Seisbierrum

Seisbierrum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit.

Seisbierrum leit noardeastlik fan Winaam, eastlik fan Pitersbierrum, westlik fan Doanjum, súdwestlik fan Easterbierrum en besuden de Waadsee. Op 1 jannewaris 2023 hie Seisbierrum 1.685 ynwenners. De doarpskearn leit oan ferskate strjitten om de Sikstustsjerke fan Seisbierrum.

Seisbierrum
Nije Buorren
Nije Buorren
Polityk
Lân Seisbierrum Nederlân
provinsje Seisbierrum Fryslân
gemeente Seisbierrum Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 1.685 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 10,83 km², wêrfan:
- lân: 10,66 km²
- wetter: 0,17 km²
Befolkingsticht. 158 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 13' N 5° 29' E
Offisjele webside
Webstee Seisbierrum-Pitersbierrum
Kaart
Seisbierrum (Waadhoeke)
Seisbierrum

Skiednis

Seisbierrum ûntstie op in kwelderwâl oan 'e Waadsee.

Namme

Mooglik waard it doarp yn 1139 as Berum foar it earst neamd, in namme dy't ek letter noch wol opdûkte. Yn 1275 waard it doarp Sixtisberen neamd. Dêrnei folgen nammen as Sixtebeeren (1322), de Latynske namme Sixti Borum (1324), Sexberum (1371), Sixtiberum (1456) en sûnt it begjin fan de 16e iuw as Sexbierum. De Fryske fariant wie oan it ein fan de 16e iuw Sexbirom. It earste diel is ôfkomstich fan de namme hillige Sixtus, de patroanhillige fan Seisbierrum, it twadde diel is ôflaat fan it Aldfryske 'bêre', dat 'skuorre' of 'hûs' betsjut. De namme betsjut sadwaande 'de hûzen fan Sikstus'.

Om't de namme fan Seisbierrum likernôch tagelyk opkaam mei it ferdwinen fan de namme Westerbierrum, is it mooglik dat de namme doe feroare is. In oare mooglikheid is dat Westerbierrum yn de Waadsee ferdwûn is.

Tsjerke

Seisbierrum 
Sixtustsjerke

De Sixstustsjerke fan Seisbierrum datearret út de 12e iuw en wie wijd oan de hillige Sixstus. Yn 1960 waard in stien fûn yn 'e tún fan de Alde Buorren 1. Nei't bliken die wie dat in 14e-iuwsk byldsje sûnder holle fan de hillige Adelbert. It midsiuwske byld stie op in koarstek dat mei de byldestoarm fernield rekke. Yn 2010 krige de tsjerke it sânstiennen byldsje fan de hillige Adelbert út de 14e iuw werom, dêr't it in plak krige op in sokkel yn de muorre fan de tsjerke.

Liauckemastate

Seisbierrum 
De poarte fan Liauckamastate

Yn it earste fearn fan de 14e iuw waard de Liauckemastins boud, ien fan de grutste states dy't Fryslân hie. Om't de Liauckema's hartoch Albrecht fan Saksen stipen, foelen Fetkeapers yn 1498 it kastiel oan. Yn 'e tiid fan de reformaasje bleaune de Liauckema's trou oan it katolike leauwe en om 't hja de kant fan de Spanjaarden keazen, plonderen geuzen yn 1580 it kastiel. Neitiid folge in grutte renovaasje en waarden in nije kapel en de hjoeddeiske poarte boud.

Yn 1824 waard it kastiel fanwegen de hege ûnderhâldkosten ôfbrutsen.

Ofskieding en doleânsje

Op 1 desimber 1835 ynstituearre Hendrik de Cock in Kristlike Ofskieden Gemeente yn Seisbierrum. Yn 1863 krige Seisbierrum in kristlike skoalle, weryn't de twa tsjerken fan Seisbierrum tegearre wurken dat bleau sa oant 1896, doe't der in skoalle op grifformearde grûnslach stifte waard. De groeiende gemeente kocht yn 1879 in hûs mei in foarse tún oan 'e Terp, dêr't in nije tsjerke boud waard. Tsjin it ein fan de 19e iuw brocht de doleânsje in nije weach oan leden. Yn Seisbierrum waard gjin aparte dolearjende tsjerke ynstituearre, mar de tsjerke slette him yn 1892 oan by de doe ûntstiene Grifformearde Tsjerke.

