Timbûktû (Frânsk: Tombouctou) is in plak yn Maly en ek de haadstêd fan de regio Timbûktû.
It plak leit sa'n 13 km benoarden de rivier de Niger. De oarsprong fan de namme is ûnwis.
Timbûktû | ||
Sankore-moskee Timbûktû | ||
Polityk | ||
Lân | Maly | |
Regio | Timbûktû | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 54.453 (2009) | |
Oerflak | 147,9 km² | |
Befolkingsticht. | 368,2 km² | |
Hichte | 261 m | |
Oar | ||
Stifting | 12e iuw | |
Koördinaten |
|
De earste Europeaan dy't de stêd berikte wie de Skotske majoar Gordon Laing, dy't op de weromreis út de stêd fermoarde waard. De namme is no noch symboal foar in fier fuortlizzend en dreech te berikken plak.
Timbûktû wie yn it ferline in wichtige hannelsstêd op de karavaanrûtes troch de Sahara fan Súd Marokko en Algerije nei de Sahel. Dêr waard it hannelsguod oerladen fan de karavaan yn boaten yn de haven fan Timbûktû, Kabara. Sâlt, wûn by Awdaghust yn de Sahara en no by Taoudennit, waard ferhannele tsjin goud út de Riken fan Gana oan de rivier de Senegal (net betize mei de Republyk Gana fan no) en letter Maly, dat wer nei Marokko brocht waard en dêr ferhannele foar pleatslike produkten. De kombinaasje fan rykdom fan de stêd en syn ûnberikberens foar Kristlike hannelers joegen de namme Timbûktû in hast mytyske klank yn it Westen.
Tsjintwurdich is it toerisme de wichtichste ynkomstenboarne yn de stêd. Sûnt in oantal jierren wurdt yn jannewaris it muzikale 'Festival au Désert' organisearre, krekt bûten Timbûktû, dat besocht wurdt troch hûnderten Westerske toeristen. De Djinguereber-moskee datearret út de 14e iuw. Yn de regio om Timbûktû hinne wurdt weet boud, dêr't pleatslik bôle fan bakt wurdt: tagulla, in ferneamde lekkernij yn de omkriten.
Timboektoe hat sûnt 1961 in ynternasjonale lofthaven en teffens in haven foar transport oer de rivier de Niger. Der binne fierders ek no noch pistes nei de Sahara yn it Noarden dy't fan de azalaï brûkt wurde (karavaanrûtes).
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Timbûktû, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.