Goud
Goud is in skiekundich elemint mei symboal Au en atoomnûmer 79.
Goud is in skiekundich elemint mei symboal Au en atoomnûmer 79. It is in giel metallic oergongsmetaal. It is al sûnt de streamkultueren (Heine Easten fan 3500 f.Kr. oant 800 f.Kr.) tige wurdearre en is roastfrij, dêrom wurdt goud soms "de kening fan de metalen" neamd.
Untdekking
Suver goud is in ticht, mar sêft metaal. Eardat it brûkt wurde kin, moat it suvere wurde en foar de measte doeleinen wurdt it mongen mei oare materialen om it hurder te meitsjen. De suverheid fan goud foar sieraden wurdt mjitten yn karaat; suver goud is 24 karaat. Faak foarkommende suverheidsgraden binne 14 karaat (58,5% goud), 18 karaat (75%) en 22 karaat (91,6%).Goud wurdt al lange tiid as weardefol metaal sjoen. Yn Egyptyske hiëroglifen fan de 26e iuw f.Kr. wurdt al melding makke fan goud as betelmiddel. Oant ± healwei de 20e iuw waard goud noch faak brûkt foar munten.
Yn de âldheid wie goud net allinnich bekend as weardefol, mar gie der ek magy fan út en stie it symboal foar suverheid. Algemisten hawwe lange tiid socht om de stien fan de wizen, om oare materialen om te setten yn goud. Dat it harren nea slagge is, is út de hjoeddeiske ynsichten oer de opbou fan atomen goed te ferklearjen.
Yn de 19e iuw binne der benammen yn de Feriene Steaten en Austraalje in soad goudboarnen ûntdekt, wat de goldrushes, of goudkoarts fan gefolgen hie.
It symboal fan goud Au is de ôfkoarting fan it Latynske aurum. De namme goud is ôflaat fan de Indo-Europeeske woartel ghelwa, wat yn it Sanskryt late ta jval.
Tapassings
As suver metaal is goud sa goed as ûnbrûkber foar yndustriële tapassings trochdat it sa sêft is. Dêrom wurdt it faak brûkt yn legearings omdat it elemint treflike elektryske eigenskippen hat en tige korroazjebestindich is. Sûnt de 20e iuw is goud praktysk ûnmisber yn de yndustry. Inkele tapassingen binne:
- Kwalitatyf heechweardige elektryske skeakelders en konnektors.
- Yn de romtefeart as coating foar keunstmoannen omdat goud ultrafiolette strieling goed reflektearret.
- Hoewol't it faak ferfongen is troch oare metalen wurdt yn guon monetêre stelsels goud (noch) brûkt foar muntjild.
- Yn in soad elektroanyske komponinten wurdt goud brûkt.
- De radioaktive isotoop 195Au wurdt brûkt by kankerûndersyk.
- It dekken fan papier- en muntjild (sulver wurdt dêrby ek brûkt)
- Yn de skiednis fan de minsk wie goud fanwege syn glâns en krapte altiten in symboal fan wielde. Húshâldlike foarwerpen waarden dan ek soms fan goud makke of fergulde. Itselde gou foar keunstwurken.
- De moaie glâns en de goede korroazjebestindichheid makken goud in populêr metaal foar sieraden. 80% fan alle goud wurdt hjirfoar brûkt.
- Borduerwurk mei goudtried, eigentlik slachmetaal.
- Kroanen yn de toskhielkunde
Opmerklike eigenskippen
Metallysk goud hat in giele glânzjende kleur. Tige fyn ferdield kin it ek oare kleuren lykas swart of donkerpears oannimme. Fan alle bekende metalen dy't by keamertemperatuer fêst binne, is goud, nei lead, it maklikst te bûgen en te ferfoarmjen.In blokje goud fan 1 gram kin plette en walske wurde ta in plaat blêdgoud mei in oerflak fan 1 kante meter. Blêdgoud kin lime wurde op foarwerpen wêrtroch't dy fergulde wurde. It is tagelyk ek mooglik om goud middels elektrolyze op foarwerpen oan te bringen.
Goud is in poerbêste elektryske en termyske gelieder en sa goed as ynert.
Goudgemy
Goud stiet bekend as in ynert edelmetaal dat mar in bytsje reaktiviteit fertoant. It reageart bygelyks net mei soerstof. Dochs binne der frijwat goudferbinings bekend lykas goudhalogeniden en goudgalkogeniden. It metaal is oplosber yn keningswetter êrby't it in AuCl4-ion foarmet.
