Skandinaavje is in gebiet yn it noarden fan Jeropa.
It wurd Skandinaavje wurdt op trije ferskate wize definiearre:
Meastal wurdt de twadde of de tredde definysje brûkt. Yn it Nederlânske taalgebiet bestiet der lykwols in foarkar foar de tredde definysje.
It wurd wurdt foar it earst brûkt troch Plinius de Aldere (23-79) yn de foarm 'Scadinauia' en is wierskynlik foarme út de âldgermaanske wurden 'skadin' (skade) en 'auio' (eilân). Dizze oarspronklike betsjutting hat him oerlibbe yn lokale nammen lykas it Súd-Sweedske lânskip Skåne (Skonen).
De Noarske, Sweedske en Deenske talen, wurde faak oantsjutten as Skandinavyske talen. Dat is yn tsjinstelling mei de Noard-Germaanske talen, dêr't ek it Yslânsk en Faeröersk ta rekkene wurde. Dizze talen lykje in soad op inoar en binne ûnderinoar goed fersteanber. It wurd Skandinavysk wurdt brûkt foar sawol it Noarsk, Sweedsk, en Deensk, as is it ien taal, mar troch de Skandinaavjers sels wurdt Skandinavysk foaral brûkt as namme foar de taal dy't minsken út de trije lannen tsjin inoar sprekke. It komt derop del dat elkenien syn eigen taal besiket te praten troch helder te artikulearen en sa folle mooglik nuvere wurden wat fuort te litten. As dat net kin wurdt in wurd brûkt út de taal fan de petearpartner of yn stee dêrfan it Ingelske ekwifalint.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Scandinavia fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Skandinaavje, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.