Moorslede

Moorslede (West-Flaamsk: Môoslee) is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen.

It doarp leit likernôch 9 km súdwestlik fan de stêd Roeselare. De gemeente hat mear as 11.000 ynwenners. It is in plattelânsgemeente en Moorslede moat net betiizge wurde mei Moorsele yn de oanbuorjende gemeente Wevelgem. De gemeente bestiet njonken de dielgemeente Moorslede ek út de dielgemeente Dadizele.

Moorslede
Gemeentehûs
Gemeentehûs
Emblemen
Moorslede               Moorslede
Polityk
Lân Moorslede Belgje
gewest Moorslede Flaanderen
provinsje Moorslede West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 11.386 (2022)
Oerflak 35,45 km²
Befolkingsticht. 321,21 ynw./km²
Oar
Postkoade 8890
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 53' N 3° 03' E
Lokaasje Moorslede yn it arrondissemint Kortrijk yn 'e provinsje West-Flaanderen
Lokaasje Moorslede yn it arrondissemint Kortrijk yn 'e provinsje West-Flaanderen
Offisjele webside
moorslede.be

Skiednis

Moorslede waard foar it earst yn 1085 neamd as Morcelede. Dat is in gearfoeging fan moor (sompe) en lede (dyk of trochgong). It sintrum fan Moorslede leit noch jimmeroan dúdlik heger as de omlizzende krite.

Moorslede wie in hege hearlikheid, dy't om 1700 hinne yn it besit kaam fan de hearen fan Dadizele. It yn 1617 werboude kastiel waard nei 1700 in kastielpleats.

Sûnt 1188 hearde it patronaatsrjocht fan 'e Martinusparochy ta it kapittel fan Us Leaffrou yn Doarnik. It kleaster Us-Leaffrouwe Ten Bunderen ûntstie yn de 13e iuw as in gasthûs foar wurge pylgers en reizgers. Sûnt 1815 waard it ek in belangryk ûnderwiissintrum.

Oant de Earste Wrâldkriich bestie de yndustry út it ferwurkjen fan lânbouprodukten: flaaksferwurking, brouwerijen, lytse tabaksfabriken en mais- en oaljemûnen. Yn 1917 en 1918 waard it doarp hast folslein ferneatige; Ingelsen beskeaten it doarp en Dútsers blaasden wichtige gebouwen op. Ein septimber 1918 waard Moorslede befrijd.

Sûnt 1919 kaam de befolking werom en nei 1921 sette de weropbou útein.

Yndieling gemeente

De gemeente Moorslede bestiet út it plak Moorslede en de dielgemeente Dadizele. De doarpskearn fan Dadizele leit likernôch fiif kilomer súdlik fan it plak Moorslede. Tusken de twa plakken leit yn 'e dielgemeente Moorslede it doarpke Slypskapelle.

Nû. Namme Oerflak
(km²)
Ynwennertal
(01/01/2006)
Kaart
I
 
III
Moorslede
- Moorslede
- Slypskapelle
29,51
 
 
7.026
 
 
Moorslede 
II Dadizele 5,83 3.612
    Boarne: Gemeente Moorslede

It besjen wurdich

  • De Sint-Martinustsjerke.
  • Monumint ta neitins fan de pater.
  • It neogoatyske, eardere kleasterkompleks Ten Bunderen (1923-1924).

Befolkingsferrin

Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.

Moorslede
  • Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Moorslede


 
West-Flaanderen
Moorslede 
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem

Tags:

Moorslede SkiednisMoorslede Yndieling gemeenteMoorslede It besjen wurdichMoorslede BefolkingsferrinMoorsledeBelgjeRoeselareWest-FlaanderenWevelgem

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

FeringNatuerkunde1973Liza MinnelliHamilton (Ontario)OomramHannelSogn og FjordaneKaapsk grûniikhoarntsjeWrâldútstallingGeslachtsmienskipHongaarskCriss StrokesRoemeenjeHylpenHTML198530 novimberJeraziatyske gerslânwrotmûzenBaskyske wrotmûsJaylene RioDrugsDútslânResjerzjePerzyskYnterprovinsjaal OerlisAdolf HitlerAuteursrjochtWest-JeropaSintraal-AmearikaWillemsoard (Stienwikerlân)Willem George Frederik JansenSkilderkeunstDinnewrotmûsRotaasjeperioadeMetallic-kleurWashington (steat)FrankrykEadweard MuybridgeShalina DevineSybe Sybesma2002Johnny CashFingerjenTsjerkhôfShae SummersAazjeSandy MilzSavana GingerGreefskip Bentheim (Landkreis)Orale seksKya TropicSkiednisMisjonarishâldingSintraal-Afrikaanske RepublykFêreuskWest-FryslânMinsklike seksuele aktiviteitRas (titel)1994Theunis Piersma (biolooch)Peter PiotHarke BremerDzjibûtyMalyJ.R. Carrington🡆 More