Earkrûpers

De earkrûpers (Dermaptera) foarmje in skift dat ta de klasse ynsekten (Insecta) fan 'e stamme fan 'e lidpoatigen (Arthropoda) heart.

Se wurde ek wol earkekrûpers, foarkestekkers, knypsturten, eartiken, knyptangen neamd.

Earkrûpers
De gewoane earkrûper (Forficula auricularia).

It binne faak plante-iters dy't ek wolris lytse ynsekten blêdluzen frette. Se liede in ferskûle bestean ûnder beambast of ûnder houtblokken of stiennen. Earkrûpers binne nachtaktyf en ferskûlje har oerdei. De measte soarten wurde heechút in pear sintimeter lang en binne maklik wer te kennen oan de beide gryporganen oan de efterein dy't, sersy neamd wurde. Se driigje hjirmei by gefaar. Dy fan it mantsje binne krom en grutter en langer as dy fan it wyfke. By minsken is in 'byt' wol fielber mar sil gjin ferwûnings efterlitte.

Earkrûpers wurde noch wolris as 'smoarch' of aaklik beskôge fanwege it platte lichem en it feit dat se oeral tusken krûpen, krektas kakkerlakken wêr't de knyptangen famylje fan binne. Wjukken binne net te sjen, mar binne der wol, ûnder de lytse foarwjukken. De knyptange kin der ek wol mei fleane, mar dit bart komselden. Knyptangen hawwe in ûnfolsleine metamorfoaze en de nymfen lykje al op de folwoeksen dierkes en bliuwe in skoftke by de mem, dy't ek de aaikes beweitst.

Der binne ûngefear 1800 soarten yn 10 famyljes dy't allegear itselde bouplan folgje en maksimaal 5 sintimeter lang wurde kinne. Mar de measte soarten bliuwe tusken 1 en 3 sm. Ien soarte helle de 8 sm, mar dizze is allinnich bekend as fossyl.

Tags:

Klasse (taksonomy)SkiftStamme (taksonomy)Ynsekten

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KapitalismeDútslânBostonEinar HákonarsonMarilyn Monroe3 febrewaris20 maartRoplettersVastoFilosoofLuna SilverLudwigshafenChartresLaosSaûdy-AraabjeMisjonarishâldingHielalNew OrleansGiorgio MorandiRjochtEkwadorKonservatismeLondenJ. MacSúdeast-AazjeKrystal Swift8OarlochKwissipedyAudulfBarack ObamaSt. Petersburg (Floarida)Emiel StoffersMediaWikiTibeariusStrânfollybal op de Olympyske Simmerspullen 2020Ashley OceanJosef StalinManchester City FCHaadtsjerke fan de Russyske StriidkrêftenLynsey de PaulAl GorePearsGroninger Locaalspoorweg-MaatschappijWinteroarlochSalomoMaserati XXXSean LawlessBerchfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2000TsjoenderijArmeenjeMichael JordanFryske talenJack NicholsonWite SeeEuroBeyoncé KnowlesJohn LennonOklahoma CityGelsenkirchenVina Sky28 maartSkiednis fan DútslânSkearmês fan OckhamSinkiangMahatma GandhiJamie Lee CurtisMassachusettsJulianna VegaGotlân25 junyKarl Marx34🡆 More