Koekoekfûgels

De koekoekfûgels, koekútfûgels, koekoeken of koekuten (Latynske namme: Cuculidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves), de noch rangleaze groep fan 'e trapfoarmigen (Otidimorphae) en it skift fan 'e koekoekeftigen (Cuculiformes).

Ta dizze famylje heart û.m. de gewoane koekoek (Cuculus canorus), mar ek de rinkoekoeken, malkoha's en anys. De koekoekfûgels falle útinoar yn seis ûnderfamyljes mei yn totaal 149 ferskillende soarten. Fan alle koekoekfûgels bedriuwe inkeld de briedparasitêre koekoeken (Cuculinae) nêstparasitisme, wêrby't se harren jong grutbringe litte troch fûgels fan oare soarten troch harren aai temûk yn it nêst fan dy fûgels te lizzen en it al oanwêzige aai fuort te smiten.

Koekoekfûgels
In Sineeske spoarkoekoek (Centropus sinensis)
In Sineeske spoarkoekoek (Centropus sinensis)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: trapfoarmigen (Otidimorphae)
skift koekoekeftigen (Cuculiformes)
famylje: koekoekfûgels (Cuculidae)
Vigors, 1825

Beskriuwing

Koekoekfûgels binne oer it algemien middelgrutte, ranke fûgels mei in lange sturt, in kromme snaffel en puntige wjukken. Se komme yn alle waarme en tuskenbeiden streken fan 'e wrâld foar, en binne sadwaande lânseigen yn alle wrâlddielen útsein Antarktika. De mearderheid fan 'e soarten libbet lykwols yn 'e tropen. Guon soarten binne trekfûgels. Koekoekfûgels frette ynsekten, larven en in grut ferskaat oan oar lyts dierte, mar dêrnjonken ek wol fruchten. Se libje oer it algemien yn 'e beammen, mar guon soarten, lykas de rinkoekoeken, libje op 'e grûn. De bekendste soarte is de gewoane koekoek (Cuculus canorus), dy't ek yn Fryslân foarkomt, maar wol as "kwetsber" op de nederlânske Reade list fan fûgels stiet. Yn Súd-Jeropa komt noch de toefkoekoek (Clamator glandarius) foar. Yn Jeropa libbet fierders ek noch de boskkoekoek (Cuculus optatus), mar dy syn ferspriedingsgebiet is beheind ta East-Jeropa fan Wyt-Ruslân ôf nei it easten ta oant yn Aazje. Fossilen fan koekoekfûgels binne bekend fanôf it let Eoseen yn sawol Jeropa as Noard-Amearika.

Koekoeken yn 'e minsklike kultuer

Koekoeken steane yn 'e Westerske wrâld benammentlik bekend om harren rop ("koekoek!"), dy't oanlieding jûn hat ta û.m. de ûntwikkeling fan 'e koekoeksklok, en om harren nêstparasitisme, wêrby't se harren jongen troch oarsoartige fûgels grutbringe litte (eat dat trouwens de measte koekoeksoarten net dogge). Fierders hat de rinkoekoek model stien foar it tekenfilmfiguer Roadrunner, en is de koekoek yn 'e Grykske mytology hillich yn 'e ferearing fan Heara, de goadinne fan it houlik, en yn it hindoeïsme yn 'e ferearing fan Kamadeva, de god fan begearte en langstme. Yn 'e Angelsaksyske lannen stiet de koekoek foar oerhoer, benammen yn it neidiel fan 'e manlike houlikspartner (cuckoldry), wylst er yn Japan it symboal is foar ûnbeäntwurde leafde.

Famylje-opbou

(Soms wurde de spoarkoekoeken (Centropodinae) en/of de anys (Crotophaginae) as aparte taksonomyske famyljes beskôge, dy't dan de Centropodidae, resp. de Crotophagidae neamd wurde.)

