Richard Mcdermott

Richard Terrance McDermott ek bekend as Terry McDermott (Essexville, Michigan, 20 septimber 1940 - 20 maaie 2023) wie in earder Amerikaansk reedrider.

Richard McDermott
Richard Mcdermott sporter
Richard McDermott (1968)
Richard McDermott (1968)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Richard Terrance McDermott
nasjonaliteit Richard Mcdermott Amerikaansk
bertedatum 20 septimber 1940
berteplak Essexville
stjerdatum 20 maaie 2023
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Squaw Valley 1960,
Innsbruck 1964,
Grenoble 1968
wichtige prestaasjes
Richard Mcdermott 1x goud Olympyske Spullen 1964,
Richard Mcdermott 1x sulver Olympyske Spullen 1968

De iennige ynternasjonale kampioenskippen dêr't McDermott oan dielnaam wiene de Olympyske Winterspullen yn 1960, 1964 en 1968 dêr't er allinne op de 500 meter útkaam. Op de Winterspullen fan 1960 yn Squaw Valley waard er sânde. By de Winterspullen fan 1964 yn Innsbruck waard er tige ferrassend olympysk kampioen troch favoryt de Rus Jevgeni Grisjin mei 0,5 sekonden te ferslaan, en hold Grisjin dêrmei ôf fan syn tredde titel op de 500 meter. Op de Winterspullen fan 1968 yn Grenoble wûn hy de sulveren medalje troch, tegearre mei de Noar Magne Thomassen, 0,2 sekonden efter de Dútser Erhard Keller te einigjen. Op dizze spullen wie er de Amerikaanske flaggedrager. By de Olympyske Winterspullen 1980 yn Lake Placid wie McDermott aktyf as sjuerylid, en lei er út namme fan alle sjueryleden by de iepening de olympyske eed ôf. Richard McDermott ferstoar op 20 maaie 2023, yn 'e aldens fan 82 jier.

Persoanlike rekôrs

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 39,60 28 desimber 1963 Richard Mcdermott  Icerink Penrose Rosemont
1000 meter 1.28,00 28 jannewaris 1968 Richard Mcdermott  Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
1500 meter 2.22,1 30 juny 1968 Richard Mcdermott  lokaasje net dúdlik

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

194020 maaie20 septimber2023Feriene SteatenMichiganReedriden

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PornografyProvansaalske wrotmûsISBNMarianetrôchTechnology12 oktoberAnouk WipprechtIngelskPaulina SeikolaProvinsjes fan NederlânWetLânFingerjenKatedraal fan PadûaJenny PoussinLewis CarrollOezbekistanPet (holdeksel)Duomo San RufinoHongarijeDuëtSaya SongAle S. van Zandbergen19e iuwNij-GuineäEastlike greidwrotmûsRegearYnternetAldskou1992KânselierHeinrich HimmlerHylperskIrakHjerringslynderNational Basketball AssociationDe DoelleazenLytse leppelbekJaylene RioMinnie BeetsSeksuele opwiningToplessWopke de VegtEl NiñoRedbadBilly GlideLietAlkoholismeOrale seksPhoenix (Arizona)Clara TrinityKatedraal fan TorcelloBart Jan SpruytGrover Cleveland19492020Angelica BellaDaisy SummersList fan Nederlânske gemeentenJ. MacPersia MonirPornofilmMay ThaiNew York Stock Exchange1901WoansdeiKoördinearre WrâldtiidMegan VaughnSilySeksuele penetraasjeLeppeltsje-leppeltsjeLetlân🡆 More