Deerlijk

Deerlijk is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen.

De gemeente hat likernôch 12.000 ynwenners.

Deerlijk
Eardere stasjon
Eardere stasjon
Emblemen
Deerlijk               Deerlijk
Polityk
Lân Deerlijk Belgje
gewest Deerlijk Flaanderen
provinsje Deerlijk West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 12.356 (2022)
Oerflak 16,97 km²
Befolkingsticht. 728 ynw./km²
Oar
Postkoade 8710
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 51' N 3° 21' E
Lokaasje Deerlijk yn it arrondissemint Kortrijk yn 'e provinsje West-Flaanderen
Lokaasje Deerlijk yn it arrondissemint Kortrijk yn 'e provinsje West-Flaanderen
Offisjele webside
deerlijk.be

Namme

Der bestiet gjin ienriedigens oer de útlis fan de namme Deerlijk. Neffens de etymolooch Maurits Gysseling (1919–1997) is de namme Deerlijk in Gallo-Romeinske delsettingsnamme, nammentlik Thrasiliacas, ôflaat fan de Germaanske persoansnamme Thrasilo, yn kombinaasje mei it Latynske efterheaksel -iacas. Deerlijk soe dan " delsetting fan Thrasilo" betsjutte. Yn âlde dokuminten wurde den nammen Derlike (1070) en Tresleca (1111) oantroffen. Letter, yn de 17e, 18e en 19e iuw, komt de namme D'Eerlyck ek tige faak foar.

Skiednis

Yn de gemeente is ark fûn út de tiid fan de Tsjongerkultuer. Fynsten lykas in fragmint fan in slipe bile en pylkpunten wize ek op iere bewenning yn 'e neolityske tiid (3000-2000 f.Kr.). Op it stuit binne der op it grûngebiet fan de gemeente gjin spoaren út de Brûnstiid en de Izertiid, al wurdt der wol tocht dat der doe bewenning wie.

Yn é 2e en 3e iuw hat der yn it sintrum in Gallo-Romeinske delsetting west. Fynsten fan dakpannen, mealstiennen en ierdewurk en reau bewize dat. Yn 1848 waarden 45 munten fûn, dy't wize nei in mooglik bestean fan in let-Romeinske of Merovingyske delsetting (4e iuw). Troch de ynfallen fan Germaanske stammen binne sokke fynsten út dat tiidrek frij seldsum yn Belgje.

Oarspronklik bestie it gebiet út twa grutte bosken, dy't troch sompen fan inoar skieden wiene. Dat feroare doe't de Sint-Piterabdij fan Gint dêr pleatsen stifte en fan dêrút it gebiet systematysk yn kultuer brocht. Oer in sânrêcht lei de âlde wei fan Kortrijk nei Waregem, de hjoeddeisle Kortrijkse Heerweg en de Hoog- en Waregemstraat. Op dat hegere diel om de wei hinne ûntstie yn de 10e iuw de delsetting Derlike. Yn 1119 hie it plak ek in tsjerke, nei alle gedachten in houten gebou. Yn de twadde helte fan de 12e iuw waard it gebou ferfongen troch in romaanske trijeskippige krústsjerke.

Oant de ein fan de Frânske tiid wiene ferskillende hearen en famyljes eigners fan Deerlijk. De Tachtichjierrige Kriich (1568-1648) besoarge Deerlijk in soad lijen en ellinde. Troch de plonderjende omswalkjende troepen foel de befolking werom en waard it fjild hast net mear bewurke. It Tolvejierrich Bestân fan 1609 makke in weropbou mooglik en nei alle gedachten waard doe de tsjerke lytser makke ta in twaskippich gebou. De Njoggenjierrige Kriich (1688-1697) brocht lykwols wer ûnheil en op 'e nij ferneatigen omswalkjende troepen it gewaaks en de pleatsen.

Under it Eastenrykske bewâld (1715-1792/94) belibbe Deerlijk in tiid fan wolfeart en weropbou. De bloei fan de flaaksyndustry late ta de oprjochting fan ferskate spin- en learskoallen. De tanimmende wolfeart soarge ek foar in tanimmende bouaktiviteit: yn 1755 waard in nije pastory boud en tusken 1774 en 1776 waard ûnder lieding fan de ferneamde arsjitekt Laurent-Benoît Dewez de hjoeddeiske klassisistyske Sint-Kolumbatsjerke boud.

De Frânske Revolúsje en de Frânske besetting fan de kontrijen (1794-1815) brocht in ein oan de feodale rjochten fan de adel. It bestjoer gyng oer op in ried fan boargemaster en wethâlders. Tsjerken en kapellen waarden sletten of krigen in oare funksje. Yn en fuort nei de Nederlânske tiid hie Deerlijk te meitsjen mei konkurrinsje út Ingelân en it ferdwinen fan ôfsetmerken. Dêr kamen noch mislearre rispinge en in tyfusepidemy oer hinne.