Mei swierdere eleminten, lykas tellurium is de reaktiviteit sels frij grut. Goudtelluride is in mineraal en gouderts.
Goud foarmet yn de regel ferbinings mei in oksidaasjegetal +1 of +3. Mar der is ek in lyts oantal ferbinings wêryn it sels as oksidator optreedt en oksidaasjegetal -1 oannimt, de auriden.
Ferskining
Troch de relative ynertheid komt goud faak yn net-bûne foarm yn de natoer foar. Soms wurdt it yn grutte hoemannichten oantroffen, mar meastal komt it foar as spoare-elemint yn mineralen. Yn hast de heule ierdkoarste komt goud yn tige lytse konsintraasjes foar yn de mineralen petzyt, kalaveryt en sylvanyt. De hoeveelheden binne foar kommersjele winning perfoarst ûnrindabel. De heechste konsintraasjes wurde sûnt 1880 fûn yn Súd-Afrika en sa'n twatredde fan de wrâldproduksje komt út dat lân. Oare grutte goudminen lizze yn Nevada en Súd-Dakota yn de Feriene Steaten. By de wichtichste goudprodusearjende lannen hearre (yn 2001) ek Austraalje, Yndoneezje en Sina. Sawat twa tredde fn de winning bart yn iepen minen (deibou) en jout in soad ôffal. Foar it goud fan in ring fan 10 gram mei in halte fan 18 karaat ûntstiet 18.000 kg ôffal. Twa bekende goudwinningsmetoades brûke it fergiftige natriumsyanide en ek fergiftige kwik neffens:
- 4 Au + 8 NaCN + O2 + 2 H2O → 4 NaAu(CN)2 + 4 NaOH.
It fergiftige natriumsyanide hat ûnder oare in grutte miljeuramp feroarsake by de Summitville myn yn Rio Grande County, Kolorado yn de Feriene Steaten.
Benammen eartiids waard kwik brûkt omdat goud dêryn oplost (goud-kwik: amalgaam).
Ornaris komt goud foar as fine kerrels, ferspraat yn in stiente. Om sichtber te wêzen foar it bleate each moat de ferhâlding goud yn gouderts mear as 30 mg/kg (30 ppm) bedrage. Foar de measte goudminen betsjut dit dat it goud yn de erts net sichtber is.
Isotopen
Stabylste isotopen | |||||
---|---|---|---|---|---|
Iso | RO (%) | ferfaltiid | FF | FE (MeV) | FP |
195Au | syn | 168,10 d | EF | 1,220 | 195Pt |
197Au | 100 | stabyl mei 118 neutroanen |
Der bestiet ien stabile isotoop gan goud en ûngefear 18 ynstabile, wêrfan 195Au mei in ferfaltiid fan rom 168 dagen it stabylst is.
Toksikology en feilichheid
Foar in misklik lichem is suver goud ûnskealik en de measte goudferbinings binne net sa fergiftich. Lever- en nierbeskeadigingen, dermatitis en kolitis kinne lykwols ûntstean by relatyf hege doses goudferbiningen (yn de oarder fan grutte fan wyks inkele tsienden fan in gram) lykas nedich by de behanneling fan reumatoïde artritis. Soms mei deadlike ôfrin.[1]Kolloïdaal goud kin opnomd wurde troch saneamde makrofagen, sellen dy't in grutte rol spylje by it op gong hâlden fan ûntstekkingsprosessen (lykas by reuma), wêrnei't se deade wurde (en de ûntstekking remme wurdt). Hjirta wurdt dit goud faak ynjektearre yn pasjinten (omdat hege doses nedich binne foar effekt).
Fierders kin goud (as sa hjitten spoare-elemint) in belangrike rol spylje foar ferskate enzymatyske prosessen; en dit kin grif optrede by lege hoemannichten yn lichem. It minsklik lichem ( by in gewicht fan 70 kg) befet fan natuere ± 0,2 mg goud.[2]
Hannel en belizzing
De goudpriis wurdt bepaald per troy ounce, dat stiet ûngefear lyk mei 31,1 gram. Dizze wurdt útdrukt yn in bepaald bedrach oan Amerikaanske dollars, te bepalen op de goudmerk. Yn 2010 kaam de goudpriis op in rekordstân te stean.
