Wielsbeke

Wielsbeke is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen.

De gemeente hat likernôch 10.000 ynwenners.

Wielsbeke
Kastiel Hernieuwenburg (gemeente)
Kastiel Hernieuwenburg (gemeente)
Emblemen
Wielsbeke               Wielsbeke
Polityk
Lân Wielsbeke Belgje
gewest Wielsbeke Flaanderen
provinsje Wielsbeke West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 9.846 (2022)
Oerflak 21,92 km²
Befolkingsticht. 449 ynw./km²
Oar
Postkoade 8710
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 54' N 3° 22' E
Lokaasje Wielsbeke yn it arrondissemint Tielt yn 'e provinsje West-Flaanderen
Lokaasje Wielsbeke yn it arrondissemint Tielt yn 'e provinsje West-Flaanderen
Offisjele webside
wielsbeke.be

Skiednis

Fynsten út de jierren 1970 en út 2005 lykas stiennen bilen en soks wize op neolityske bewenning yn it gebiet. Ek binne spoaren fan bewenning fûn fan om it begjin fan 'e jiertelling hinne en út de hege midsiuwen (10e-12e iuw).

Wielsbeke waard yn 1075 foar it earst skriftlik as Wilesbecke neamd. De wichtichste hearlikheid wie Ter Broucke en de hearen wennen yn it kastiel dat letter Kasteel Hernieuwenburg neamd wurde soe.

Yn 'e 18e iuw ûntstie de flaaksyndustry en de ferwurking dêrfan. Wielsbeke telde yn 1739 106 wevers teld.

Yn 1885 lieten de 'Susters fan Us Leaffrou fan de Sân Bertefleagen' út Ruiselede in kleaster bouwe yn Wielsbeke. Hja wiene aktyf yn it ûnderwiis en de fersoarging fan wezen en de âlderein.

It besjen wurdich

  • It neoklassisistyske hjoeddeiske slot "Ten Broucke" waard om 1870 troch de aadlike famylje van der Bruggen boud. Sûnt 1935 feroare de eigner dy't it de namme Hernieuwenburg joech. Yn 1964 kocht de gemeente it domein fan 10 ha dêr it gemeentehûs yn ûnder te bringen.
  • De 19e-iuwske Sint-Laurentiustsjerke fan Wielsbeke baarnde yn 1940 ôf en waard yn 1953-1955 likernôch 600 meter noardliker wer opboud. De plannen wiene fan de arsjitekt L. De Meye út Kortrijk. It yngongsportaal en timpaan fan de âlde tsjerke bleaune bewarre bleaun en waarden yn in kapel op it begraafplak yntegreare.
  • De Sint-Bavo fan Sint-Baafs-Vijve is in tsjerke út de 12e iuw, dy't yn de jierren 1910-1920 yn 'e oarspronklike romaanske styl werom boud waard.
  • De Sint-Briksiustsjerke fan Ooigem is in 13e-iuwske tsjerke mei lettere feroarings. It kastiel fan Ooigem waard yn 1559 ta in slot ferboud en yn 'e rin fan de tiid faak ferboud. Foar it slot stiet in skandpeal en der is ek in dowetille te sjen.

Gea

Wielsbeke leit yn de delling fan de Leie en foar in part yn it Heechlân fan Hulste. It lân leit 10 oant 16 meter heech. Op de grins mei Sint-Baafs-Vijve is noch in âlde rivierbocht fan de yn 1974 rjochtlutsen Leie.

Yndieling gemeente

Njonken Wielsbeke sels bestiet de gemeente ek út de dielgemeenten Ooigem en Sint-Baafs-Vijve. Lykas Wielsbeke lizze dy op de lofter kant fan de Leie. Ooigem leit wat mear de stream op en wurdt fan Wielsbeke skieden troch it kanaal Roeselare-Leie. Sint-Baafs-Vijve leit krekt wat fierder fan Wielsbeke de stream ôf.

Nû. Namme Oerflak
(km²)
Ynwennertal (2021) Kaart
I Wielsbeke 8,38 3.940 Wielsbeke 
II Ooigem 4,56 3.480
III Sint-Baafs-Vijve 8,57 2.417

Befolkingsferrin gemeente

Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.

Wielsbeke
  • Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Wielsbeke


 
West-Flaanderen
Wielsbeke 
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem

Tags:

Wielsbeke SkiednisWielsbeke It besjen wurdichWielsbeke Yndieling gemeenteWielsbeke Befolkingsferrin gemeenteWielsbekeBelgjeWest-Flaanderen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Minsklik lichemKonettikutProvinsjes fan NederlânFryskItaaljeJ.R. CarringtonBluesMarijn KuipersCowgirlhâldingDouglas C-47 SkytrainEkwatoriaal-GuineeSwedenLeppelbekSean LawlessAhmed AboutalebMeet Me in St. Louis (film út 1944)AztekenPakeSkriuwerMegan SalinasNoardwestgermaanske talenPolitykFloaridaBrazilian waxApplikaasjeMaserati XXXGolfstreamHannelEastlike greidwrotmûsTaalMicrosoftMagintaGeslachtsmienskipAnale seksSiren ThornAustraalje (lân)GlamourfotografyLockheed C-5 GalaxyLuna CorazónHarry Potter en de Stien fan 'e WizenKâlde KriichGrut-BrittanjeRienk AlberdaAfantasyNatuerkunde88 f.Kr.Frysktalige Wikipedy8 maartUniversiteit fan Yale2010Lytse leppelbekAmerican Music AwardJake SteedKommissaris fan de Kening1913AmsterdamPornoaktriseEadweard MuybridgeKeninkryk fan de NederlannenCarles PuigdemontMoanne (tiid)RepublykMissoery (steat)NijverdalHillige Roomske RykAda SanchezMasturbaasje🡆 More