Kulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018

Ljouwert wie Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018.

Dit evenemint, dat in fol jier duorre, waard ek wol oantsjut as LF2018 (Ljouwert/Fryslân2018). De Fryske haadstêd dielde de titel fan Kulturele Haadstêd fan Jeropa mei Valletta, de haadstêd fan Malta. It tema fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd wie 'iepen mienskip'. Hoewol't der foarôf in protte krityk wie, ferstomde dy geandewei it jier foar in grut part. Hichtpunten wiene û.m. de rige toanielfoarstellings Under de Toer, de Keatswike yn Frjentsjer, de Tall Ships' Races yn Harns, de Reuzen yn Ljouwert en it hynsteteäterspektakel De Stormruiter. Besikers joegen LF 2018 oan 'e ein fan it jier it rapportsifer 7,2 op in skaal fan 1 oant 10.

Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018
It logo fan it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.
It logo fan it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.
plak en tiid
lân Kulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 Nederlân
Kulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 Malta
plak Ljouwert
Valletta
holden yn ferskate lokaasjes
datum hiele jier 2018
bysûnderheden
soarte evenemint kultureel
offisjele webside
www.2018.nl

Nominaasjeproses

It idee foar LF2018 kaam fan 'e eardere deputearre Jannewietske de Vries. Op har inisjatyf stelde oarspronklik de Provinsje Fryslân as gehiel him kandidaat foar Kulturele Haadsted 2018, mar doe't bliken die dat it beslist om in stêd gean moast, waard Ljouwert nei foarren ta skood. Dat state lykwols yn 't earstoan by de gemeenteried fan 'e gemeente Ljouwert en by de ynwenners fan 'e stêd op beswieren, om't der doe krekt op kultuer koarte wie en it sintrum foar de keunsten Parnas fuortbesunige wie. Yngripen troch boargemaster Ferd Crone brocht lykwols útkomst foar it Kulturele Haadstêdsprojekt, dat ûnder lieding fan 'e yn 2017 ferstoarne gemeente-amtner Jocco Eijssen pleatst waard, dy't yn 2013 opfolge waard troch Oeds Westerhof.

Neigeraden dat it nominaasjeproses fierder gie, ûntstie der lykwols stadichoan in beskaat entûsjasme yn Ljouwert. Behalven Ljouwert hiene har noch fjouwer Nederlânske stêden kandidaat steld. Yn 'e earste omgong foelen De Haach en Utert ôf, sadat Ljouwert it yn 'e finale opnimme moast tsjin Eindhoven en Maastricht. Earder hiene noch mar twa Nederlânske stêden har 'Kulturele Haadstêd fan Jeropa' neame mocht, te witten Amsterdam, yn 1987, en Rotterdam, yn 2001. It liek de measte waarnimmers ûnwierskynlik ta dat in provinsjestedsje as Ljouwert yn dy rige oanslute kinne soe. In ynternasjonale sjuery dy't de wediverjende Nederlânske stêden besocht en yngeand de foarstelde draaiboeken foar it evenemint ûnder de lûp naam, wie lykwols yn 2012, yn 'e earste omgong, yn Ljouwert djip ûnder de yndruk rekke fan 'e net nei te folgjen foardracht fan it gedicht De Stêd, troch de bline dichter Tsjêbbe Hettinga. Ljouwert bewissige him dêrmei fan in plak yn 'e twadde omgong, en hoewol't Hettinga it sels net mear belibje mocht, kaam sjongster Nynke Laverman doe de sjuery op 'e nij mei dat gedicht op it moed.

Promoasjefilmke foar de lanlike telefyzje.

Op 6 septimber 2013 waard yn it gebou Felix Meritis, te Amsterdam, de úteinlike kar fan 'e sjuery bekendmakke. Ta ferheardens fan 'e measte waarnimmers, en ta ferbjustering fan 'e fertsjintwurdigers fan Eindhoven en Maastricht, foel dy kar op Ljouwert. It byld fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma en deputearre Jannewietske de Vries, dy't inoar fuort dêrnei út blydskip yn 'e earmen foelen, waard neitiid noch faak sjen litten. Wylst de ferliezers teloarsteld op hûs oan giene, waard doe op 'e Westertoer de Fryske flagge útstutsen.

Tarieding en organisaasje

De tarieding fan LF2018 gie nei de oerwinning yn it nominaasjeproses mei faasje fan start. Foar de organisaasje waarden benammen net-Friezen oanlutsen, om "in frije, ûnbelêstge blik op stêd en provinsje te bewissigjen." De saaklike lieding kaam yn 'e hannen fan 'e Gelderlanner Ton F. van Dijk, wylst foar de artistike lieding de Flaming Lieven Bertels frege waard. Dy beiden kamen oan it haad te stean fan in groep fan sa'n tweintich meiwurkers, dy't se sels útkieze koene. De organisaasje krige as útfalsbasis de Blokhúspoarte. Daliks waard 'de mienskip' oproppen om inisjativen yn te tsjinjen foar it projekt, mar op dat punt begûnen de earste swierrichheden. It waard nammentlik al rillegau dúdlik dat lang net alle yntsjinne inisjativen yn it projekt opnommen wurde kinne soene. Boppedat wriek him de breklike kommunikaasje fan 'e organisaasje nei bûten ta trochdat de yntsjinners fan 'e inisjativen oer it algemien har plannen ferwachten te bekostigjen mei jild dat se fan 'e organisaasje krije soene, wylst it de bedoeling wie dat de inisjatyfnimmers sels foar jild soargje soene.

