgyske leger doe de slústoer en de kariljontoer njonken de Sint-Salvatortsjerke op. Sa'n 40 Belgyske soldaten ferstoaren by de slach.
Harelbeke is benammen bekend as muzykstêd. Al yn 'e 11e iuw waard dêr muzykûnderwiis jûn. In grut tal fan ferneamde komponisten waarden yn Harelbeke berne, lykas de Flaamske komponist, muzykûnderwizer en dirigint Peter Benoit (1834-1901). Hy krewearre foar de ferflaamsking fan it muzykûnderwiis en learde syn folk sjongen. De muzikale tradysje fan de stêd late ta de stifting fan twa bloeiende keunst- en muzykakademy's en in soad muzykmeitsjende ferienings en organisaasjes, lykas de harmony Vooruit, dy't in ynternasjonale reputaasje opboud hat. Harelbeke is ek it start- en einpunt fan de alle jierren organisearre hurdfytsklassiker, de E3 Harelbeke, dy't ûnderdiel is fan de UCI World Tour.
Harelbeke leit yn de sterk yndustrialisearre krite fan Kortrijk yn it suden fan West-Flaanderen. Wat de gemeentegrinzen oanbelanget leit Harelbeke ynklamme tusken de twa stêden Kortrijk yn it west en de stêd Waregem yn it easten. Oare buorgemeenten binne: Ingelmunster, Kuurne, Lendelede, Oostrozebeke, Wielsbeke, Deerlijk en Zwevegem. Likernôch de helte fan it gebiet makket diel út fan de regionale stêdekloft fan Kortrijk, dat wurdt omklamme troch de ringwei N36, de autodyk E17 en it kanaal Bossuit-Kortrijk.
De stêd Harelbeke hat trije dielgemeenten. Njonken Harelbeke sels binne dat Bavikhove en Hulste.
Harelbeke leit foar in grut part oan de rjochter igge fan 'e Leie. It gebiet is tige stedsk en hast folslein folboud. De bebouwing oan de rivier en de dyk Kortrijk-Gent grinzget fuort oan de kearn fan Kortrijk. Eartiids lei der in lânskip fan sompige wetterkes en sânrêgen, mar dat is hielendal ferdwûn. Yn it suden fan Harelbeke leit oan it kanaal Bossuit-Kortrijk de buorskip Stasegem. De buorskip wurdt fan de oare stedsdielen skieden troch it yndustryterrein Harelbeke-Súd en it natuergebiet De Gavers.
De dielgemeenten Bavikhove en Hulste lizze mear nei it noarden, oan de oare kant fan de Leie. Bavikhove hat in status as lânbou- en yndustrydoarp, wylst it doarp Hulste troch de fierdere ôfstân fan de stêd it plattelânske karakter better bewarje koe.
Nû. | Namme | Oerflak (km²) | Ynwennertal (2021) | Kaart |
---|---|---|---|---|
I (IV) | Harelbeke - Harelbeke - Stasegem | 14,57 | 21.559 | |
II | Bavikhove | 6,69 | 3.741 | |
III | Hulste | 7,86 | 3.304 |
Harlebeke New British Cemetery (Flanders Fields) is in militêr begraafplak fan it Britske Mienebest, dêr't 1126 oarlochsdeaden (1116 fan 'e Earste Wrâldoarloch en 10 fan 'e Twadde Wrâldoarloch ) begroeven waarden.
Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Harelbeke
|
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Harelbeke, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.