De natoerreligys binne de âldste godstsjinsten fan ’e wrâld; se hawwe gjin stifter, gjin profeten en gjin fêste lear.
Se geane werom op it religieuze yn ’e minske sels, syn ferlet om betsjutting te jaan oan it bestean yn it algemien en syn eigen libben yn it bysûnder troch middel fan godstsjinst. Op dy manear steane de natoerreligys oan ’e widze fan alle foarmen fan godstsjinst.
Ek hjoed de dei noch wurde natoerreligys beliden en wol troch in ûnbetinklik grut part fan de wrâldbefolking. Ornaris binne it de folks- of stamreligys fan lytsskalige mienskippen dy’t oant koartby net in protte kontakt mei de bûtenwrâld hienen. By sokke natoerfolken is de belibbing fan ’e godstsjinst folle wêzentliker as yn ’e Westerske wrâld; feitlikens wurdt der faak gjin ûnderskie makke tusken religy en de rest fan it libben.
By de folken fan de Pueblo-kultuer, út ’e Amerikaanske steaten Nij Meksiko en Arizona, bygelyks, behearsket religy elts aspekt fan it libben, ynklusyf de wikselwurking mei it lân, oare folken en boppenatoerlike wêzens, de keunst, ambacht, ekonomy, sosjale struktuer en famyljebannen. Religy is dêr nau ferweve mei al it oare en yntegrearret it ta ien alomfetsjend wrâldbyld. Fan it prinsipe út dat de minske yn harmony libje moat mei de natoer, hawwe de Pueblo-folken rike kulturele tradysjes ûntwikkele, dy’t ta útdrukking komme yn gedichten, leginden, lieten, dûnsen, byldhouwurken en oare byldzjende keunsten.
Behalven dat natoerreligys gjin ûnderskie meitsje tusken godstsjinst, natoer en kultuer, sjogge se ek gjin wêzentlik ferskil tusken dizze wrâld en it hjirneimels, yn alle gefallen net sa't de histoaryske godstsjinsten dat dogge. Dêr wurdt de wrâld fan ’e libbenen as eat dat mar amper wurklikheid is beskôge.
Yn natoerreligys komt sa'n skerpe tsjinstellings tusken de wrâlden fan ’e libbenen en de deaden net foar. Sy kenne mar ien kosmos, dêr’t himel, hel en ierde net eksplisyt yn faninoar skaat binne en soms yninoar oerrinne, en dêr’t ek de deaden tahâlde, al is dat dan ornaris op in oar, faak wat ûndúdlik plak en yn in steat fan skimich heal-bestean.
It net foarkommen fan in ûnderskie tusken godstsjinst en de rest fan it libben is ien fan ’e redenen dat natoerreligys fan oarsprong gjin namme hawwe. Ommers in religy krijt dy earst as dy yn kontakt komt mei oare godstsjinsten en in beneaming needsaaklik wurdt om dy dêrfan ûnderskiede te kinnen. Sa wurdt de godstsjinst fan de Mentawaiers, op de Yndonezyske Mentawai-eilannen, westlik fan Sumatra, tsjintwurdich Sibulungan neamd, dy fan de Sabûnezen, op it súdlike Yndonezyske eilân Sabu Jingitui, dy fan de Toraja fan sintraal Sulawesi Alulh Todolo en de ynheemske religy fan Belau Modekngei.
De betsjutting fan sokke nammen is ornaris tige ienfâldich. Sa betsjut Marapu, de namme foar de ynheemske godstsjinst fan it súdlike Yndonezyske eilân Sumba, letterlik “geasten” en Agama Jawa, sa’t de noch sterk libjende natoerreligy yn it offisjeel islamityske East-Java wol neamd wurdt, “Javaanske godstsjinst”. De natoerreligys fan ’e Dajak-folken fan Borneo wurde Kaharingan neamd, dat yn it Ngaju “libben” betsjut. En Vodun, de tsjintwurdich offisjele namme foar de godstsjinst fan ’e Ewé en de Fon fan súdlik Benyn, betsjut letterlik “it ferburgene” of “geheim”. En fan itselde wurdt is ek de namme fan ’e bekende Afro-Amerikaanske synkretistyske religy op Haïty, Voodoo of Vodou, ôflaat).
De reäksje op ’e ynfloeden fan oare godstsjinsten kin noch folle fierder gean as allinne in namme oan in natoerreligy te jaan. Sa hawwe de Adi, Mishmi, Apatani, Tangsa en guon lytsere folken, út ’e Yndiaaske Himalaja-steat Arunachal Pradesh, harren natoergodstsjinsten byinoar brocht ûnder de namme Donyi Polo, om in fûst meitsje te kinnen tsjin it opkringende Kristendom. Donyi is Adi foar “sinne” en Polo foar “moanne”; de sinnegoadinne en de moannegod binne nammentlik de heechste godheden fan ’e oangeande natoerfolken. De stêd Pasighat is it sintrum fan dizze nije, âlde godstsjinst, dy’t troch it oernimmen fan ’e metoaden fan ’e organisearre religys, lykas rituëlen op sette tiden (sneontemoarns) yn in dêrfoar bedoeld gebou, de dere, en it op skrift stellen fan syn myten, lieten en learstellings, besiket te oerlibjen yn ’e moderne wrâld.
Dat oerlibjen wurdt hjoed de dei, no’t der ek foar natoerfolken frijwol gjin manear mear is om har fan ’e rest fan de wrâld ôf te sûnderjen, hieltyd dreger. Al iuwenlang hawwe prekers fan ’e wrâldgodstsjinsten Kristendom, Islam en Boedisme besocht om de oanhingers fan oare religys, en dus ek fan natoerreligys, fan harren leauwe ôf te bringen, faak mei twang en soms sels mei geweld. It kin as tekenjend foar de krêft fan ’e ynheemske godstsjinsten beskôge wurde, dat der oan it begjin fan ’e ienentweintichste iuw noch safolle minsken op ’e wrâld binne, dy’t net oan dy druk tajûn hawwe. In ûntwikkeling fan dizze tiid is dat middenmank de Westerske wrâld mear Yndianen yn Noard-Amearika, Lappen yn Skandinaavje en Aboriginals yn Austraalje kieze foar leauwe fan harren foarâlden.
Natoerreligys hawwe, nei it Kristendom en de Islam, de grutste geografyske fersprieding, hoewol net de grutste oanhing, fan alle godstsjinsten. Der binne nei gedachten tusken de 1.500 en 2.500 ûnderskate natoerreligys, dy’t mei-inoar yn ’e hiele wrâld sa’n 325 miljoen oanhingers hawwe, likernôch 5,4% fan ’e wrâldbefolking. De grutste natoerreligy is sûnder mis Itan, de religy fan ’e Yoruba fan súdwestlik Nigearia en súdlik Benyn, dy’t tusken de 15 en 20 miljoen oanhingers hat.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Natoerreligys, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.