Euro

De euro is de muntienheid fan de lannen fan de Jeropeeske Ekonomyske en Monetêre Uny (EMU), ek wol oantsjut as de eurosône.

Nei de Amerikaanske dollar is de euro de wichtichste munt fan de wrâld. De munt bestiet al sûnt 1999 as bankjild; op 1 jannewaris 2002 is it as echt betelmiddel yn omrin kaam. De offisjele koade fan de muntienheid is EUR.

euro
Euromunten en -bankbiljetten.
Euromunten en -bankbiljetten.
identifikaasje
ISO 4217
● koade EUR
● nûmer 978
● eksponint 2
lânseigen
   namme
euro (alle oare), ευρώ (Gr.),
eiro (Letsk), euras (Lit.),
ewro (Malt.), evro (Slov.)
symboal
gebrûk
sintrale bank Jeropeeske Sintrale Bank
off. brûkers Euro Jeropeeske Uny

Euro Belgje
Euro Dútslân
Euro Eastenryk
Euro Estlân
Euro Finlân
Euro Frankryk
Euro Grikelân
Euro Ierlân
Euro Itaalje
Euro Kroaasje
Euro Letlân
Euro Litouwen
Euro Lúksemboarch
Euro Malta
Euro Nederlân
Euro Portegal
Euro Syprus
Euro Sloveenje
Euro Slowakije
Euro Spanje
monetêre oerienkomst:
Euro Akrotiri en Dhekelia
Euro Andorra
Euro   Fatikaanstêd
Euro Frânsk-Sint-Marten
Euro  Monako
Euro San Marino
Euro Sint-Bartelemy
Euro Sint-Pierre en Miquelon

ûnoff. brûkers Euro Kosovo
Euro Montenegro
fêste
   wikselkoers
12 muntienheden, sjoch hjirre
skiednis
ynfierd 1999 (digitaal)
2002 (fysyk)
ferfong ferskate, sjoch hjirre
ynflaasje 1,6% (2019)
denominaasjes
1/100 sint
symb. 1/100 c
muntjild 1c¹, 2c¹, 5c, 10c, 20c, 50c,
€1, €2
¹) net mear brûkt yn Bel., Finl., It., Ierl. en Ned.
papierjild €5, €10, €20, €50, €100,
€200, €500

Meidoggers / Wikselkoersen

Yn de takomst sille ek oare lannen fan de Jeropeeske Uny tatrede ta de Eurosône.

Euro 
De eurosône (2023)

De euro is in wettich betelmiddel yn 20 fan de 27 lannen fan de Jeropeeske Uny.

Dy lannen binne:

Lân Sûnt Alde munt Wikselkoers fan Euro
Euro  Belgje 1999* Belgyske frank BEF 40,3399
Euro  Dútslân 1999* Dútske mark DEM 1,95583
Euro  Eastenryk 1999* Eastenrykske skelling ATS 13,7603
Euro  Estlân 2011 Estyske kroan EEK 15,6466
Euro  Finlân 1999* Finske mark FIM 5,94573
Euro  Frankryk 1999* Frânske frank FRF 6,55957
Euro  Grikelân 2001* Grykske drachme GRD 340,750
Euro  Ierlân 1999* Ierske pûn IEP 0,787564
Euro  Itaalje 1999* Italjaanske lire ITL 1936,27
Euro  Kroaasje 2023 Kroätyske kuna HRK 7,53450
Euro  Letlân 2014 Letske Lats LVL 0,702804
Euro  Litouwen 2015 Litouske Litas LTL 3,45280
Euro  Lúksemboarch 1999* Lúksemboarchske frank LUF 40,3399
Euro  Malta 2008 Malteeske pûn MTL 0,429300
Euro  Nederlân 1999* Nederlânske gûne NLG 2,20371
Euro  Portegal 1999* Portegeeske eskûdo PTE 200,482
Euro  Syprus 2008 Syprioatyske pûn CYP 0,585274
Euro  Sloveenje 2007 Sloveenske tolar SIT 239,640
Euro  Slowakije 2009 Slowaakske kroan SKK 30,1260
Euro  Spanje 1999* Spaanske peseta ESP 166,386
* fysike ynfiering 2002