In fierdere grutte tsjinslach kaam yn septimber 2015, doe't Van Dijk him fanwegen sykte weromlûke moast. Dêrop waard troch de ried fan tafersjoch, ûnder lieding fan Wiebe Wieling, oan Bertels behalven de artistike ek de saaklike lieding oer it projekt tabetroud. Bertels miste lykwols as bûtensteander de stipe fan immen út Fryslân, sa't er sels yn july 2017 oanjoech, mei't 'de mienskip' dochs net sa maklik te oertsjûgjen bliek as dat men blykber ferwachte hie. Underwilens hied er al mei súkses yn 'e Feriene Steaten nei in baan mei mear prestiizje sollisitearre. Sadwaande sette er mei stille tomme ôf, om daliks opfolge te wurden troch Tjeerd van Bekkum, dy't foar de lieding oer LF2018 syn amt as boargemaster fan Smellingerlân opjoech. Dizze stuolledûns wie foar de bûtenwacht min út te lizzen, ek al ûntpopte Van Bekkum himsels as in súksesfol krisismanager.

Kulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 
De eardere Fryske deputearre Jannewietske de Vries, de 'geastlik mem' fan it LF2018-projekt.

Krityk foarôf

De kar foar Ljouwert as Kulturele Haadstêd hat oanhâldend ûnderwerp fan krityk west, ûnder mear fanwegen de hege kosten en it feit dat de Fryske bestjoerders de lêste desennia los fan dit projekt mar in bytsje jild yn 'e Fryske kultuer en natoer stutsen hawwe soene. It tema 'iepen mienskip' hat ek foar in protte opskuor soarge, net yn it lêste plak troch krityk fan Ton F. van Dijk, nota bene de eardere projektlieder fan it Kulturele-Haadstêdevenemint. Ek it feit dat frijwol it hiele projekt en de organisaasje derfan troch lju fan bûten Fryslân dien waarden, late ta in soad ferûntweardiging. Kabaretier Jan Jaap van der Wal, berne yn Ljouwert, neamde it projekt "dramatysk", de organisaasje "faach" en de plannen "gelul".

Fierders wie der noch it projekt Eleven Fountains ("Alve Fonteinen"), wêrby't alle alve Fryske stêden in eigen fontein krigen (of opkrongen waard) as ûnderdiel fan it Kulturele-Haadstêdevenemint. Ek dêr kaam in protte krityk op, ek yn 'e lanlike media. Weromkearende striidpunten yn 'e diskusje oer dizze fonteinen wie it brekme oan draachflak yn 'e mienskip, de pleatsing pontifikaal yn lytse wenkearnen as Sleat, Starum en Hylpen, en it feit dat de mienskip opdraaie moat foar de kosten fan in fontein dêr't net om frege is. Mids jannewaris 2018 drigen bewenners fan 'e Ljouwerter wyk Wielenpôle om 'e oansteande iepening fan LF2018 te fersteuren mei in demonstraasje as de Gemeente Ljouwert net mei harren yn petear gean woe oer de fraach wat de gemeente foar harren wyk dwaan soe. It frustrearre de Wielenpôlsters nammentlik dat der hûnderttûzenen euro's útjûn waarden oan in "kultureel festijn", wylst de gemeente syn earmste wyk yn 'e kjeld stean liet. Boargemaster Ferd Crone sei daliks ta mei de Wielenpôlsters prate te wollen, wêrmei't it gefaar fan in demonstraasje weinommen waard.

Oare wederwarichheden foarôf

Op 17 jannewaris 2018, noch foàr de iepeningsseremoanje fan it projekt, berjochte de organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018 dat de promoasje fan it evenemint "no al in súkses" wie. Dêrby bliek it benammen om promoasje yn it bûtenlân te gean. Wurdfierder Oeds Westerhof sei dy deis by in petear mei in delegaasje fan 'e Twadde Keamer dat men foarôf ien miljoen Dútsers berikke wollen hie, mar dat dat no al slagge wie mei trije miljoen. Oare lannen dêr't de organisaasje fan KH2018 him by de promoasje op konsintrearre, wiene Flaanderen, it Feriene Keninkryk en Japan. Trije dagen letter, op 20 jannewaris makke de Stifting Slachtemaraton lykwols bekend dat de spesjale edysje fan 'e Slachtemaraton, dy't yn it ramt fan KH2018 mei oanpaste rûte pland wie, net trochgie. De reden dêrfoar wie dat har fierstente min dielnimmers oanmeld hiene: foar it folle, twadeistich parkoers 3.500 en foar de iendeisrûte mar 2.000 (ta ferliking: oan 'e Slachtemaraton fan 2016 diene 13.500 minsken mei). Mei sa'n bytsje rinders leanne it de muoite net om troch te gean mei it evenemint, dat foar de frijwilligers fan 'e organisaasje in bealchfol wurk opsmite soe.

Kulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 
It stedssilhûet fan Valletta.

Iepening

Valletta

V18 (it susterprojekt fan LF2018) waard yn Valletta op sneontejûn 20 jannewaris iepene mei in grut opset feest mei in protte akrobatyk en fjoerwurk. Der kamen 80.000 minsken op ôf dy't op fjouwer pleinen yn 'e stêd in spektakulêr program te sjen krigen mei reuseftige sirkusacts en moderne dûns. Fierders waard yn in grutte fideoprojeksje op 'e gevel fan 'e Herberge fan Kastylje (Berġa ta' Kastilja), de residinsje fan 'e premier fan Malta, de skiednis fan it lân foar it fuotljocht brocht. Fertsjintwurdigers fan LF2018, wêrûnder bestjoerder Wiebe Wieling en direkteur Tjeerd van Bekkum, wiene ûnder de yndruk, mar seagen ek dingen, benammen op it mêd fan crowd management, dy't yn Nederlân nea kinne soene. Sa slingeren akrobaten tsientallen meters boppe it publyk oan in kraan, en soarge de opstelling fan brassbands hjir en dêr foar flessehalzen mei gedrang ta gefolch. It meast ymposante ûnderdiel fan 'e iepening fan V18 wie de foarstelling Rise of the Tritons, mei as mulpunt de foar dit projekt folslein restaurearre Tritonfontein, fuort bûten de Stedspoarte fan Valletta.

Ljouwert

De iepening fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa yn Ljouwert fûn plak op 'e jûn fan sneon 27 jannewaris, persiis in wike nei de iepening fan V18 yn Valletta. De jûns tefoaren waard dêr al in foarskot op nommen, doe't yn doarpen en stêden yn hiel Fryslân de saneamde 'Waarme Winterjûnenocht' holden waard, wêrby't oeral museä, teäters, bibleteken en partikulieren har doarren iepenen foar publyk. De belangstellenden waarden ûnthelle op libbens-, reis-, doarps- en spûkferhalen. Yn De Hoeve, dat him 'Kultureel Haaddoarp 2018' neame mei, gie dat mank mei it ôfstekken fan fjoerwurk en in grut freugdefjoer dêr't Aïda út ferriisde.

Kulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 
Dichter Tsjêbbe Hettinga, dy't sels LF2018 net mear belibje mocht, spile in wichtige rol by de kar fan 'e sjuery foar Ljouwert.

In dei letter loek de iepening fan LF2018 yn Ljouwert, by lichte rein en yn oanwêzigens fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima, sa'n 35.000 besikers. Dêrûnder wiene behalven ynwenners fan Ljouwert, oare 'gewoane' belangstellenden, pommeranten en sjoernalisten út Nederlân ek fertsjintwurdigers fan 'e bûtenlânske media. Sa wiene ferslachjouwers oanwêzich fan 'e Frânske kranten Le Soir en Le Figaro; de Britske kranten The Mail on Sunday en The Guardian; de Eastenrykske krante Wiener Zeitung; it Flaamske deiblêd De Tijd; en fierders fan 'e Belgyske omrop VRT, de Dútske omrop ZDF en de Italjaanske omrop RAI Uno. Ek wiene der in blogger dy't wurket foar de BBC, in sjoernalist fan it moadeblêd Marie Claire en in skriuwer fan 'e Australyske reisboeke-útjouwerij Lonely Planet.

It folk klofte gear op trije pleinen: it Saailân (offisjeel it Wilhelminaplein), it Aldehoustertsjerkhôf en it Gûverneursplein. De iepening, regissearre troch Tatiana Pratley, bestie û.m. út in treflik koördinearre muzykshow fan Tryaterliedster Ira Judkovskaja mei orkesten, muzykkorpsen en koarsang, en sjongster Nynke Laverman, dy't al sittend op 'e rêch fan in Frysk hynder it liet Seis Oere Thús song. Underwilens wiene der fideoprojeksjes op 'e tydlike tuorren ("Aldehouwen") dy't op 'e pleinen boud wiene, sadat op elts plein te folgjen wie wat der op 'e beide oare barde. Op it Aldehoustertsjerkhôf brûkten guon ûndernimmende taskôgers it nije museum Obe as tribune, wylst op it Saailân troch de lju ôfkarrend sist waard fanwegen it grutte tal opstutsen paraplu's yn it fak mei de pommeranten. Op it Gûverneursplein drige in roppende man op in balkon it programma te ûnderbrekken, mar krekt op dat stuit sette it Noard Nederlânsk Orkest dêr 't Woanskip yn, dêr't er net boppe-út komme koe.