  • famylje koekoekfûgels (Cuculidae)
    • basaal of yndieling ûnwis (incertae sedis)
      • skaai Cursoricoccyx: fossyl
      • skaai Dynamopterus: fossyl
      • skaai Sint-Heleenske koekoeken (Nannococcyx): resint útstoarn
    • ûnderfamylje Amerikaanske koekoeken (Coccyzinae)
      • skaai dwerchkoekoeken (Coccycua): 3 soarten
      • skaai echte Amerikaanske koekoeken (Coccyzus): 13 soarten
      • skaai iikhoarntsje- en swartbúkkoekoeken (Piaya): 2 soarten
    • ûnderfamylje anys (Crotophaginae)
      • skaai echte anys (Crotophaga): 3 soarten:
        • grutte any (Crotophaga major)
        • glêdsnaffelany (Crotophaga ani)
        • groefsnaffelany (Crotophaga sulcirostris)
      • skaai guirakoekoeken (Guira): 1 soarte
    • ûnderfamylje briedparasitêre koekoeken (Cuculinae)
      • skaai Eocuculus: fossyl
      • skaai brûnskoekoeken (Chrysococcyx): 13 soarten
      • skaai burdkoekoeken (Microdynamis): 1 soarte
      • skaai drongokoekoeken (Surniculus): 4 soarten
      • skaai echte koekoeken (Cuculus): 11 soarten
      • skaai grousnabelkoekoeken (Pachycoccyx): 1 soarte
      • skaai koëllen (Eudynamis): 4 soarten + 1 prehistoarysk útstoarn
      • skaai langsturtkoekoeken (Cercococcyx): 3 soarten
      • skaai langsturtkoëllen (Urodynamis): 1 soarte
      • skaai pyt-fan-fliten (Cacomantis): 10 soarten
      • skaai reuzekoekoeken (Scythrops): 1 soarte
      • skaai sparwerkoekoeken (Hierococcyx): 8 soarten
      • skaai toefkoekoeken (Clamator): 4 soarten
    • ûnderfamylje grûnkoekoeken fan de Alde Wrâld (Phaenicophaeinae)
      • skaai echte grûnkoekoeken fan de Alde Wrâld (Carpococcyx): 3 soarten
      • skaai gielsnabelmalkoha's (Ceuthmochares): 1 soarte
      • skaai kûa's (Coua): 9 soarten + 1 resint útstoarn
      • skaai malkoha's of echte malkoha's (Phaenicophaeus): 11 soarten
      • skaai rafflesmalkoha's of Raffles' malkoha's (Rhinortha): 1 soarte
    • ûnderfamylje grûnkoekoeken fan de Nije Wrâld (Neomorphinae)
      • skaai Neococcyx: fossyl
      • skaai echte grûnkoekoeken fan de Nije Wrâld (Neomorphys): 5 soarten
      • skaai lysterkoekoeken (Morococcyx): 1 soarte
      • skaai pau- en fazantkoekoeken (Dromococcyx): 2 soarten
      • skaai rinkoekoeken (Geococcyx): 2 soarten
      • skaai streekte koekoeken (Tapera): 1 soarte
    • ûnderfamylje spoarkoekoeken (Centropodinae)
      • skaai spoarkoekoeken (Centropus): 30 soarten

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Koekoekfûgels BeskriuwingKoekoekfûgels Koekoeken yn e minsklike kultuerKoekoekfûgels Famylje-opbouKoekoekfûgelsAai (bist)BoppeskiftBriedparasitêre koekoekenFamylje (taksonomy)FûgelsKlasse (taksonomy)KoekoekKoekoekeftigenLatynModerne fûgelsNije fûgelsNijkakigenSkiftSoarteTrapfoarmigenTuskenklasseÛnderfamyljeÛnderklasse

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

IngelskPornografyFilipinenFrânsk1208SelebesMystykWikipedyGokkenSydneyRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1964JezuïtenFazant910KaiserslauternPearsRichard Francis BurtonKatCowgirlhâldingTurkish AirlinesFeriene SteatenNoemi2005KommunismeAbû DabiBill GatesSkriuwerEdinburghGotlânAIDSOlympyske Simmerspullen 2024PenisWrâldkampioenskip fuotbal 1950Polyteïsme1941Rebecca RomijnFingerjenSalomoCody BryantMinnie BeetsFryslânKubaTasitus (skriuwer)Augustus Oktavianus8Bôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1920Leonid BrezjnevRussyskAlderheljenkatedraal (Tûla)1989Noardatlantyske FerdrachsorganisaasjeBelgjeTeudebert IIJeremia (bibelboek)Horatio NelsonMiamiMao Tse-toengMohammedAngela SchijfVastoJasmine AlohaKoperMarilyn MonroeTsjerke fan it Hillich Antlit fan Kristus de Ferlosser (Sotsjy)1993Bôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2008Lynsey de PaulGrutte Merk (Brussel)Katedraal fan Rouen🡆 More