Fierders binne der ek noch guon lannen en territoaria dy't net by de Jeropeeske Uny hearre, mar wol de euro as betelmiddel hawwe. De folgjende lannen hawwe dêrta in monetêre oerienkomst mei de Jeropeeske Uny sletten:

en itselde jildt foar de ûnbewenne Frânske oerseeske gebieten Clipperton en de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen.
Lannen dêr't de euro as betelmiddel ynfierd is sûnder dat dêrta in monetêre oerienkomst mei de Jeropeeske Uny sletten is, binne:

Sweden hat him der by ferdrach ta ferplichte de euro ek yn te fieren, mar sûnt in folksstimming op 14 septimber 2003 de ynfiering op dat stuit ôfwiisd hat, is it lân der net mear aktyf mei dwaande.

De euro is ek de munt fan de oerseeske gebieten fan Frankryk, Portegal en Spanje. Om't de munten fan de oerseeske parten fan it Keninkryk fan de Nederlannen keppele wienen oan de dollar wurdt de euro dêr oant no ta net brûkt.

Fêste wikselkoers

Der binne fierders 12 muntienheden dy't in fêste wikselkoers mei de euro hawwe, d.w.s. dy't oan 'e euro fêstmakke binne en dêrom ôfhinklik fan 'e eurokoers binne:

Munten

De munt wurd opdield yn 100 sinten de euro (oanjûn mei in ‘c’). Der binne munten fan 1, 2, 5, 10, 20 en 50 sint. De munten fan de 1 en de 2 sint binne yn in protte lannen al net mear yn omrin. De bankbiljetten bestean út dy fan 5, 10, 20, 50, 100, 200 en 500 euro. Alle munten hawwe in Jeropeeske kant dêr't in ôfbyld fan Jeropa op stiet. Op de oare kant stiet in ôfbyld dy’t de lân fan útjefte ferskillet.

Euroteken

Euro 
It euroteken

It euroteken bestiet út de Grykske letter ‘epsilon’ en is in ferwizing nei de letter ‘E’ dy’t yn in protte talen de earste letter fan Jeropa foarmet. De dûbelde line is it wenstige ûnderskie tusken in letter en in muntsymboal, mar wurdt ek beskôge as symboal fan de fêstheid fan de munt. It teken waard op 12 desimber 1996 presintearre troch de Jeropeeske Kommissy.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Tags:

Euro Meidoggers WikselkoersenEuro MuntenEuro tekenEuro Sjoch ekEuro Keppeling om utensEuro1 jannewarisAmerikaanske dollarJeropeeske Ekonomyske en Monetêre Uny

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

19 aprilKagney Linn KarterSûmbapappegaaidoArtefakt (archeology)DniproKosmetikaKomoarenpappegaaidoLibrary of CongressStar WarsGedachtestreekje2019Bernemisbrûk800Sean LawlessPearsKrêftFeriene SteatenSalomonseilannenGregoriaanske kalinderKarnivoarPoëzyYnternasjonaal Systeem fan IenhedenFal fan it Westromeinske RykJeraazjeTelefoanRocco Siffredi1997PakistanLongûntstekkingJeropeeske UnyGenêskundeNoelle EastonTehmeena AfzalISO 3166-1Cassandra WildeOrganisearre misdieOerflak1904FuortplantingFellatioMassachusettsIngelskRob FordLoftmachtHeather LeeJim Morrison18 febrewarisNederlân15 aprilJean-Louis TrintignantDe factoAda SanchezKascha PapillonFotografyFlechtleaze fûgelPortegalMenameradielCJ MilesTaalFingerjenLexxxi LockhartKneppelfreedSpaanske grypMoriah Mills66 f.Kr.Seksuele stimulaasjeGizehApheliumJacht (aktiviteit)Midden-AmearikaAmerikaanske dollarAntonie Frederik ZürcherNoarsk🡆 More