William Butler Yeats (Sandymount ûnder Dublin, 13 juny 1865 – Roquebrune-Cap-Martin (Monako), 28 jannewaris 1939) wie in Ierske dichter, toanielskriuwer en mystikus.
William Butler Yeats wie in soan fan de skilder John Butler Yeats.
Hy wûn de Nobelpriis foar de Literatuer yn 1923.
Ein winter fan 1938 ferliet in sike Yeats Ierlân. Hy stoar yn Roquebrune, mei it útsjoch op Monako en waard dêr begroeven. Septimber 1948 waard syn stoflik omskot nei Ierlân oerbrocht en kaam er te hôf yn de parochy fan syn pake yn Drumcliffe, county Sligo. Neffens Yeats syn winsk stiet op de grêfstien: Cast a cold Eye / On Life, on Death. / Horseman pass by!
Dit artikel is in stobbe oer skriuwer. Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory William Butler Yeats fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article William Butler Yeats, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.