Earder op 'e jûn wie der foar de pommeranten in rinnend buffet yn De Harmony, dêr't ek de kening en de keninginne delkamen. EU-kommissaris Frans Timmermans rikte dêr de Melina Mercouri-priis (mei in wearde fan €1,5 miljoen) út oan boargemaster Ferd Crone en deputearre Sietske Poepjes. (Melina Mercouri wie de Grykske minister fan Kultuer dy't yn 1985 it foarstel die om elts jier in Kulturele Haadstêd fan Jeropa oan te wizen.) De iepening fan it kulturele jier waard besletten mei kloklet yn 'e hiele provinsje. Yn Ljouwert sels streamden de trije pleinen fanwegen it reinige waar al rillegau wer leech. Der wiene trije offisjele afterpartys, yn Neushoorn (mei Arabyske muzyk), Sealen Schaaf (mei popklassikers) en restaurant De Koperen Tún (mei housemuzyk), dêr't men foar yn 'e rige stean moast. Ek yn 'gewoane' nachtklubs wie it drok.

Hoewol't de iepening sels troch de measte oanwêzigen as tige slagge beskôge waard, wiene de measte lju minder te sprekken oer de tillefyzjeregistraasje troch de AVROTROS. Yn it foarste plak bestiene der al yn 't foar twifels oer it tiidstip fan wat in live-útstjoering hjitte moast, frij let op jûn (om healwei tsienen), nei Wie Is de Mol? De sjoggers krigen boppedat gjin echt live-ferslach te sjen, mar flarden dêrfan, ûnderbrutsen troch kommentaar, presintator Frits Sissing dy't Fryske wurden ferhaspele en foarôf opnommen items oer ûnderwerpen lykas Mata Hari en de Alvestêdetocht. Sa'n 847.000 minsken seagen nei de útstjoering, mar de reäksjes wiene fier fan loovjend. Men miste benammen de gearhing tusken de ferskillende ûnderdielen fan it programma en útlis oer wat men te sjen krige. De AVROTROS sei yn reäksje op 'e krityk dat men besocht hie om yn gearwurking mei de organisaasje fan LF2018 "in moai ferslach" fan 'e iepening te meitsjen, en dat it harren muoide dat se net "foldwaan kinnen hiene oan 'e ferwachting fan eltsenien".

Yn 'e Ljouwerter Krante ûntjoech him letter dy wyks fia ynstjoerde stikken in diskusje oer Sissing syn (misse) útspraak fan termen as "iepen mienskip", "ús heit" en "it giet oan". Dat begûn mei in brief fan in Sjoerd Hania út Dokkum dy't him der freeslik oan ergere hie dat Sissing blykber net de muoite nommen hie om foarôf even te ynformearjen nei de útspraak fan 'e Fryske wurden dy't er oplêze moast: "Wa't, lykas Frits Sissing, fanneeds wat yn it Frysk sizze moat, plakt dan faak pratendeweis de letters op papier oaninoar. Hoe't it klinkt, makket neat út. It is dochs mar Frysk." Dêrop waard reägearre troch emearitus-heechlearaar fonetyk en gastûndersiker by de Fryske Akademy Vincent van Heuven, dy't hawwe woe dat de krekte útspraak it Frysk foar Hollanners tige dreech is om oan te learen. Oersetter Willem Janzen brocht dêrtsjin yn dat Sissing yn 't foar wist dat er dizze Fryske wurden útsprekke moatte soe, en dat er oangeande de útspraak by wize fan tarieding op syn wurk gewoan advys ynwinne moatten hie by de Afûk of de Fryske Akademy.

In promoasjefilmke fan LF2018.

Underdielen fan LF2018

(op folchoarder fan datum)