Seisbierrum 
De grifformearde tsjerke út de jierren 1920

De tsjerke oan it Achterom wie wer te lyts, mar it duorre noch oant 1927 dat de earste stien foar nijbou lein waard. Yn 1931 waard boppedat in nije grifformearde skoalle iepene. De gefolgen fan de frijmakking fan 1944 bleaune foar Seisbierrum beheind ta it ferlies fan in pear leden. Yn 1962 folge in renovaasje fan de tsjerke en waarden nije kleurde ramen ynbrocht. Ek waard de âlde pastorij, in eardere notariswente, ôfbrusten en ferfongen troch nijbou. Dat wie ek in tiid dat de ûnttsjerkliking in begjin makke oan it ein fan de bloei fan de grifformearde mienskip fan Seisbierrum. Stadichoan ûntstiene der wer kontakten mei de herfoarme gemeente en yn 2007 waard besletten om oer te gean op ien Protestantske gemeente Seisbierrum-Pitersbierrum. Yn de ta 'De Terskflier' omneamde grifformearde tsjerke waard yn 2021 foar it lêst preke. It tsjerkegebou sil ferboud wurde ta apparteminten. It oargel waard ferkocht oan de Grifformearde Gemeente fan Veen (Noard-Brabân), dêr't yn 2022 útein set waard mei de bou fan in nije tsjerke.

Bestjoerlike yndieling

Sûnt 2018 leit Seisbierrum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Barradiel.

Oarspronklik wie Minnertsgea it haadplak fan de gritenij Barradiel, mar sûnt 1832 waard Seisbierrum it haadplak. It gemeentehûs kaam yn Walburgastate, dat yn it oanbuorjende Pitersbierrum lei. Om it gemeentehûs yn it haadplak te krijen waard de grins tusken Seisbierrum en Pitersbierrum in lytse hûndert meter opskood, sadat Walburgastate yn Seisbierrum kaam te stean. Dat bleau sa oant 1984, doe't de twa doarpen by Frjentsjerteradiel yndield waarden en Seisbierrum gjin haadplak mear wie. De grins tusken Seisbierrum en Pitersbierrum is dêrby wer op it âlde plak wêrom lein en dêrmei einigen de strideraasjes oer de grinsferskowing.

Mûne en attraksjepark

Seisbierrum 
Nôtmûne 'De Korenaar'

Sûnt de 15e iuw hie Seisbierrum in nôtmûne. De herfoarme tsjerke liet yn 1868 de hjoeddeiske nôtmûne bouwe. Nei de Twadde Wrâldkriich rekke de mûne bûten gebrûk. De mûne is yn partikuliere hannen en kin besichtige wurde.

Sûnt 1987 hie Seisbierrum de piramide fan Aeolus (god fan de wyn). Aeolus is destiids boud as wyn-attraksjepark en besikerssintrum fanwege it nije wynmole-eksperiminteel park tichtby Seisbierrum (feitlik op de himrik fan Easterbierrum) dat oant 1994 duorre. Letter waard it in boartersparadys. It attraksjepark gie yn 2017 ticht en yn april 2022 waard de glêzen piramide ôfbrutsen. Op it plak fan it park komt in wenwyk.

Oars

Om it doarp ûnstie yn de lêste desinnia in soad kastúnbou.

Mienskip

Seisbierrum 
Latsma State

Seisbierrum foarmet mei Pitersbierrum in twillingdoarp, mei't de twa doarpen de lêste 60 jier oan inoar groeid binne en ek fierder mei inoar ferweve binne. Tegearre hawwe de doarpen sa'n 1730 ynwenners (stân: 2022) en hja dogge in soad dingen tegearre, lykas ien feriening foar Doarpsbelang en in dield doarpshûs. Tsien kear yn 't jier ferskynt harren doarpsblêd 'Silhûet'. Yn 2023 waard it âlde doarpshûs It Waed ôfbrutsen om útein te setten mei de nijbou fan in Multyfunksjonele Akkomodaasje foar de twa doarpen. Njonken it doarpshûs wurde dêr ek in gymseal en aktiviteiten foar de tsjerke ûnderbrocht. Njonken de bydragen fan de provinsje en de gemeente lei it doarp der sells 1 miljoen euro op ta om de nije MFA mooglik te meitsjen.

