Gana

Gana, sûnt 1960 offisjeel de Republyk Gana, is in lân yn it westen fan Afrika.

Republic of Ghana
Flagge fan Gana Wapen fan Gana
Flagge Wapen
Lokaasje fan Gana
Offisjele taal Ingelsk, Frânsk
Haadstêd Accra
Steatsfoarm konstitusjonele demokrasy
Ynwenners (2020) 31.072.940 (rûsd)
Munt cedi (GHS)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 6 maart
Lânkoade GHA
Ynternet .gh
Tillefoan 233

De haadstêd is Accra.

Geografy

Lizzing

Gana wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Gana 
Strânkust yn Gana

Yn it suden oan de Golf fan Guinee hat Gana in 535 km lange natuerlike kust dy't troch lagunes slim tagonklik is. Dêrefter lizze greiden dy't oergean yn tropysk reinwâld, dy't it Ashangtyheechlân bedekke. Yn de eastlike fochtige savanne leit yn de Folta in opslachmar. It klimaat is tropysk.

De noch meastentiids goed bewarre bleaune forten fan de Westyndyske Kompanjy binne wichtige toeristyske trekpleisters.

Skiednis

It Ashanty hienen eartiids yn Gana in grut ryk dat har fierder útwreide oant de kust troch de rûnom wenjende buorfolken te ûnderwerpen. Mei de Portegezen hannelen de Ashantys al sûnt de 15e iuw yn slaven. Yn 1850 ûnderwurpen de Britten it lân en stifte de koloanje Goudkust.

Yn 1957 waard it lân ûnôfhinklik mei Kwame Nkrumah as earste presidint en profitearre ynearsten fan har rike boaiemskatten, oant de ekonomyske krisis nei 1966.

De nije grûnwet fan 1993 moat it proses fan demokratisearring mear faasje jaan mei in mearpartijensysteem.

Demografy

Befolking

Neffens de folkstelling fan 2000 heart 45,3% fan de befolking ta de Akan, dêr't û.o. ek de Ashanty en de Fante by hearre. Fierders heart 15,2% ta de Mole-Dagbon, 11,7% ta de Ewe, 7,3% ta de Ga-Dangme, 4% ta de Guan, 3,6% ta de Gurma, 2.6% ta de Grusy en 1% ta de Mande-Busanga.

Talen

It Ingelsk is de offisjele taal, mar dêrnjonken bestien der in protte lânseigen talen. Alle talen hearre ta de Niger-Congotalenkloft. Yn it noarden wurde fral Gurtalen lykas Dagbany en Frafra praat en yn it suden benammen Kwatalen lykas Twy of Akan, Kyerepon (Cherepon), Ewe en Ga.

Religy

De grutste godstsjinst fan Gana is it Kristendom dêr't sa'n 70% fan de befolking ta rekkene wurdt. De Islam komt op it twadde plak mei 16% en it restant bestiet út tradisjonele Afrikaanske natoerreligys.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Gana GeografyGana SkiednisGana DemografyGana1960AccraAfrika

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Sydney2002FêsteljûnHongarijeWytsingenKrúsgetalpuzelBenynSwedenNovodevitsji-begraafplakIt OranjewâldPoalskTehmeena AfzalStrawelteTyra MooreTaco BellLexi DiamondPerigeumLos AngelesBesnijenisJeruzalimFranklin D. RooseveltVanda VitusTaalkundeJamie Lee CurtisFryske talenFriesMichelle SambaWâlddoRomi RainYnternetSclaters kroandoTuistoEve MadisonTerpMisjonarishâldingFroulike ejakulaasje1968KwakRae Lil BlackNederlânsk1953Vina Sky11 febrewarisFeriene SteatenStacie LaneJeropeeske UnyLandkreis FrieslandEl GrecoSensual JaneSupermoanneBruce VentureMahina ZaltanaKya TropicArabyskMuzykferiening Hâld MoedMarijn KuipersMaya BijouManchester City FC1757Uneskûtel1665Haadside🡆 More