  • Mata Hari, de Myte en het Meisje
  • Wad
  • In Motion
  • Romantiek in het Noorden
  • 11Fountains
    Projekt om 'e Fryske alve stêden mei-inoar te ferbinen troch se allegear in nije fontein te jaan. Hiele jier 2018 (en nei't men oannimme mei dêrnei ek noch) fergees te besichtigjen. (Webside)
  • De Pauperfontein
    Better bekend as de "Pimelfontein". In kritysk wjerlûd fan 'e mienskip op 'e djoere fonteinen fan it projekt 11Fountains. Mooglik makke troch crowdfunding en dêrnei offisjeel opnommen yn it programma fan LF2018. De Pauperfontein reizget yn 2018 troch hiel Fryslân en wurdt, as de lokaasje dat tastiet, útwreide mei it teäterstik Dy Lul Is fan My. (Webside)
  • Adje Lambertsz
  • Iepen UP
    Projekt om it publyk by de 'iepen mienskip' te belûken, û.m. mei it wyklikse jûnsprogramma Iepen UP Live, yn Neushoorn, foar diskusje en optredens. Hiele jier 2018. (Webside)
  • VHDG (Voorheen de Gemeente)
    Ljouwerter keunstnerskollektyf mei in eksposysjeromte yn 'e Haniasteech en in âlde SRV-bus dêr't se de provinsje mei trochkruse. It hiele jier 2018. (Webside)
  • Phantom Limb
  • Façade: De Laatste Dagen van Mata Hari
  • Iepening
  • Iepen Mienskipsprogramma
    Sammelnamme foar 118 ûnderskate lytsere ûnderdielen fan KH2018, dy't allegear op har manear mei it tema 'iepen mienskip' te krijen hawwe. Hjirûnder binne û.m. gearbrocht: de tentoanstelling Mata Hari, Lady of Fashion; it projekt Leen een Fries; it Iepenloftspul Burgum; de foarstelling Oriental Dreams; de tentoanstelling Reve yn Fryslân; de tentoanstelling Tinco Lycklama: In Fryske Jonker yn de Oriïnt; de drakeboatrace Kollum; de ekskurzje oangeande Fryske rassen en gewaaksen yn Tytsjerk; it Pylgerfestival Sint-Jabik; de tentoanstelling oer it Fryske hynder op De Gerdyk; ensfh. Fan 27 jannewaris oant en mei 31 desimber 2018. (Webside)
  • De Reis
  • Dada in Dr8888
Kulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 
It driuwend paviljoen Liwwadders yn 'e Prinsetún, dêr't alles draait om Ljouwert en syn bewenners.
  • Strangers on Stage
    De namme fan it teäterprogramma fan LF2018, dat bestiet út in grut tal ûnderskate ûnderdielen, mei ynternasjonale topfoarstellings lykas Slava’s SnowShow en it European Stand Up Comedy Festival. Fan 7 febrewaris oant en mei 31 desimber 2018. (Webside)
  • Holstmeer
  • Iepen Doar(p)
  • Giorgio Morandi en Bologna
  • Yiddish Waves
  • Sjen yn it Tsjuster
  • Farm of the World
  • Sense of Place
  • Waterconnecting 2018
  • Places of Hope
  • Lost in the Greenhouse
  • Silence of the Bees
  • Potatoes Go Wild
  • Wereldburgers van de Voorstreek
  • Escher op Reis
  • The Colorfield Performance
  • 100 Jaar De Ploeg
  • Finestra Aperta
  • Subterranean Matter
  • Made in Holland
  • Innofest
  • Never Ending Orchestra
  • Fossylfrij Fryslân
    Projekt dat sjen lit dat Fryslân sûnder fossile brânstoffen kin. Mei in 'Alvewegetocht', in futuristyske parade, in enerzjykongres en in ynternasjonale sinneboatrace troch de greften fan Ljouwert. Fan 1 oant en mei 14 july 2018. (Webside)
  • Into Nature
  • 8ste Dag
  • Welcome to the Village
  • Opera Spangea: Aïda
  • The Sea! The Sea!
Kulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 
It 'Famke' fan 'e Reuzen yn Ljouwert.
  • LÛD
  • Noorderzon
  • Twadde Triënnale fan Beetstersweach
  • Welstaat
  • De Fryske Dûnsdagen
  • Dorp Europa
  • Kirana
  • Poetic Potatoes
  • ReOpening
  • Sailing on the Grass
  • Look@Me
  • Explore the North

Opskuor om Malta

Mids april 2018 ûntstie der opskuor nei't it ynternasjonale skriuwersbûn PEN International de organisaasje fan LF2018 yn in iepen brief frege hie en sprek him út tsjin 'e gong fan saken by V18, de Malteeske tsjinfuotter fan it projekt. V18-baas Jason Micallef hie him nammentlik minachtsjend útlitten oer de in pear moannen earder by in bomoanslach fermoarde Malteeske sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. Sa dreau er de spot mei de lêste wurden dy't hja skreaun hie, en boppedat rôp er op ta de ferwidering fan it spontaan foar har yn Valletta oprjochte tinkteken. PEN skreau: "It bespotten fan 'e oanslach op in sjoernalist yn it hert fan 'e Jeropeeske Uny kinne wy net tastean, en alhielendal net as dat dien wurdt troch autoriteiten oan wa't it oanfiterjen fan 'e media en kultuer fan 'e Jeropeeske Uny tabetroud is." It brief wie ûndertekene troch in groep foaroansteande skriuwers, wêrûnder Margaret Atwood, Jennifer Egan, Neil Gaiman, Kristien Hemmerechts, Geert Mak, Ian McEwan, Vonne van der Meer, David van Reybrouck, Salman Rushdie en Franziska Sperr. It antwurd fan LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum wie: "It wurdt no superpolityk en dêr brâne we ús fingers leaver net oan." Caruana Galizia har soan Matthew pleatste in ferbjustere reäksje op Twitter, en kwalifisearre Van Bekkum syn útlittings dêrby as "in beskamsume útspraak". Ek by CDA-Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt skeaten Van Bekkum syn wurden yn it ferkearde kielsgat. "De stilte út Ljouwert is earferdôvjend," twittere er.

Van Bekkum, dy't de opskuor net ferwachte hie en fral stutsen wie troch de opmerkings fan Omtzigt, besocht dêrnei syn stânpunt te fertsjutskjen troch te sizzen: "Wy dogge beslist gjin politike útspraken. Dat litte we oer oan wethâlder Sjoerd Feitsma en deputearre Sietske Poepjes. Dat binne politisy en dy kinne dêr folle fierder yn gean." In fierdere oanfolling fan him oer Malta en de moard op Caruana Galizia wie: "It is dêr hiel lyts, lytser noch as Fryslân, en alles is dêr polityk. Wy wiene der net by, we kenne de kontekst net." As er Micallef wer trof, soed er de kwestje lykwols perfoarst "beneame". Feitsma joech, doe't him dernei frege waard, oan de útspraken fan Micallef "net fatsoenlik" te finen, mar neffens him hoegde dat de gearwurking tusken de beide kulturele haadstêden net yn 'e wei te stean. Op 17 april fertsjutske Van Bekkum syn stânpunt noch fierder troch op 'e webside fan LF2018 te skriuwen: "Eltse oanfal op 'e parsefrijheid, artistike frijheid en frijheid fan mieningsutering karre wy ôf. Lit dêr gjin misferstân oer bestean." In dei letter, op 18 april, gied er op in gearkomste yn it ramt fan LF2018-ûnderdiel IepenUp Live noch fierder troch de bocht troch dêr yn it iepenbier ôfstân te nimmen fan 'e útspraken fan Micallef oer Caruana Galizia.