Mar goud hat sûnt 1980 yn in saneamde ‘bear-market’ sitten. Nei de grutte ynflaasje fan ein jierren santich en begjin jierren tachtich rûn de goudpriis op nei in rekordhichte fan wol $887 it ounce ($2400 it ounce as ynflaasjekorreksje tapast wurdt). Doe't dizze perioade efter de rêch wie sakke de goudpriis nei in djiptepunt fan $254 it ounce yn 2001, om dêrnei nei in grutte klim te begjinnen. Deze klim is komd trochdat wrâldwiid dúdlik waard by de grutte ynvestearders en ekonomen dat de Feriene Steaten har djip yn de skulden stutsen en dizze finansierde mei harren eigen faluta fia de FED. Hjirtroch is te fernimmen dat der in taflecht is nei fysyk goud. Belizzingsgoud wurdt levere yn munten; lykas de Krugerrand, of yn bierfoarm.
Troch de relative weardefêstheid wurde ek op it ynternet mear en mear siden iepene dêr't mei firtueel besit fan goud betelle wurde kin of hannele. In foarbyld fan dizze firtuele goud-currency is E-gold. In oar foarbyld is Goldmoney.
Konsumpsje fan goud
Der binne ferskate dranken dêr't goud yn ferwurke is. Dit betreft 24 karaats blêdgoud.
- Kimpun Sake
- Goldstrike
- Breidstriennen
- Yn Amerika begjint it in raazje te wurden om kolloïdaal goud yn te nimmen. It soe lokkich en sûn meitsje en ek de yntelliginsje mei 20% ferheegje. Dêrta wurde doses goud ynnomd dy't de hoemannichte goud dy't fan natuere yn it lichem oanwêzich is folle kearen oerstige.
Taal
It stoflik eigenskiplik namwurd fan goud is gouden. Wurdt eat mei in laachje goud of goudfarve bedekt, dat hjit soks fergoldzje. Goud is ek in kleur, ornaris werjûn as in 'waarme' tint giel. It wurd Goud hat yn it taalgebrûk syn plak ferovere as "weardefol" en/of "duorsum", of wurdt oars figuerlik brûkt, bygelyks:
- In gouden brulloft: 50-jierrich houliksjierdei
- In gouden jubileum
- Gouden medalje
- De goud (muzykferkeap)gouden plaat, foar in soad ferkochte muzykalbums
- In rendabele belizzing, in fuotballer dy't in soad skoart, in famyljelid dêr't men op rekkenje kin binne "harren gewicht yn goud wurdich".
- De gouden iuw
- De gouden fyk
- De faluta gûne wie oarspronklik in gouden munt.
- In hert fan goud
- Dat wurdt in gouden keatling of in izeren - in faaie ûndernimming
- Dat is myn gouden oere - myn moaiste momint
- Oer de goudene brêge wêze - de leeftiid fan bern krijen foarby wêze
- De goudene hoep - de diken om Fryslân
As eat foar goud(en) trochgean moat wat it winlike net is: klettergoud. In foarbyld hjirfan is gekkengoud (fgl. Ingelsk: fool's gold) it mineraal pyryt, dat troch syn goudeftige uterlik grage waar wie by pseudoalgemisten en kwaksalvers.
It wurd goud wurdt ek yn de biology brûkt om bisten en planten in namme te jaan. De namme 'gouden' kin sawol slaan op in giele kleur as op in goudeftige glâns, faak wurdt it Latynske aurata brûkt. Foarbylden binne de plant goudenrein (Laburnum anagyroides) en de goudfazant (Chrysolophus pictus), om harren giele kleuren en de gouden tuorre (Cetonia aurata) om de metallike glâns.
Sjoch ek
- Kupellaasje
- Goud, mirre en wiereek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Goud, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply. (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 3.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
#Wikipedia® is a registered trademark of the Wikimedia Foundation, Inc. Wiki (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wikimedia Foundation.
