Nikola Tesla

Nikola Tesla (Servysk: Никола Тесла) (Smiljan, 10 july 1856 – New York, 7 jannewaris 1943) wie in Servysk-Amerikaanske útfiner, elektrotechnikus en natuerkundige.

Hy wurdt sjoen as ien fan de grutste yngenieurs en útfiners fan alle tiden.

Nikola Tesla
Nikola Tesla om 1893 hinne, foto fan Napoleon Sarony

Prestaasjes

Nikola Tesla stiet by it grutte publyk foaral bekend as de útfiner fan de wikselstroomgenerator, de wikselstroomelektromotor en fan alle oare wichtige komponinten fan it hjoeddeiske elektrisiteitsnet. Dizze apparaten wienen yn rudimentêre foarm meastal foar Tesla syn tiid ûntwikkele troch eardere yngenieurs mar Tesla syn grutste fertsjinste wie dat hy it wikselstroomprinsipe folle earder ûntwikkele en hast alle needsaaklike ynfrastruktuer om in op wikselstroom basearre en betrouber elektrisiteitsnet op te setten sels útfûn en besteande apparaten sterk ferbettere. Tesla wie al by syn libben in bekend en ferneamd gelearde, mar ferlear in soad prestiizje troch bizarre ûnbewiisde technysk-wittenskiplike bewearings op lettere leeftiid. Hy waard yn de FS toanbyld fan de gekke gelearde. Oaren neamden him leaver idealistysk en net-kommersjeel en dêryn in tsjinpoal fan syn ek ferneamde konkurrint-útfiner Thomas Alva Edison.

Nei Tesla is yn 1960 de ienheid fan magnetyske flukstichtheid ferneamd, de tesla (symboal T).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Cheney, Margaret: Tesla, Man Out Of Time, , 1981, 1993 (Barnes & Noble Books). ISBN 0-88029-419-1.
  • Cheney, Margaret & Uth, Robert: Tesla, Master of Lightning, Barnes & Noble Books, NY, 1999. ISBN 0-7607-1005-8.
  • Lomas, Thomas: The Man Who Invented the Twentieth Century: Nikola Tesla, Forgotten Genius of Electricity, Headline Book Publishing, 1999. ISBN 0-7472-6265-9
  • O'Neill, John J.: Prodigal Genius: The Life of Nikola Tesla, Angriff Press, ISBN 0-913022-40-3.
  • Tesla, Nikola: My Inventions: The Autobiography of Nikola Tesla, Ben Johnston. ISBN 0-910077-01-0.

Tags:

10 july185619437 jannewarisFeriene SteatenNatuerkundigeNew York CityServjeServyskÚtfiner

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

List fan Nederlânske gemeentenCJ MilesProvinsjes fan NederlânJoyce OliveiraSpanjeAfrikaanske leppelbek1896John de MolPierre WoodmanHimelfeartsdeiDe DoelleazenPresidint fan de Feriene SteatenKatedraal fan UdineSalomonseilannenBeierske wrotmûsMinsklike seksuele aktiviteitFilmLuna SilverWesterkertier (gemeente)PornoakteurSuffolkMuzykPet (holdeksel)22 febrewaris1902Adolf HitlerMiddelseksPeter BoszAfrikaanske pappegaaido12 oktoberMiranda WerkmanMartijn Theodoor HoutsmaNashville (Tennessee)Julianna VegaKoördinearre Wrâldtiid1564KeallepoatKeiran LeeRock 'n rollPausFingerjenHantsjemierBasketbal22 aprilGielHaaienMarijn KuipersClara TrinityKatedraal fan NotoFebrewarisGrut-BrittanjeLeppelbekBeagle (skip)MasturbaasjeAustraalje (lân)Katedraal fan TorcelloJohnny CashWeblochAmerican Music AwardAnno GalamaRegearDomtsjerke fan GrossetoKânselierSûpengrottenbrijNoardfryskVanessa SkyNij-GuineäFideospultsjeArwen GoldHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan Pompei🡆 More