Dêrmei wie it spul lykwols noch net delbêde, want ûnder deselde gearkomst ûntstie der rebûlje doe't publisist en âld-Keunstwurk-bestjoerder Huub Mous Van Bekkum foar "sloppe lul" útmakke en him 'beskeat' mei in wetterpistoal. In oare sprekker, rjochtsfilosoof Afshin Ellian, dy't krekt tefoaren útlein hie dat in folsleine frijheid fan mieningsutering en it geweldsmonopoalje fan de steat de pylders binne dêr't neffens him in sûne demokrasy op rêst, reägearre skokt op 'e aksje fan Mous en ferwiisde nei de publisist as "túch". Op 20 april waard Mous, doe't er yn Stedsgallery 2018 (fêstige yn 'e kelder fan it Ljouwerter stedhûs) de tentoanstelling De Reis iepene, ta syn ferbjustering sels mei in wetterpistoal 'besketten' troch keunstner Catrinus Spinder.

Op 27 april sette LF2018 ynienen "swier geskut yn tsjin mei-kulturele haadstêd Valletta." Fanwegen de slepende kwestje-Caruana Galizia waard besletten dat de Fryske bestjoerders tenei de programma-ûnderdielen fan V18 boykotte soene. En net inkeld dat, mar àlle bestjoerlike kontakten tusken LF2018 en V18 waarden ferbrutsen, eat dat trouwens gjin gefolgen hie foar de kulturele útwikseling fia programma-ûnderdielen fan 'e beide projekten dy't mei-inoar gearwurken. Neffens Van Bekkum koe hy "net mei goed fatsoen nei Malta en ik kin de bestjoerders fan Valletta2018 ek net mei goed fatsoen hjirhinne helje," om't Micallef by syn útspraken bleau en der yn 'e organisaasje fan V18 blykber gjin oanstriid bestie om him teplak te setten. Krekt oarsom: ûnderwilens hie de artistyk lieder fan V18, Mario Philip Azzopardi, it noch minder makke troch in oare krityske Maltese, aktiviste Martina Urso, út te meitsjen foar "a sorry bitch" ("in treurige trut"). Hoewol't Azzopardi op 26 april op sosjale media tajoech dat er mis west hie om sa'n kwalifikaasje te brûken, wiisde it dochs op in beskate grimmitige sfear binnen de organisaasje fan V18 dy't blykber gjin krityk fele koe. Van Bekkum, dy't him earst net oan 'e kwestje-Caruana Galizia brâne woe, beskôge de boykot net as in ommeswaai, en hold fol dat LF2018 him net mei polityk bemuoie moast, wat V18 op Malta neffens him krekt wól die.

Op 28 april waard bekend dat de Malteeske minister fan Kultuer, Owen Bonnici, nei Fryslân oerkomme soe om tekst en útlis te jaan. Hy hie kontakt hân mei deputearre Sietske Poepjes, dy't er derfan bewissige hie dat er de útspraken fan Micallef "ferskriklik betreure", mar ek dat it hiele spul "in delikate kwestje" wie. Poepjes koe, doe't hja dêrnei frege waard, noch net sizze wannear't it mei it besyk heve soe, mei't der noch socht waard nei "in goeie publike ambiance." Bonnici joech yn in skriftlike reäksje oan 'e Ljouwerter Krante, dy't foar in diel yn it Nederlânsk en foar in diel yn it Frysk steld wie, oan dat er de "Jeropeeske famylje" in waarm hert tadraacht, mar dat yn alle famyljes misferstannen foarkomme. "Dan is it it bêste om it mei-inoar te bepraten. Ik stean iepen foar in publike, ynhâldlike en respektfolle diskusje mei myn kollega's yn Fryslân. Fansels ek mei de Fryske mienskip."

Op 'e jûn fan 3 maaie waard yn Slieker Film Daphne: The Execution fertoand, in dokumintêre oer de fermoarde Malteeske sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. De seal wie fol, en nei ôfrin waard der applaudisearre. Huub Mous griep it barren oan om yn it iepenbier syn ferûntskuldigings te meitsjen oan Tjeerd van Bekkum foar it wietspuitsjen fan dyselde mei in wetterpistoal. De fertoaning fan 'e dokumintêre koe sjoen wurde as in symboalyske stellingname fan 'e organisaasje fan LF2018 yn 'e drege relaasje mei it susterprojekt V18. Deselde deis sei Jason Micallef, de direkteur fan V18, yn in fraachpetear mei ferskate Malteeske kranten, dat er de krityk op himsels "bûten alle proporsjes opblaasd fûn," eat wêrfan't er de skuld benammen by de media dellei. Fierders makke er dúdlik dat er gjin noed hie oer de boycot fan syn projekt troch LF2018: de gearwurking op it mêd fan kulturele projekten gie gewoan troch, en dat der gjin Fryske pommeranten mear nei Malta giene, koed er bêst mei libje.