In other languages:
- Atjeesk: Meuih - Wiki Acèh
- Afrikaansk: Goud - Wiki Afrikaans
- Alemannisch: Gold - Wiki Alemannisch
- Sûd-Altaïsk: Алтын - Wiki алтай тил
- Amhaarsk: ወርቅ - Wiki አማርኛ
- Aragoneesk: Oro - Wiki Aragonés
- âldingelsk: Gold - Wiki Ænglisc
- Angika: सोना - Wiki अंगिका
- Arabysk: ذهب - Wiki العربية
- Arameesk: ܕܗܒܐ - Wiki ܐܪܡܝܐ
- Moroccan Arabic: دهب - Wiki الدارجة
- Egyptian Arabic: دهب - Wiki مصرى
- Assameesk: সোণ - Wiki অসমীয়া
- Asturysk: Oru - Wiki Asturianu
- Aymara: Quri - Wiki Aymar aru
- Azerbeidzjaansk: Qızıl - Wiki Azərbaycanca
- South Azerbaijani: قیزیل - Wiki تۆرکجه
- Basjkiersk: Алтын - Wiki башҡортса
- Balineesk: Mas - Wiki Basa Bali
- Bavarian: Goid - Wiki Boarisch
- Samogitian: Auksos - Wiki žemaitėška
- Central Bikol: Bulawan - Wiki Bikol Central
- Wyt-Russysk: Золата - Wiki беларуская
- Belarusian (Taraškievica orthography): Золата - Wiki беларуская (тарашкевіца)
- Bulgaarsk: Злато - Wiki български
- Bhojpuri: सोना - Wiki भोजपुरी
- Banjar: Amas - Wiki Banjar
- Bengaalsk: সোনা - Wiki বাংলা
- Tibetaansk: གསེར། - Wiki བོད་ཡིག
- Bretonsk: Aour - Wiki Brezhoneg
- Bosnysk: Zlato - Wiki Bosanski
- Russia Buriat: Алтан - Wiki буряад
- Katalaansk: Or - Wiki Català
- Chavacano: Oro - Wiki Chavacano de Zamboanga
- Min Dong Chinese: Gĭng - Wiki 閩東語 / Mìng-dĕ̤ng-ngṳ̄
- Cebuano: Bulawan - Wiki Cebuano
- Chamorro: Oru - Wiki Chamoru
- Cherokee: ᎠᏕᎸ ᏓᎶᏂᎨ - Wiki ᏣᎳᎩ
- Cheyenne: Véhone-ma'kaata - Wiki Tsetsêhestâhese
- Soranî: زێڕ - Wiki کوردی
- Korsikaansk: Oru - Wiki Corsu
- Krim-Tataarsk: Altın - Wiki Qırımtatarca
- Tsjechysk: Zlato - Wiki čeština
- Kasjoebysk: Złoto - Wiki Kaszëbsczi
- Kerkslavysk: Ꙁлато - Wiki словѣньскъ / ⰔⰎⰑⰂⰡⰐⰠⰔⰍⰟ
- Tsjoevasjysk: Ылтăн - Wiki чӑвашла
- Welsk: Aur - Wiki Cymraeg
- Deensk: Guld - Wiki Dansk
- Dútsk: Gold - Wiki Deutsch
- Zazaki: Zern - Wiki Zazaki
- Gryks: Χρυσός - Wiki Ελληνικά
- Emiliano-Romagnolo: Ôr - Wiki Emiliàn e rumagnòl
- Ingelsk: Gold - Wiki English
- Esperanto: Oro - Wiki Esperanto
- Spaansk: Oro - Wiki Español
- Estlânsk: Kuld - Wiki Eesti
- Baskysk: Urre - Wiki Euskara
- Extremaduran: Oru - Wiki Estremeñu
- Perzysk: طلا - Wiki فارسی
- Finsk: Kulta - Wiki Suomi
- Võro: Kuld - Wiki Võro
- Fijysk: Koula - Wiki Na Vosa Vakaviti
- Faeröersk: Gull - Wiki Føroyskt
- Frânsk: Or - Wiki Français
- Noard-Frysk: Gul - Wiki Nordfriisk
- Friulysk: Aur - Wiki Furlan
- Iersk: Ór - Wiki Gaeilge
- Gan Chinese: 金 - Wiki 贛語
- Guianan Creole: Lò - Wiki Kriyòl gwiyannen
- Schotsk Gaelic: Òr - Wiki Gàidhlig
- Galisysk: Ouro - Wiki Galego
- Guaraní: Kuarepotiju - Wiki Avañe'ẽ
- Gujarati: સોનું - Wiki ગુજરાતી
- Manks: Airh - Wiki Gaelg
- Hakka Chinese: Kîm - Wiki 客家語/Hak-kâ-ngî
- Hebreeuwsk: זהב - Wiki עברית
- Hindi: सोना - Wiki हिन्दी
- Fiji Hindi: Sona - Wiki Fiji Hindi
- Kroatysk: Zlato - Wiki Hrvatski
- Oppersorbysk: Złoto - Wiki Hornjoserbsce
- Haïtiaansk: Lò - Wiki Kreyòl ayisyen
- Hongaarsk: Arany (kémiai elem) - Wiki Magyar
- Armeensk: Ոսկի - Wiki հայերեն
- Western Armenian: Ոսկի - Wiki Արեւմտահայերէն
- Interlingua: Auro - Wiki Interlingua
- Yndonezysk: Emas - Wiki Bahasa Indonesia
- Inupiaq: Manik kaviqsuaq - Wiki Iñupiatun
- Iloko: Balitok - Wiki Ilokano
- Ingoesj: Дошув - Wiki гӀалгӀай
- Ido: Oro - Wiki Ido
- Yslâns: Gull - Wiki íslenska
- Italiaansk: Oro - Wiki Italiano
- Japans: 金 - Wiki 日本語
- Jamaican Creole English: Guol - Wiki Patois
- Lojban: solji - Wiki La .lojban.