Seisbierrumers wurde tradisjoneel foar sleeptoffels útmakke.

Tsjerke

Skoalle

Seisbierrum 
Protestantsk-kristlike basisskoalle 'De Skeakel

Sûnt de simmer fan 2017 is der noch mar ien skoalle oer yn Seisbierrum. De iepenbiere basisskoalle 'De Barraboech' moast doe de doarren slute fanwegen te min bern en in mislearre fúzje mei oare iepenbiere skoallen. De kristlike basisskoalle 'De Skeakel' is tsjintwurdich de iennige skoalle fan it doarp. De skoalle waard yn 2022-2023 ferboud en grutter makke.

Seisbierrum 
Alde Buorren

Ferienings

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

Seisbierrum 
Nije Buorren

Befolkingsferrin

Jier 1840 2013 2015 2020
Ynwenners 934 1742 1738 1695

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Berne

Monuminten

Seisbierrum 
Gevelstien oan de Alde Buorren 3 fan in 17e-iuwske trijemaster
  • De Sixtustsjerke mei it Tsjerkepaed.
  • De wenhûzen oan de Alde Buorren 1 en 3.
  • Fan it kompleks fan Liauckama State bleaune it poartegebou fan de state, it stateterrein, in pleats en in arbeidershûske bewarre.
  • Oan de Hearewei 30 stiet de nôtmûne De Korenaar.
  • Monumintale pleatsen steane oan it Frjentsjerterein 25, de Frjentsjerterdyk 16, de Latsmaleane 1 (Latsmastate), de Liauckamaleane 2 (de kop-hals-romppleats fan Liauckama State .
  • Eastlik fan de Hoarnestreek 7 oan de Ottemaleane is ien fan de fiif noch besteande stinswieren te sjen. De himrik fan Seisbierrum telt meardere terpen.

Strjitten

Alle strjitten yn Seisbierrum.

Ferskaat

Tusken 1903 en 1935 hie Seisbierrum in stasjon oan it spoar Stiens-Harns.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Tags:

Seisbierrum SkiednisSeisbierrum MienskipSeisbierrum MonumintenSeisbierrum StrjittenSeisbierrum FerskaatSeisbierrum Sjoch ekSeisbierrum1 jannewaris2023De WaadhoekeDoanjumDoarpEasterbierrumGemeente (bestjoer)PitersbierrumSixtustsjerke (Seisbierrum)WaadseeWinaam

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SinnestelselHurdegarypster OpfeartWarsjaupaktFenloStút (lichemsdiel)IemshavenList fan planetoïden 47001-48000Echte fazantfûgelsGrutte Synagoge (Tomsk)SeksualiteitNoard-IerlânKrusiging fan JezusAmerikaanske dollarOrgasmeMaarten de JongSpoar fan Grins nei DelfsylList fan haadstêdenGeorgjeLift (hefmeganisme)923SprinkhoannesjongersKoptysk-Otterdokse Tsjerke1 maartJaylene RioReklamefilmkeGrut-BrittanjeBrezjnev-doktrineMarije Cornelissen1945Fedde Schurer2021Noardlike NjonkenlinenJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)1169Dôve NettelBroeinettelDútslân2022Tony BeetsHerbert HooverHichtefreesStasjon Delfsyl WestLavish StylesAutoKrystal SwiftGolf fan RigaTrije-ienheidskatedraal (Pskov)1979Nederlânsk Kanker YnstitútRjochtsaakBernepornografyGotoku SakaiKraj PrimorskiList fan lannen en territoariaList fan planetoïden 24001-25000Kanada20e iuwShalina DevineWiskunde14 julyMe Before You (film)FerkrêftingGokkenJ. MacJoost van den VondelAldfryskChakassië🡆 More