Doe't mids juny Alexiei Dingli, de boargemaster fan Valletta, Fryslân besocht, wiene de kontakten noch altyd net ferfette. Krekt oarsom, Dingli sels hie alle gearwurking mei V18 ek opsein. Radboud Droog, wurdfierder fan LF2018, fertelde by dy gelegenheid oan 'e Ljouwerter Krante oangeande it beëinigjen fan 'e kontakten mei Micallef-en-dy: "Harren toansetting is sûnt dy tiid net feroare, dat der is noch altyd gjin kontakt." Yn 'e twadde helte fan juny beäntwurde de Malteeske minister Bonnici de e-mails en tekstberjochten net mear dy't him troch deputearre Sietske Poepjes stjoerd waarden, en ferskate kulturele útwikselingsprojekten waarden stopset. Rel met Malta escaleert, koppe de Ljouwerter Krante. CDA-Twadde Keamerleden Harry van der Molen en Martijn van Hevert stelden skriftlike fragen oan 'e Nederlânske minister fan Bûtenlânske Saken Stef Blok en fergen him op yngripen. Fryslân waard neffens Van der Molen net serieus nommen, en dat stiek him. It CDA stjoerde oan op in besyk fan Bonnici oan Fryslân (eat dat de man sels earder ûnthjitten hie), dêr't er yn it iepenbier oer de hiele kwestje befrege wurde moatte soe. Nei politike druk út De Haach joech Bonnici ta en waard ôfpraat dat er ein july of ein augustus twa dagen yn Fryslân ta komme soe.

It besyk fan minister Bonnici fûn plak op tongersdei 12 july 2018. Hy arrivearre woansdeitejûn let en waard de oare moarns op it Provinsjehûs fan Fryslân ûntfongen troch kommissaris fan de kening Arno Brok en deputearre Sietske Poepjes. Nei in besletten petear wie der in parsekonferinsje, dêr't de gearkommen sjoernalisten de Maltees it fjoer nei oan 'e skinen leine. Bonnici joech lykwols gjin krimp. Hy sei dat de sms-berjochten fan Poepjes him ûntkommen wiene troch parlemintêre drokte, hy wie út eigen frij wil nei Ljouwert kommen en net om't der politike druk op him útoefene wie, de moard op Caruana Galizia wie tige earnstige saak ("net ien yn Maltea dy't graach in moard sjocht, yn godsnamme!"), it regear fan Malta wurke folop mei oan it ûndersyk, mar de útspraken fan Micallef foelen ûnder de frijheid fan mieningsutering en dêr koe en woed er neat oan of ta dwaan. Middeis rezige Bonnici alwer troch nei Innsbruck. Uteinlik smiet syn bliksembesyk neat op en feroare der neat oan 'e beferzen relaasjes tusken LF2018 en V18. Op 'e ferklearring fan Bonnici waard mei lulkens en argewaasje reägearre troch PEN International en de djipdrôven fan Caruana Galizia, dy't seine dat de minister harren wurden ferdraaid hie doe't er úthold dat eltsenien op Malta fol lof wie oer de opstelling fan it regear en it ûndersyk nei de moard.

Ein july smiet Michelle Muscat, de frou fan 'e Malteeske premier Joseph Muscat, oalje op it fjoer troch te sizzen dat sy de dea fan Caruana Galizia miskien noch wol slimmer fûn as de djipdrôven. "Har famylje skilderet har ôf as in hillige. Ik sil no mei har leagens sjen moatte te libjen," sei frou Muscat yn 'e krante Malta Today. Dy útspraken joegen yn 'e eilânsteat oanlieding ta nije opskuor.

Weromsjen

Oan 'e ein fan 2018 hold de Ljouwerter Krante in grutte LF 2018-enkête ûnder "in represintative groep fan 1141 Fryske respondinten fan 18 jier en âlder, wêrby't rekken holden is mei in juste ferdieling nei geslacht, leeftyd en opliedingsnivo." Ek wie rekken holden mei in ferdieling tusken ynwenners fan 'e gemeente Ljouwert en lju út oare dielen fan Fryslân. Ut dy enkête kaam nei foarren dat de trochsneed Fries 4,7 LF 2018-eveneminten besocht hie (ek dyjingen meirekkene dy't gjin inkeld evenemint besocht hiene). De lju út 'e leeftydskategory tusken de 30 en 40 jier giene nei de measte eveneminten: trochinoar 7,7. It sprekt fansels dat Ljouwerters oer it algemien mear eveneminten besocht hiene as net-Ljouwerters, mar in folle grutter ferskil bliek te bestean tusken heechoplate en leechoplate lju. Heechoplaten besochten trochinoar 7,2 eveneminten, en leechoplaten mar 3,4.

