In personaazje is in fiktive persoan yn in wurk fan fiksje, lykas in mearke, gedicht, koart ferhaal, stripferhaal, novelle, roman, toanielstik, musical, opera, operette, harkspul, film, tekenfilm, tillefyzjesearje, rollespul, fideospultsje of kompjûterspultsje.
De term komt fan it Frânske personage ("persoanlikheid"), mar giet oarspronklik werom op it Latynske persona ("masker"), mei't it yn 'e Klassike Aldheid wizânsje wie dat akteurs maskers droegen. Personaazjes ûndergeane en/of feroarsaakje de foarfallen yn sokke fiksjewurken. Yn strips sprekt men ynstee meastal fan in stripfiguer, en yn tekenfilms neamt men in persoanaazje faak in tekenfilmfiguer. Yn rollespullen en fideo- en kompjûterspultsjes makket men njonken 'personaazje' ek faak gebrûk fan 'e Ingelske term character.
It personaazje dat neamd wurdt yn 'e titel fan in fiksjewurk hat de titelrol. Dy komt faak (mar net altyd) oerien mei de haadrol, dy't spile wurdt troch it personaazje (of de personaazjes) fan wa't it ferhaal útgiet. Dêrby kin de auteur gebrûk meitsje fan ferskillende fertelperspektiven. As de haadrol omskreaun wurdt yn 'e trêde persoan inkeltal ("hy" of "sy"), dan sprekt men fan in personeel perspektyf. Wurdt it ferhaal ferteld yn 'e earste persoan inkeltal ("ik") dan is it skreaun yn it ik-perspektyf. Yn it lêste gefal kin men noch ûnderskie meitsje tusken in fertellend ik-perstpektyf (wêrby't it ferhaal efterôf ferteld wurdt) en in belibjend ik-perspektyf (dat it ferhaal op it momint sels beskriuwt). In trêde mooglikheid kwa fertelperspektyf is it auktoriële perspektyf, wêrby't it ferhaal ek yn 'e ik-persoan ferteld wurdt; dêrby stiet de (alwittende) ferteller sels lykwols folslein bûten it ferhaal. Soms is in personaazje in alter ego fan 'e auteur sels, troch wa't dy syn eigen tinkbylden uteret.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Personaazje, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.