Ferspriedingsgebiet

In ferspriedingsgebiet of areaal is in algemiene term yn 'e ierdrykskunde, dy't it geografyske gebiet oantsjut wêryn't in beskaat ferskynsel foarkomt.

Dêrby kin it gean om sokke útinoar rinnende dingen as túnbou (it túnbou-areaal) of it foarkommen fan tornado's. It measte wurdt dizze oantsjutting lykwols brûkt yn 'e biogeografy, om it foarkommen fan in beskaat organisme oan te jaan. Dêrby wurdt yn 'e regel ûnderskie makke tusken it lânseigen ferspriedingsgebiet, dêr't in biste- of plantesoarte fan natuere foarkomt, en it gebiet dêr't sa'n soarte as eksoat bestiet, wat yn 'e measte gefallen troch minsklik yngripen feroarsake is.

Ferspriedingsgebiet
It ferspriedingsgebiet fan 'e swarte earrebarre (Ciconia nigra), mei it stângebiet yn grien, it briedgebiet yn oranje en it oerwinteringsgebiet yn blau.

Ek wurdt faak ûnderskie makke tusken:

  • kosmopolityske fersprieding: foarkommen yn in grut part fan 'e wrâld
  • endemyske fersprieding: foarkommen beheind ta in tige lyts part fan 'e wrâld
  • disjunkte fersprieding: foarkommen yn twa of mear gebieten dy't geografysk net mei-inoar ferbûn binne
  • diskontinuë fersprieding: foarkommen mei grutte lagunes middenyn it ferspriedingsgebiet dêr't de soarte net foarkomt

Fral by fûgels komme noch oare ferskillen foar, mei't dy faak ferskillende briedgebieten, oerwinteringsgebieten en stângebieten hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

BistEksoatGeografyIerdrykskundePlantTornado

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Folksmuzyk1200Opera (browser)1904BiskopCJ MilesSkriuwerEarste WrâldkriichAkenFûgelsSekondeLânbouRocco Siffredi10 desimberFingerjenDierenDe factoGokkenJapanskSalma HayekMiddellânske SeeTwadde WrâldkriichNational Broadcasting CompanyPornoakteur1971JapanFilipynske pappegaaidoGeslachtsmienskipLybje66 f.Kr.HaadsideCrossover29 maart193827 maartYnternet1 jannewarisDyami MillarsonHongarijeISO 3166WebsteeRivierSeksuele stimulaasjeJade Kush24 novimberKeatsenAda SanchezIrakMoleJezabel VessirAne18 febrewarisMariûpol1995Saûdy-AraabjeNASA1915MediaWikiHistoaryskVanessa SkyFeneesje (stêd)EastenrykTuneezjeLoftmacht1939Eva WiessingMinskLiteratuer30 novimber1954StockholmNieuwlandeAzerbeidzjanList fan sterke tiidwurden yn it Frysk🡆 More