Deerlijk 
Deerlijk begjin 20e iuw

Yn 'e twadde helte fan de 19e iuw ferbettere de wurkgelegenheid en de ynfrastruktuer. Sûnt 1892 krige Deerlijk in stasjon oan it spoar fan Kortrijk nei Oudenaarde.

Deerlijk 
Twangarbeiders út Deerlijk yn de Earste Wrâldkriich

Yn de Earste Wrâldkriich namen de Dútsers op 17 oktober 1914 Deerlijk yn. De besetting mei ynkertierde soldaten en in soad regels foar de befolking duorre fjouwer jier. Yn oktober 1916 waarden hûnderten manlju twongen om te wurkjen yn Charleville en Sedan. Skotske en Ierske troepen befrijen lang om let Deerlijk op 20 oktober 1918. Dat lêste stikje kriich feroarsake in soad materiële skea oan it doarp en 78 minsken kamen om it libben.

Yn de jierren 1930 wie Deerlijk in belangrike tekstylgemeente woarn mei in soad weverijen.

Nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich folge op 23 maaie 1940 in nije Dútske besetting. By de ferdigening fan Ingelske troepen waard der op 'e nij in soad skea oan gebouwen en ynfrastruktuer feroarsake. Datselde werhelle him by de befrijing goed fjouwer jier letter op 8 septimber 1944.

Gea

It lânskip fan Deerlijk is licht gloaiend; de hichte fariearret fan sa'n 14 meter yn de Gaverflakte oant hast 50 meter yn it suden yn Sint-Lodewyk. It grutste part fan it gebiet leit tusken 15 en 20 meter. Yn de gemeente lizze ferskillende natuergebieten.

It besjen wurdich

  • De Sint-Kolumbatsjerke (1774) mei in retabel út 1535.
  • De Kapel fan Us Leaffrou "Ter Ruste" (út 1639)
  • De Tsjerke fan Us Leaffrou fan de Unbesmodzge Untfinzenis fan Sint-Lodewijk (fan 1869)
  • De stellingmûne Ter Geest en Te Zande út 1888 is ferneamd nei twa âldere, net mear besteande wynmûnen fan Deerlijk.
  • It Gaverslot (1890)

Museum

Yndieling gemeente

Deerlijk leit op de grins fan de Flaamske sânliemkrite tusken Kortrijk en Waregem. De gemeente hat gjin dielgemeente. By de grutte fúzjeweach fan 1 jannewaris 1977 bleau Deerlijk selstannich. Yn it suden fan it gemeentegebiet leit it grutte buorskip Sint-Lodewijk.

De gemeente wurdt troch de Gaverbeek midstwa snien. It plak Deerlijk leit noardlik fan de stream, it doarp Sint-Lodewijk súdlik.

Nû. Namme Ynwennertal (2022) Kaart
I
 
(II)
Deerlijk
- Deerlijk
- Sint-Lodewijk
12.356 Deerlijk 

Befolkingsferrin

Deerlijk
  • Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris

It âldst bekende befolkingssifer datearret fan 1469. Doe hie Deerlijk 715 ynwenners en 159 huzen. Yn 1815: 4435 ynwenners en 817 huzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Deerlijk


 
West-Flaanderen
Deerlijk 
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem

Tags:

Deerlijk NammeDeerlijk SkiednisDeerlijk It besjen wurdichDeerlijk Yndieling gemeenteDeerlijk BefolkingsferrinDeerlijkBelgjeWest-Flaanderen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Adam en EvaPortegalTurkske toartelNijsMasturbaasjeAsia (pornografysk aktrise)Ynternasjonale Kynologyske FederaasjeEtiopyske kalinderIngelskSjongersSwartnoasklapperiikhoarntsjeRamon (pornografysk akteur)1939J. MacYby PotlatchJ.K. RowlingAnusGeslachtsmienskipMuseum MartenaMullumSkotskAnnejoke SmidsRachel AzianiSteatsfoarmDetroitSasha BeartMya NicholePanamaEigenskipswurdOarlochFriesSensual Jane24 april4 novimberLexxxi LockhartAeolus SeisbierrumPake en beppeNegevBedriging (misdriuw)EeldeKatAld Selskip25e iuw8 febrewaris11 septimberPsychologyEkwadorTruus Postma8 junyGriken20e iuwGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2004Rocco SiffrediTel AvivNoardhoekskNeakenfotografyAtletyk op de Olympyske Simmerspullen 199619801951ProaiVanessa Pride🡆 More