Fan 'e grutte eveneminten krige Reuzen yn Ljouwert it heechste rapportsifer: 9,1 (op in skaal fan 1 oant 10). It twadde plak wie foar it hynsteteäterspektakel De Stormruiter, dat in 8,8 krige. It leechste sifer, in 7,3, wie foar it taalevenmint Lân fan Taal. As gehiel krige LF2018 fan 'e respondinten it rapportsifer 7,2. De Ljouwerter Krante pleatste de kanttekening dat it nochal in ferskil is, fan 9,1 nei 7,2. Undersiker Robert Oosterbaan fan it bedriuw Enigma Research, dat de enkête útfierd hie, seach twa oarsaken. Yn it foarste plak stelde hy fêst dat de Friezen loovjend wiene oer in stikmannich losse ûnderdielen, mar kritysk oer it kultureel jier as gehiel, "dat yn harren eagen net Frysk genôch wie." Hy ferwiisde nei Reuzen yn Ljouwert: in moai evenemint, mar wol "in ynkochte produksje." Itselde gou foar de lju fan 'e organisaasje en de keunstners dy't it 11Fountains-projekt diene: dy kamen allegear 'fan bûten'. Yn it twadde plak fûnen de respondinten (neffens Oosterbaan) dat it de organisaasje fan LF2018 te min slagge wie om alle Friezen by it kultureel jier te belûken: it bleau dochs fral in feestje foar de elite, wat ek werom te sjen wie oan it ferskil yn dielname tusken heechoplate en leechoplate lju.

Oosterbaan syn konklúzjes waarden ûnderboud troch de reäksjes (yn 'e enkête) fan 'e lju dy't LF2018 bewust of ûnbewust oan harren foarbygean litten hiene. As men dy groep apart naam, krige it kultureel jier in folle leger rapportsifer, te witten: 5,6. Hja motivearren dy legere wurdearring mei kritykpunten lykas "sûnde fan it jild", "feest fan de elite" en "ik haw der neat fan murken". As men lykwols de groep dy't wol meidie oan it kultureel jier apart naam, kaam it sifer foar LF2018 út op 7,6.

Kosten

Ein febrewaris 2019 lei de organisaasje fan LF2018 publyklik ferantwurding ôf oer jild, doelen en resultaten. Yn totaal koste it hiele projekt €72 miljoen, wêrby't 11Fountains net meirekkene is om't de kosten dêrfan al yn in ier stadium oerdroegen waarden nei provinsje en gemeenten. Fan it totaalbedrach waard €17 miljoen, of likernôch in fjirdepart, direkt bestege oan 44 dielprojekten fan LF2018. De rest gie op oan "yndirekte stipe fan 'e projekten" troch marketing, kommunikaasje, in ticketingsysteem, salarissen foar personiel en stêf yn 'e Blokhúspoarte (dêr't de organisaasje residearre), it sykjen nei sponsors en it finansieren fan in lobby.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Kulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 NominaasjeprosesKulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 Tarieding en organisaasjeKulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 Krityk foarôfKulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 Oare wederwarichheden foarôfKulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 IepeningKulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 Underdielen fan LF2018Kulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 Opskuor om MaltaKulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 WeromsjenKulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 KostenKulturele Haadstêd Fan Jeropa 2018 Keppelings om utensKulturele Haadstêd Fan Jeropa 20182018De StormruiterEvenemintFrjentsjerFryslânHaadstêdHarns (stêd)HynderJeropaJierKeatswike 2018KritykKultuerKulturele Haadstêd fan JeropaLjouwert (stêd)MaatskippijMaltaReuzen yn LjouwertTall Ships' Races 2018ToanielUnder de ToerValletta

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ferlossertsjerke yn it doarp Ubory (Moskou Oblast)DútslânHaadtsjerke fan de Russyske StriidkrêftenThe Fox and the HoundTurkish Airlines1616Wrakseljen op de Olympyske Simmerspullen 2000Yvette Bova1557FacebookYndoneezjeSwitserlânRoplettersMia LelaniKeltyske talenTritichjierrige OarlochWytLongûntstekkingKiesrjochtLegaatMeksikoFerstoar1707Jeremia (bibelboek)Amerikaanske dollarISSNSúdeast-AazjeHarmony WonderArthur Conan DoyleMisjonarishâldingA.S. ByattISBNWilfred GeneeAldenburchSint-LusiaApostelGeoffrey BayldonEddy MerckxImpala (antilope)BitcoinHûntsjeshâldingFrankenthalFoarnammeOlympyske Simmerspullen 2012Mahatma Gandhi1324Santa Maria MaggioreMichaïl GorbatsjovChewbaccaElektrisiteitGoudJeropaTwitterKalkoenenYves BaillatAmerikaanske LegerSudertsjerke (Drachten)Gymnastyk op de Olympyske Simmerspullen 2000FingerjenSielJoadenVina SkyRostov oan de DonJohn LennonMinnie BeetsKirkland (Washington)Wite TongersdeiMinskUnderwiisYnternetMyanmarSwahily (taal)🡆 More