Held

In held (manlike foarm) of heldinne (froulike foarm) is in libbene, histoaryske, legindaryske, mytyske of fiktive persoan, dy't, as hy of sy konfrontearre wurdt mei gefaar of tsjinrampen, yn syn of har dieden moed, fernimstigens en berettens ta selsopoffering sjen lit yn it foardiel fan in gruttere saak.

Sa'n persoan wurdt bewûndere om dappere of grutte dieden of om útsûnderlike kwaliteiten. It eigenskipswurd dat by 'held' heart, is heldhaftich en it wêzen fan in held of heldinne wurdt heldendom neamd.

Held
In byld fan Wilhelm Tell, de nasjonale held fan Switserlân.

It idee fan 'e held of heldinne komt út 'e Aldheid. Yn 'e klassike literatuer út dat tiidrek, en ek yn 'e ridderromans fan 'e Midsiuwen hie it heldendom almeast te krijen hie mei it leverjen fan fysike striid of it útblinken yn it ien of oar. Helden yn dy sin binne it wichtichste ûnderwerp fan epyske gedichten as de Aldgrykske Ilias en Odyssee en it Aldingelske Beowulf. Letter waard it heldendom útwreide ta in mear algemien moreel útblinken. De held hat yn in ferhaal ornaris de rol fan protagonist. It tsjinstelde fan in held is in smjunt, dy't ornaris de rol fan antagonist hat. It kin lykwols ek wêze dat de skriuwer of ferteller de saak omdraait en de smjunt ta protagonist makket of gewoan in protagonist nimt dy't gjin heldhaftige kwaliteiten hat. Yn sokke gefallen sprekt men fan in antyheld.

Helden kinne figueren út 'e mytology wêze, lykas Gilgamesj, Hearakles en Achilles, bibelske persoanen as Simson, David en Elía, personaazjes út 'e literatuer as Beowulf, Robin Hood en Sherlock Holmes, histoaryske persoanen as Jeanne d'Arc, Davy Crockett en Mahatma Gandhi, sportgrutheden as Muhammad Ali, Michael Jordan en Usain Bolt, en fiktive superhelden as Superman, Batman en Wonder Woman. Der binne ek nasjonale helden of folkshelden, dy't benammen yn ien lân of troch ien folk as held beskôge wurde. Dêrby kin men tinke oan (de fiktive) Wilhelm Tell yn Switserlân, Giuseppe Garibaldi yn Itaalje, William Wallace, Robert the Bruce en Rob Roy yn Skotlân, Willem fan Oranje yn Nederlân en Grutte Pier yn Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

EigenskipswurdFiktiveFroulikHistoaryskLegindaryskLibbenManlikMytologyPersoan

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

IerdeShae SummersAugustus OktavianusNeakenfotografyRosa CaraccioloJasmine AlohaSeksferslavingCowgirlhâlding69 (sekshâlding)Charles III fan it Feriene KeninkrykHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiSaya SongGemeenten fan Nederlân1950-er jierrenBoedismeRae Lil BlackAnno GalamaHongarijePornografyBruce VentureDe BoarnProvansaalske wrotmûsMaría del Carmen Carricart1766Jaylene RioLiza ShayTriem (ynformatika)LatynAcademy of Country Music AwardWebsteeAugust TaylorWestland WyvernSuze Boschma-BerkhoutVanda VitusISO 3166-1MilitêrGrinslânSaotomeeske pappegaaido2008Graham SwiftBluesLuna SilverFilipinenPilekaaneftigenSûkerbôle1896CJ MilesMalta19332023AfganistanLetlânFerstoarKylee StruttTurkskJulie SkyhighAustraalje (lân)Anouk WipprechtNederlânske gemeente1901HylperskFrouNasjonaal Park YellowstoneSlavyske talenSophie HilbrandBethany BenzJulianna VegaDútslân🡆 More