- Javaansk: Emas - Wiki Jawa
- Georgysk: ოქრო - Wiki ქართული
- Karakalpaks: Altın - Wiki Qaraqalpaqsha
- Kabyle: Ureɣ - Wiki Taqbaylit
- Kabiye: N̄ɩɣlɩm sika - Wiki Kabɩyɛ
- Kongo: Wolo - Wiki Kongo
- Kikuyu: Gold - Wiki Gĩkũyũ
- Kazachs: Алтын - Wiki қазақша
- Grienlâns: Kuulti - Wiki Kalaallisut
- Khmer: មាស - Wiki ភាសាខ្មែរ
- Kannada: ಚಿನ್ನ - Wiki ಕನ್ನಡ
- Koreaansk: 금 - Wiki 한국어
- Komi-Permyak: Зарни - Wiki перем коми
- Kasjmiri: سۄن - Wiki कॉशुर / کٲشُر
- Kölsch: Jold - Wiki Ripoarisch
- Koerdysk: Zêr - Wiki Kurdî
- Komi: Зарни - Wiki коми
- Cornish: Owr - Wiki Kernowek
- Kirgizysk: Алтын - Wiki кыргызча
- Latyn: Aurum - Wiki Latina
- Luxemburgs: Gold - Wiki Lëtzebuergesch
- Lak: Муси - Wiki лакку
- Lezgysk: Къизил - Wiki лезги
- Ganda: Zzaabu - Wiki Luganda
- Limburgs: Goud - Wiki Limburgs
- Ligurian: Öo - Wiki Ligure
- Ladin: Òr - Wiki Ladin
- Lombard: Or - Wiki Lombard
- Lingala: Wólo - Wiki Lingála
- Laotiaansk: ທອງຄຳ - Wiki ລາວ
- Litouws: Auksas - Wiki Lietuvių
- Letlâns: Zelts - Wiki Latviešu
- Maithili: सोना - Wiki मैथिली
- Moksha: Зирня - Wiki мокшень
- Malagasysk: Volamena - Wiki Malagasy
- Eastern Mari: Шӧртньӧ - Wiki олык марий
- Macedonysk: Злато - Wiki македонски
- Malayalam: സ്വർണം - Wiki മലയാളം
- Mongools: Алт - Wiki монгол
- Manipoeri: ꯁꯅꯥ - Wiki ꯃꯤꯇꯩ ꯂꯣꯟ
- Marathi: सोने - Wiki मराठी
- Western Mari: Шӧртньӹ - Wiki кырык мары
- Maleis: Emas - Wiki Bahasa Melayu
- Mirandees: Ouro - Wiki Mirandés
- Birmees: ရွှေ - Wiki မြန်မာဘာသာ
- Erzja: Сырне - Wiki эрзянь
- Nāhuatl: Teocuitlatl - Wiki Nāhuatl
- Laagduits: Gold - Wiki Plattdüütsch
- Low Saxon: Gold - Wiki Nedersaksies
- Nepalees: सुन - Wiki नेपाली
- Newari: लुं - Wiki नेपाल भाषा
- Nederlânsk: Goud - Wiki Nederlands
- Noors - Nynorsk: Gull - Wiki Norsk nynorsk
- Noors - Bokmål: Gull - Wiki Norsk bokmål
- Novial: Ore - Wiki Novial
- Norman: Or - Wiki Nouormand
- Navajo: Óola - Wiki Diné bizaad
- Occitaansk: Aur - Wiki Occitan
- Livvi-Karelian: Kuldu - Wiki Livvinkarjala
- Oromo: Warqee - Wiki Oromoo
- Odia: ସୁନା - Wiki ଓଡ଼ିଆ
- Ossetysk: Сыгъзæрин - Wiki ирон
- Punjabi: ਸੋਨਾ - Wiki ਪੰਜਾਬੀ
- Pampanga: Gintû - Wiki Kapampangan
- Papiaments: Oro - Wiki Papiamentu
- Pali: औरियम - Wiki पालि
- Poalsk: Złoto - Wiki Polski
