Innsbruck

Innsbruck is in 800 jier âlde stêd yn it súdwesten fan Eastenryk en is de haadstêd fan de dielsteat Tiroal.

It leit oan de rivier de Inn en is in populêre wintersportbestimming. It is ek tige populêr foar de simmerfakânsjes. Innsbruck hat de status fan in statutêre stêd en hie op 1 jannewaris 2016 130.894 ynwenners.

Innsbruck
Lizzing fan Innsbruck yn Eastenryk
Lizzing fan Innsbruck yn Eastenryk
Polityk
Lân Eastenryk
Dielsteat Tirol
Distrikt Innsbruck I
Sifers
Ynwennertal 130.894 (01-01-2016)
Oerflak 104.91 km²
Befolkingsticht. 1115,4 ynw/km²
Oar
Koördinaten
Innsbruck
Wapen fan Innsbruck
Innsbruck
It gouden dak yn de binnenstêd
Innsbruck
De Hofburg

De brêge oer de Inn dêr't de stêd nei neamd is, makke fan Innsbruck yn de 12e iuw in wichtige halte yn de hannelsrûtes út Itaalje en Switserlân wei nei Dútslân. It hat in protte midsiuwske gebouwen, wêrûnder de Fransiskaanske Hofkirche en de Fürstenburg, in 15e-iuwsk kastiel mei it ferneamde balkon mei it gouden dak. Innsbruck is fierders ek in universiteitsstêd mei 40.000 studinten. In protte fan dy studinten komme út it bûtenlân, fral út Súd-Tirol en Dútslân. Sûnt 2004 binne der twa universiteiten yn de stêd, de Leopold-Franzens-Universität en de Medizinische Universität Innsbruck. Foar 2004 hearde dy lêste noch by de Leopold-Franzens-Universität.

It besjen wurdich

  • Fürstenburg, in 15e-iuwsk kastiel mei it ferneamde balkon mei it gouden dak
  • Kaiserliche Hofburg
  • Hofkirche
  • Altes Landhaus
  • Altstadt, âlde binnenstêd
  • Annasäule
  • Helblinghaus
  • Maria-Theresien-Straße, haadstrjitte
  • Tiroler Landestheater Innsbruck
  • Triumphpforte
  • Bergiselschanze, ûntwurpen troch Zaha Hadid
  • Hungerburgbahn, ûntwurpen troch Zaha Hadid

Musea

Der binne likernôch tweintich musea yn Innsbruck, wêrûnder

  • Innsbrucker Riesenrundgemälde
  • Schloss Ambras
  • Tiroler Landesmuseum
  • Tiroler Folkskeunstmuseum
  • Stadtmuseum
  • Zeughaus
  • Tiroler MuseumsBahnen (Lokalbahn & Straßenbahnmuseum)
  • Tiroler Kaiserjägermuseum
  • Alpenvereinsmuseum

Winkelje

Innsbruck 
Maria Theresiastrasse

De Maria Theresienstrasse is ien fan de wichtichste winkelstrjitten.

Sport

Innsbruck is fral bekend fan de wintersport. De Olympyske Winterspullen binne twa kear yn Innsbruck hâlden, nammentlik yn 1964 en yn 1976.

De lokale iishokkyklup HC Innsbruck spilet yn de heechste Eastenrykske iishokkykompetysje. Innsbruck is de thúshaven fan FC Wacker Innsbruck mei it Stadion Tivoli Neu, dat útkomt yn de Bundesliga. It eardere FC Tirol Innsbruck wûn tsien kear de Eastenrykske lânstitel oant de klup fallyt gie yn 2002. It stadion Tivoli wie yn juny 2008 it spylplak foar guon wedstriden fan it Europeesk kampioenskip fuotbal 2008.

Ferkear en ferfier

Innsbruck hat in stasjon, it Innsbruck Hauptbahnhof, dêr't treinferbinings út alle wynstreken wei gearkomme. Yn de stêd is ûnder oare in tram. Innsbruck is berikber fia de Inntal Autobahn en de Brenner Autobahn. De stêd hat in eigen fleanfjild.

Partnerstêden

Berne

Innsbruck 
Freark III
  • Freark III ( 21 septimber 1415 - 19 augustus 1493), kening fan Dútslân en fan 1452 ôf oant 1493 keizer fan it Hillige Roomske Ryk
  • Margareta II fan Eastenryk (1416 - 12 febrewaris 1486), frou fan karfoarst Freark II fan Saksen
  • Andreas Kofler (17 maaie 1984), skânsspringer
  • Eva Lind (14 juny 1966) sopraan en tillefyzjepresintatrise

Keppelings om utens

Tags:

Innsbruck It besjen wurdichInnsbruck MuseaInnsbruck WinkeljeInnsbruck SportInnsbruck Ferkear en ferfierInnsbruck PartnerstêdenInnsbruck BerneInnsbruck Keppelings om utensInnsbruckEastenrykStêdTiroal (dielsteat)Wintersport

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Maserati XXXWashington (steat)1616Eva KareraHamilton (Ontario)7e iuwCherokee d'AssIt's a Beautiful DayKilesturtpappegaaidoAlbum (muzyk)Anne HenningJaylene RioPylksturtpappegaaidoKanadaPakeMinsklike seksuele aktiviteitModel (berop)WylpreagerfûgelsSaotomeeske pappegaaidoPierre Auguste CotLeppelbekTucsonArcheologyHôfwrotmûzen2003Siren ThornThomas BrooksBrânreadeKaapsk grûniikhoarntsjeTsjerkhôfHarmen SytstraJapanSintraal-Afrikaanske RepublykResjerzjeSkiednis1994GetalCowgirlhâldingBouke OldenhofAnale seksSweedskShalina DevineTon (massa)Yndoneezje8521985websteeFideospultsjeLytse leppelbekOktoberrevolúsje28 maartGrutte pappegaaidoGNU/FDLMynomesNovialMinosDrugsNijverdalSavana GingerWest Coast ProductionsJohn de MolMirka Antolović-TipurićShae SummersAnno GalamaJ. MacSeimunds pappegaaidoJoyce OliveiraKunnilingusOflûken (seksualiteit)🡆 More