Eigenskipswurden binne in wurdsoarte.
Eigenskipswurden jouwe, sa’t it wurd al seit, in eigenskip, skaaimerk, hoedanichheid of in oare bysûnderheid oan (hast altiten) in haadwurd. De neikommende wurden kinne ta de bynwurden rekkene wurde: dreech, nuver, read, djoer. Om noch spesifiker oan te jaan wat foar eigenskip bedoeld wurdt, of om in noch bettere nuânse te jaan, kin der gebrûk makke wurde fan bywurden. Yn ‘in tige griene beam’ is in it lidwurd, tige it byword, griene it eigenskipswurd en beam it haadwurd. Eigenskipswurden kinne ferskillende dingen oanjaan:
Eigenskipswurden kinne dêrneist ek abstrakt brûkt wurde, lykas yn ‘in steande resepsje’ wêrby net de resepsje stiet, mar de minsken stean.
In eigenskipswurd kin op twa manieren brûkt wurde: attributyf en net-attributyf. Net-attributyf hat wer twa ûnderskate kategoryen: predikatyf en bywurdlik.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Eigenskipswurd, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.