- Piedmontese: Òr (element) - Wiki Piemontèis
- Western Punjabi: سونا - Wiki پنجابی
- Pasjtoe: سره زر - Wiki پښتو
- Portugeesk: Ouro - Wiki Português
- Quechua: Quri - Wiki Runa Simi
- Reto-Romaansk: Aur - Wiki Rumantsch
- Roemeensk: Aur - Wiki Română
- Aromanian: Malamâ - Wiki Armãneashti
- Russysk: Золото - Wiki русский
- Rusyn: Золото - Wiki русиньскый
- Sanskriet: सुवर्णम् - Wiki संस्कृतम्
- Jakoets: Көмүс - Wiki саха тыла
- Santali: ᱥᱚᱱᱟ - Wiki ᱥᱟᱱᱛᱟᱲᱤ
- Sardinysk: Oro - Wiki Sardu
- Siciliaansk: Oru - Wiki Sicilianu
- Schots: Gowd - Wiki Scots
- Sindhi: سون - Wiki سنڌي
- Noard-Samysk: Golli - Wiki Davvisámegiella
- Servokroatysk: Zlato - Wiki Srpskohrvatski / српскохрватски
- Singalees: රන් - Wiki සිංහල
- Simple English: Gold - Wiki Simple English
- Slowaaks: Zlato - Wiki Slovenčina
- Sloveensk: Zlato - Wiki Slovenščina
- Inari Sami: Kolle - Wiki Anarâškielâ
- Shona: Ndarama - Wiki ChiShona
- Somalysk: Dahab - Wiki Soomaaliga
- Albaneesk: Ari - Wiki Shqip
- Servysk: Злато - Wiki српски / srpski
- Sranantongo: Gowtu - Wiki Sranantongo
- Saterland Frisian: Gould - Wiki Seeltersk
- Soendaneesk: Emas - Wiki Sunda
- Zweeds: Guld - Wiki Svenska
- Swahili: Dhahabu - Wiki Kiswahili
- Tamil: தங்கம் - Wiki தமிழ்
- Tulu: ಬಂಗಾರ್ - Wiki ತುಳು
- Telugu: బంగారం - Wiki తెలుగు
- Tadzjieks: Тило - Wiki тоҷикӣ
- Thais: ทองคำ - Wiki ไทย
- Tagalog: Ginto - Wiki Tagalog
- Turks: Altın - Wiki Türkçe
- Tataars: Алтын - Wiki татарча / tatarça
- Tuvinysk: Алдын - Wiki тыва дыл
- Oeigoers: ئالتۇن - Wiki ئۇيغۇرچە / Uyghurche
- Oekraïens: Золото - Wiki українська
- Urdu: سونا - Wiki اردو
- Oezbeeks: Oltin - Wiki Oʻzbekcha / ўзбекча
- Venetian: Oro - Wiki Vèneto
- Veps: Kuld - Wiki Vepsän kel’
- Vietnamees: Vàng - Wiki Tiếng Việt
- Volapük: Goldin - Wiki Volapük
- Waals: Ôr - Wiki Walon
- Waray: Bulawan - Wiki Winaray
- Wu Chinese: 金 - Wiki 吴语
- Kalmyk: Алтын - Wiki хальмг
- Xhosa: Igolide - Wiki IsiXhosa
- Mingrelian: ორქო - Wiki მარგალური
- Jiddysk: גאלד - Wiki ייִדיש
- Yoruba: Wúrà - Wiki Yorùbá
- Zhuang: Gim - Wiki Vahcuengh
- Sineesk: 金 - Wiki 中文
- Classical Chinese: 黃金 - Wiki 文言
- Chinese (Min Nan): Kim - Wiki Bân-lâm-gú
- Cantonese: 金 - Wiki 粵語
- Zulu: Igolide - Wiki IsiZulu